tag:blogger.com,1999:blog-60810698480028079192024-03-05T03:52:13.505-08:00Prakkesear in kearMartsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.comBlogger107125tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-66177529678622239812016-08-09T11:18:00.003-07:002016-08-09T11:31:52.537-07:00'Nei hûs'!'Yuri van Gelder naar huis gestuurd'
Dat wie it earste dat ik fannemoarn seach op teletekst.
De kiel siet my ticht, it pikefel op 'e earms en in slach yn 'e mage. 'Wêrom no?'
It berjocht wie koart en helder: hy hie him nei syn kwalifikaasje foar de finale efkes gean litten bûten it Olympyske doarp. En drank hant.
No wit ik net wat de regels binne, mar de Chef de Mission wie ûnferbidlik. Nei hûs.
Eins koe ik wol janke. Want dit is ferskuorrend foar dy jonge. Moast dit no sa? Se wisten wa 't se mei hiene. Se kenne syn ferline, syn swakte, mar dochs ek syn krêft?
Dizze topturner dy 't jierren lyn al nei de Spelen soe, mar troch Nederlân net ôffurdige waard, om 't sulver op 'e Wrâldkampioenskippen net genôch wie. Dy 't Wrâldkampioen waard en himsels ferlear oan drugs, mar dy 't weromknokte. En werom foel. En wer werom knokte.
Dy 't noch altyd by de bêste ringturners fan 'e wrâld heart. Dy 't no eindelik op dy Olympyske Spelen stie en him kwalifisearre foar de finale. Dwers tsjin de sjuery yn, dy 't him noch altyd in pear tsienden minder jout, om 't se witte fan syn ferline.
Fansels, der binne regels en hy hat him dêr net oan hâlden. Dom. Mar moatte jo dizze jonge dan as in hûn werom stjoere? Wie der mear bard? Of woenen se mei alle geweld in statement meitsje? Om mar sjen te litten hoe geweldich as wy Nederlanners binne? Unberisplik? Unfeilber? Hy hie noch in grouwe wike oan 'e finale ta. Wêrom mocht hy himsels net efkes ferjitte? De ûntlading, de blidens, mar ek de druk fan 'e finale, it waard him blykber efkes te folle en dus makke er in flater. Hoe slim is soks?
It feit leit der. Wylst algemien bekend is dat it Olympyske Doarp folle slimmer is as dat Sodom en Gomorra ea west ha. De kapokjes wurde by famyljeferpakkings tagelyk oanrukt. En se geane ek op. En hy socht syn heil bûten dat doarp. Kaam te let thús. No en? Dan hie er mar in dei min op 'e hûd west. Mooglik hie er it noadich? Mar nee, de Sjef de Mission sei 'fertrekke' en de Lord of the Rings droste ôf. As in sleine hûn mei de sturt tusken de poaten. It hat sûnder twifel syn lêste keuntske west. Dizze iepenlike fernedering hat er net fertsjinne. Ek net as er fout west hie. Hie him turne litten en it stil hâlden. Hie him yn syn wearde litten. It is wat mei it smiten fan in earste stien en sa. Dizze wie goed rekke. Ik gok de knock-out en it begruttet my ta de teannen út.
Ik leau trouwes fêst dat se dêr wol sa folle bûter op 'e holle ha dat se him net nei hûs stjoerd hienen as de mannen har pleatst hienen foar de finale foar lanneteams. Of as Yuri in absolute kânshawwer west hie foar de titel, mar dat siet der mei al dy foaroardielen dochs net yn.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com2tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-44461774842446518132016-06-15T09:19:00.000-07:002016-06-15T09:19:08.466-07:00Tongerfûst, wêr bist?De ôfrûne tiid is de Fryske taal wakker yn it nijs. Alderhearlikst fergnjidde troch oerjierrige en oerhuorrige ynstituten wêrfan 't ik lang noch it heil ferwachte. En ja, se ha my it ljocht sjen litten.
Ik wol net langer lilk wêze op de FNP, dy 't it Frysk gjin needsaak mear fynt, om 't se benaud binne as taalpartij te boek te stean, ynstee fan as politike partij. Ek net op de LC, dy 't mei Asing Walthaus in skriuwer yn hûs hat dy 't wol aardich tûk is yn it ôfbrekken fan ús taal. Alhiel net op de Fryske Akademy, dy 't mar al te graach út de mûlen fan net-Frysktalige ynklauwers optekenje lit dat it Frysk as skreaune taal sa goed as dea is en dat wy dat foaral ek net ûntstride en bestride moatte, it is ommers wrâlds berin. Sels net op ien as Jan Ybema dy 't de taal kneuterich fynt en de literatuer net goed genôch, of Goasse Brouwer, dy 't it net langer slim fynt dat tiidwurden yn syn boeken omdraaid wurde en hollanismen de boppetoan fiere. Wol nee. Ik sis TANK. TIGE, TIGE TANK.
Jim ha my wekker skodde. De Fryske taal is yndie net holpen mei ronfelige liken dy 't in miening ha en dy 't de oerheid ferantwurdlik hâlde wolle.
It Frysk is holpen by de jongerein, dy 't Frysk praat en skriuwt. Frysk is seksy. Frysk is machtich. Al dy bern, jou se in himd of oerstrûper mei de tekst 'Praat Frysk of stjêr ôf'. Lit dy âlde stofnêsten thús en gean de boer op, jongerein. Bolderje, tongerje, rop en raas yn ús eigen taal. Baldr's Draumar berikt mear as Johannes Kramer. Jou ús Fryske eksportprodukten in bosk fearren yn 'e broek. Hatsé! Frysk, blinder. As der in muzykfestival is, set Frysktalige bands del. En dan net fan dat sieddeadzjende gejammer yn mineur en senioaretempo, mar dek der op!
Lit dy net yn it Nederlânsk sitearje, mar stean op Frysk. By need mei ûndertiteling. Set Fredrik The Great yn as boechbyld: sá moai is in Fries. Wês grutsk om in Fries te wêzen. Dy 't grutsk is dat er in Fries is, sil de taal omearmje. Dat is de krekte folchoarder, net oarsom. Stap út dat Calimero-pakje en brûs der yn. En lit dy ôfskreaune grynders mar stil yn har eigen fet besmoare.
It Frysk hat ferlet fan in knappe demagooch, ek al leit sa 'n wurd faaks wat gefoelich. 'Die Fahne hoch...', dat ydee. Frysk bloed tsjoch op. Omearme by need ús heidenske ferline. Tongerfûst, wêr bist?Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com3tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-85901148733099287562016-05-07T12:42:00.001-07:002016-05-07T12:44:39.188-07:00Trije ferburgen húskesHjoed wie ik yn it âlde doarp. Der wie in keunstrûte yn 'e buorren en bûtenút. 'Kunst achter de dijken', sizze se der hjoeddedei. En dan moat ik noch bliid wêze dat it Nederlânsk is en gjin Ingelsk, sa as oars rûnom moade is. In soarte fan Kultureel Haaddoarp 2016, mar dan sa as it eins wol bedoeld is. Mei pleatslike keunstners, en dy binne der yn Penjum in hiel soad, dy 't prachtige dingen meitsje. Moaie foto's en skilderijen, bylden, sieraden, films, teatrale projekten, muzyk... En dan net fan it kaliber 'huisnijverheid', mar écht keunst. It wie dan ek smoardrok op it doarp. Net in soad minsken troffen dy 't it Frysk machtich wienen, blykber lûkt keunst gjin Fryske Friezen.
It wie dus in hiele aardichheid, dêr yn Penjum. En dochs...it âlde pakje klean dat my altyd sa noflik siet is wei wurden en it nije sit my net goed. It âlde thús makke my wat mankelyk. De bûtenkant is noch as fanâlds. Ik ken se noch, de hoekjes en gatsjes dêr 't wy fersideplakje boarten. De boskjes, grut en spannend yn myn berne-eagen, lyts en suterich. De steechjes in stik minder breed, de tsjerke noch kealer as yn myn ûnthâld. Sa fielde it âlde doarp fannemiddei: in te rom sittend pak mei glimmerkes, mar te deun om de lea te fersoargjen. It fel ronfelich, de bonken fermôge. De âlde yngewanden ferfongen troch transplantaten. Fremdkörper yn in fertroude wrâld. Wat wie ik bliid dat ik de famkes in trijetal húskes sjen litte koe dy 't allinnich fûn wurde wolle troch harren dy 't har it doarp eigen makke ha. Dêr 't de measten it bestean net fan witte, ek al wenje se noch sa lang yn Penjum. Dat ik myn jongste nei it húske gean liet yn it skûltsjerkje, wylst de minsken dy 't der wienen gjin idee hienen fan it bestean derfan. Dochs noch wat dat noch in bytsje fan mysels wie.
Och, je bliuwe Penjumer...Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-33681598526285366812016-02-06T11:01:00.001-08:002016-02-06T11:03:02.083-08:00De baas yn 'e hûsJusterjûn in tige nijsgjirrige jûn hân by de Kristlike Fryske Krite 'Karel Roarda' yn Bitgum. Yn 'Ons Huis' om krekt te wêzen. By sutelders wol bekend. Feitlik stiet dat gebou yn Bitgummerútbuorren, mar dêr wol ik it net oer ha. Sy hoege dêr op 't lêst ek net alles.
De skriuwer Willem Schoorstra wie dêr, dat soks lit ik my net ûntkomme. Hy hâlde in lêzing oer syn skriuwerij. Doe 't ik der ynkaam earst efkes nodzje fansels. Immen út it omsittend laach frege my krekt wat letter oft ik 'dy Schoorstra' koe. Ik sei "nee, mar it wie hjir de ienige dy 't noch in bytsje by myn leeftyd past, dat ik tocht 'tapakke, blinder". Ligerij fansels, dat hie de man ek wol yn 'e rekken.
It foldie ús mar knap. Willem fertelde fan hoe 't syn leafde foar de skreaune taal oanwakkere wie troch in skatkiste mei boeken ûnder in lyts souderrútsje. Ek dat it by skriuwen fan oanhâlden komme moat. Trochsette. Dei yn dei út derfoar sitten gean, al silst ek mar in pear rigels op papier sette. En je net ferkatse litte. Immen frege him ferheard hoe 't it dan moast at de frou te boadskipjen woe, of it iten ree hie. 'Dat giet oer, dan is de skriuwer baas'. Guon froulju hienen it hier suver wat yn 'e boarstel, al seinen se neat. De manlju hienen in bêste jûn. Ik tink dat der yn Bitgum gau in stik as tsien-fyftjin debútromans skreaun wurde skylk.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-59309540423155469532015-09-25T14:30:00.001-07:002015-09-25T14:41:49.844-07:00Bøn - BeaSoms lêze je in gedicht dat sá moai is, dat je it mei elk diele wolle. Om 't net elk it (Nij)Noarsk machtich is, ha ik it oerset.

Bøn

Kom stilla, kom einsemd,

kom stilla, kom einsemd.

Gøym meg i din favn

og lat min tanke klårleik finna.

Mitt hjatre blør av ukjent svar,

av alt på jord,

Kva er det du vil vinna?

Kom stilla.

Kom stilla, kom einsemd,

kom stilla, kom einsemd.

Gjev meg din milde dåp

så kvar ein nervelstreng

ljødlaust kan dirre.

Gjev meg ei von,

ein framtidsdraum,

og ikkje augo ut i tomrom stirre.

Kom stilla.

(Ludvig Søfting)

Bea

Kom stillens, kom iensumens,

kom stillens, kom iensumens.

Bergje my yn dyn skerte

En lit myn tinzen klearens fine.

Sykjend om antwurd bliedt my it herte

Fan alles op ierde

Wat winst is dinent?

Kom stillens.

Kom stillens, kom iensumens,

Kom stillens, kom iensumens.

Jou my dyn mylde doop

Sa dat eltse senuw

lûdleas my trillet.

Jou my de hope,

in takomstdream,

En myn each stoarret net yn legens fersille

Kom stillens.

(Martsje de Jong)Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-35115408656531905722015-09-21T09:42:00.003-07:002015-09-21T09:48:27.491-07:00Gemeente hoe?Der moat hjir yn ús hoeke in nije namme komme foar in nij te foarmjen gemeente. Dat wisten jim fansels al. Trije-en-in-heale âlde gemeente wurde mei elkoar ien prachtige, effisjinte, boargerfreonlike klute grûn. Frjentsjerteradiel, mei de metropoal Frjentsjer. Menameradiel, It Bildt en, hoe logysk, oan 'e oare kant fan 'e grutte dyk, dêr 't jo omtrint net mear komme kinne hjirwei, noch in hoekje Littenseradiel. Hawar, dêr is genôch oer seurd wurden.

No binne der in tal grutte tinkers oer gear west om in nije namme te betinken. Peinzeradiel, sa 't Bertus Postma sei, koe it net wurde fansels, dêr is net iens searieus nei sjoen.

Trije nammen rûgelen der út de koker fan de hearen. Waadhoeke, Nij-Westergo en Franeker. Se ha der in moaie slompe jild mei hinne gean litten. Der ha al ytlike lju wat sein fan dy nammen. Taalkundige floppen binne it. Histoaryske miskleunen. Geografyske misslaggen.

No ha alle ynwenners fan de trije-en-heale gemeente in kaartsje troch de doar krigen om de foarkar foar ien fan dy trije oan te jaan. De FNP gong noch in stap fierder: by de Agraryske Dagen yn Frjentsjer ha se de lju mar ris persoanlik hifke. De útslach wie sa helder as glês: Waadhoeke wie de grutte winner.

Waadhoeke? Finaal belachelike namme, mei allinnich it Bildt dat wat mei it waad te krijen hat. Ik bedoel: Frjentsjer? Kwalik. Menaam? Ek net. Littenseradiel? Al hielendal net. Waadhoeke soe passe by Ferwerderadiel en Dongeradiel en Harns. Nij Westergo is gjin fleis en gjin fisk. En histoarysk sjoen ek net alte alte. Franeker? Unsin fansels, dat kin net en al hielendál net yn it Hollânsk.

Barradiel hie werom kinnen. Nij Barradiel by need. Mar dan gripe je werom op eat dat west hat. Boppedat ha Menameradiel en Littenseradiel dêr neat mei. Sykje dan wat dat de fjouwer gemeenten bynt. Klaai. Mar dat heart hast noch stiver as dat it folk hjir oer it generaal is. Dêr komt by, de klaai hjir is fruchtber en dat ferwachtsje ik eins net fan it nije fúzjemeunster.

Wat bynt se mear? Keatsen. Och hea. Dat ik dêr net oan tocht ha. Gemeente De Stuit. Past ek alhiel by it tal opslachmissers dat ik ferwachtsje. Boppedat kinne alle trije talen dêr har gerak mei krije. Hienen se my no drékt mar frege....Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-72757494871139153262015-06-10T00:48:00.000-07:002015-06-10T00:52:07.632-07:00Nei it einepikefel no de triennenIn pear jier lyn skriuwde ik in kollum foar de knkb-webside. 'Einepikefel' neamde ik dy. It gong oer dy iene Kening Keatser (mei in grutte K) dy 't werom kaam. It begong mei in foarsichtich optreden yn de twadde klasse. Wol mei de krânse nei hûs fansels.

Dy iene krânse waard folge troch in kompleet blommesintrum. Twadde klasse waard earste klasse. En doe gong it oan. Want it súkses waard te moai en te grut om wier te wêzen. Dus moast der wat fûn wurde om him te stopjen. It wie gau helder: ien op oardel poat, dy 't jierren stil stien hie, koe net goed genôch wêze om prizen te pakken op in heger nivo as by it ledekeatsen. Hy kaam werom op de PC. Keatste de finale. Koe net en mocht net. Mar it barde al. De sympaty sloech om yn ôfgeunst.

Wilens pakte Cornelis yn alle iepenbierheid syn âlde striid wer op; elk moast itselde materiaal ha om mei te keatsen. Guon wanten fan guon keatsers wienen hurder as oare wanten fan oare keatsers. En sa kaam de epoxy yn iepenbierheid. Mei de klam op dat lêste: want it wie der fansels al lang. Jim tochten dochs net dat Reinder de wanten mei in prittstift yn elkoar kwispele?

It ferfolch kin ik koart oer wêze. Cornelis wie de lul, Reinder de cherubyn. De striid hat noch al efkes duorre, mar de ein lei fêst: de Kening Keatser moast pipele wurde. Mei it keatsbûn foarop en binde jankende wolven der efteroan. Jim ha jim sin.

Mei it stopjen fan Cornelis Terpstra steane my de triennen neier as it laitsjen. Fierder kin no by in grut part fan de keatsleafhawwers de krokodilletriennen mar streame en it och en wee roppen mar begjinne. Want och och, wat fynt elk it slim. Absolút.

Dochs hâld ik hoop op gerjochtichheid. It artikel dat ik skreau oer de want en alles wat der al en net yn siet, mocht net pleatst wurde. Jim sille der faaks net bot erch yn ha, mar de media ha swijd yn alle talen, oant it momint dat se Cornelis swart meitsje koenen. Doe doarden se wol. Ik kom net wer by it keatsen. Dêr sil net in minske wekker fan lizze, mar dochs. De wierheid sil oan it ljocht komme. Hurder en net te wjerlizzen. Ik hoopje dat dy hiele klyk dan mei in bloedgong fan syn fuotstik falt. Dan komt hjir de flage út.

Cornelis!Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-7612852280772105812015-04-27T09:06:00.002-07:002015-04-27T09:06:40.425-07:00TopdeiWat rûn it ús tin troch de broek, de ôfrûne dagen. 'Druilerig en koud', wie ien fan de foarsizzings foar hjoed. Gelokkich koe Piet it tij keare: sneon makke hy der al fan dat it fannemoarn lykwols wat reinerich wêze soe en ek wat wynderich, mar fannemiddei soe it opknappe. 'Blikstiender', tochten wy fan Brassband Looft den Heer. 'Dêr giet ús omset'. Want it wie hjoed rommelmerk. Fannemoarn earst yn optocht mei de bern op fersierde fytskes, skelters en skeelers troch de trije doarpen en fannemiddei nei de loads. In jier lang hat Libbe sa links en rjochts huzen leechhelle en alle brûkbere guod stie útstald yn 'e loads fan Tsjisse. Foar de lêste kear. Der wie foar fermogen Janburgers en bier ynslein foar it terras. Mar fergemy, dy waarfoarsizzings.

Gelokkich hienen wy it gelok wer oan 'e kont hingjen. De hiele dei hat de sinne foar master opslein en it terras waard, mei de loads as wynbrekker, in absolute toplokaasje. De ekstra truien en festen koenen út, it wie suver smout.

Koartsein: wy ha wer in topdei hant. Benijd wêr 't wy takom jier sitte...Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-11805140607775000642014-07-30T02:21:00.000-07:002014-07-30T02:21:23.860-07:00Einepikefel - nochrisTrije jier lyn skreau ik ûndersteande kollum foar de webside fan de knkb. Ik bin net in minske fan helden en ferearing, mar doe 't Hy werom kaam, feroare dat. Doe hie ik it einepikefel tsjûk op 'e earms. Hjoed wer. Ik sit thús en byt my gatten yn 'e hûd foar de radio. Aanst nei Ljouwert. Efkes wat oars oan 'e kop. Mar yn 'e efterholle mar ien ding: baarn, Cornelis, brûs, bûts en slaan ta!

Einepikefel (skreaun 9 maaie 2011)<o:p></o:p>

Guon dagen moast
in minske harsels opsplitse kinne. De iene helte by de baas op it bedriuw, de
oare helte by it keatsen. Ik wurkje ien wykein yn’e moanne en dit wykein wie ik
wer yn’e prizen. Meastentiids lis ik dêr net wekker fan. Ik kin dan net nei it
keatsen, mar och, mei dy yntreeprizen fan tsjintwurdich bliuw ik wol gauris
thús. Twa kear yn it wykein in euro as tsien deltelle en der binne wer 20
euro’s op stap. En dan ha’k noch net iens kofje hant. Mar affijn, snein dus
net, want ik moast wurkje. <o:p></o:p>

Ik miende ek net
dat der folle te rêden wie: haadklasse yn Frjentsjer, de earste frije formaasje
fan dit jier, mar meastentiids gjin grut spektakel, dat ik hie alhiel gjin
hertsear. Mar dat wie sneintemoarn om acht oere. It wie mar justjes twa oeren
letter, dat ik dêr al hiel oars oer tocht. Ik krige in sms-ke: “ferskil moat
der bliuwe, mar dit ferskil is wol hiel grut. Achteruit, achteruit, achteruit”.
Kriptysk, ik jou it ta, mar by my giene alle alarmbellen fuortynienen ôf.
Bliksem, hjoed keatst Er wer. Foar it earst op in wedstryd sûnt septimber 2006.
Dy iene, jonge, Kening Keatser (mei grutte letters). Dy iene, dy’t, nei’t ik
destiids miende, De Brand nei de kroan stekke koe. Hy stie der wer. Yn Menaam,
by de senioaren frije formaasje. Kelderdivysje foar ien mei syn prizekast,
topnivo foar ien mei syn eftergrûn. Hy keatste. En ik wie oan it wurk. <o:p></o:p>

Ik wist wol dat
er meidwaan soe, mar ik ferwachte der net folle fan. Ek al wist ik, dat er
allinnich meidwaan soe, as er goed genôch wie om te winnen. Mar dochs, sa’n
rare blessuere en dan wer keatse? Nee, ik hie der net folle fidúsje yn. <o:p></o:p>

Mar dêr wie dat
sms-ke. “Achteruit!” Dat iene wurd dindere fan myn tillefoanskermke ôf. Net
folle letter wer in berjochtsje: “tsjinstanner skelt: dit is net normaal, dy smearlap is noch gewoan haadklasser.”<o:p></o:p>

It iene sms-ke nei it oare komt binnen. Ik lês
hoe’t hy de iene nei de oare bal oer de boppe reaget. Ik lês hoe’t hy mei syn
maten de earste omloop wint. Dan lês ik dat er yn’e twadde omloop ek noch
opslaan sil. Dát berjocht lês ik twa kear. Ópslaan? De peut sil nei ien omloop
dochs wol op wêze? Hy hat ommers omtrint fiif jier stil stien? It einepikefel
strûpt my oan’e skouders ta. Ik flok súntsjes, mar fei ek temûk by de eagen
lâns. Hjir hie ik by wêze wollen. Ik hie dit sjen wollen, belibje wollen. Wér
in berjocht: no slacht er foar bêst op. En wer in pear partijen mei mar ien
tsjinearst ôfraffele. Wilens flean ik grammitich mei de taksi troch Harns.
Wurkje op dizze histoaryske dei, hoe bestiet it.<o:p></o:p>

Ein fan’e middei in
lêste berjocht: “kinst dy deljaan hear, hy stiet yn’e krânse.” <o:p></o:p>

Ik ha it net
sjoen, allinnich mar lêzen op myn mobyltsje. Der wiene mar in hantsjefol
minsken. Wisten se wat der geande wie, of meitsje ik de mythe yn myn holle
folle grutter as dat er ea wêze kin? <o:p></o:p>

Ik jou my del.
Sil wol moatte, ik kin der dochs net mear hinne, soe sels noch te let komme
foar de priisútrikking. Mar och, it wie ommers mar senioaren frije formaasje?
Yn wêzen stelt it gjin hout foar, dochs? Mar hy, dy iene, âld Kening Keatser,
wie der by. Hy woe witte, wêr’t er stie. No wit er it. Hy kin it noch en hy is
noch gjin tritich. Cornelis Terpstra. Soe er….?<o:p></o:p>

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-38354623363276147902014-07-23T00:59:00.000-07:002014-07-23T00:59:11.802-07:00In wike letterHjoed in dei fan nasjonale rou, is juster besletten. Ik meitsje my der grif net populêr mei, mar om my hie it net hoechd. Symboalpolityk, neame se soks tsjintwurdich.

Dat wol net sizze dat ik net meilibje mei de neibesteanden fan de slachtoffers. Dat doch ik wol, mar op skaal, want ik ken net ien fan de slachtoffers. Ik ken ek net ien fan de neibesteanden, dus fyn ik it dreech om dêr om te rouwen.

As ik hjoed rouwe soe, om wat ferline wike barde, dan soe dat wêze om de sitewaasje yn it meast eastlike part fan Europa. Om it domme feit dat Poetin sa benaud is dat de Oekraïne by de EU komt, dat er se ûnder de kwint hâldt troch saneamde 'pro-Russyske rebellen' wat te stypjen mei oarlochsark. Dat is fansels net sa, dat tinke wy mar, want Poetin seit dat it net sa is. Poetin wit wol better, mar de wiere gong fan saken komme wy net efter.

As ik hjoed rouwe soe, om wat ferline wike barde, dan soe dat wêze om de sitewaasje yn de Gaza-strook. Dêr moardzje folken elkoar út, omt se it net iens wurde kinne oer in hoekje grûn. De iene wol der graach wenje, der is har ea in eigen steat tasein, it oare folk mient dat er 'útsocht is troch God' en dus it rjocht hat om yn de namme fan dyselde God it oare folk dea te dwaan. Dat dat no net drekt sa 'Godlik' is, dat sljochtsje se foar it gemak mar efkes oer.

As ik hjoed rouwe soe om wat ferline wike barde, dan soe dat wêze om de sitewaasje yn Syrië wêr 't minsken elkoar ûnder it mom fan 'Jihad' de dea ynjeie. Om de folksstammen yn Nigeria dy 't ferkrêfte en útmoarde wurde troch Boko Haram. Om de lytse berntsjes yn earme lannen dy 't óf wurkje moatte yn in fabryk, óf as slaaf ferkocht wurde, óf beide. Dy 't misbrûkt wurde troch grutte mannen dy 't har lul net baas kinne en har ferstân noch folle minder. Om flechtlingen oer de hiele wrâld, dy 't alles efterlitte moasten om 't se gjin feilicht thús hawwe.

Om soks soe ik in flage healstôk ha wolle. En dat it sa útsprutsen is en sa bedoeld.

Net omdat Rutte ûnder druk fan soasjale media en grutte bekken wêr dan ek mar wei úteinlik beslút dat it mar heve moat. In wike letter.

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com2tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-35111888958132713522014-06-23T02:57:00.002-07:002014-06-23T02:57:42.927-07:00Fryske Narren lit muzikale mienskip stikkeÔfrûne wykein hienen wy konsert mei Orkest Fryslân. Klassike muzyk. Geweldich om mei te meitsjen en ek in feest om ûnderdiel te wêzen fan sa 'n orkest. De wike dêrfoar in like bysûnder Heitedeikonsert mei ús pleatslike Brassband Looft den Heer. Ik meitsje muzyk en bin der grutsk op. Kin my gjin libben sûnder muzyk yntinke.

En amper neidat ik grutsk in foto fan Orkest Fryslân op myn facebookside delset hie, lês ik dat de nije gemeente De Fryske Marren alle friksjekosten ferhelje sil op kultuer. De korpsen kinne it dus ferjitte. In inktswarte dei foar de muzykferienings. Wêrom? Wa leit my út wêrom as bestjoerders net it nut en foaral ek de needsaak ynsjogge fan muzyk meitsjen? Ha se dêr wol yn 'e gaten dat muzyk in earste libbensferlet is fan elk? Dat muzyk in part fan de opfieding heart te wêzen, lykas taal, rekkenjen en 550 citotoetsen yn it basisûnderwiis dat ek binne? Dat minsken dy 't muzyk meitsje har uterje kinne? Dat se emoasjes kwyt kinne yn 'e muzyk? Dat se mei har ynstrumint prate kinne, dingen sizze kinne dy 't se mei wurden faaks net witte? En dat it ek gewoan in prachtich, gesellich soasjaal barren is, sa 'n korps? Dat bern yn in jeugdkorps mear as wêr dan ek leare mei elkoar gear te wurkjen, letterlik ear en each foar in oar te hawwen? Dat it mei muzyk noch better wol as mei bygelyks fuotbal, omdat je it resultaat drekt hearre, wylst je wol prachtich fuotbalje kinne, mar as je ferlieze dan beseffe je dat net? Dat muzyk meitsjen yn in orkest, in korps of in band betsjut dat je mei elkoar wat prachtichs delsette, dêr 't ek oare minsken fan genietsje? Dat de wearde dus eins net yn sinten út te drukken is, mar dat dy aaklike, jildfrettende, prestaasjegeile rotpolitisy fan tsjintwurdich allinnich mar hurde euro's sjen wolle? Hat dat folk net yn 'e gaten dat immen mei in hobby dêr 't er hiel gelokkich yn is, minder op 'e dyk om sweeft en minder rottichheid úthellet?

Soenen de leden fan de dupearre korpsen fan de gemeente De Fryske Narren asjeblyft de dyk opgean wolle, by dei en by nacht en lytse kriminele aktiviteitsjes ûntploaie wolle om 't se har muzikale aai net mear kwyt kinne? Sadat it De Fryske Narren klauwen fol sinten kostet om se yn it gareel te hâlden?

En dit, leave minsken, wie de earste noch mar fan alle Megagemeenten. De fúzjes geane troch en der moatte hieltyd mear gatten stoppe wurde. Ús moaie Fryslân, dat sa fûleindich op it fel fan de Kulturele Haadstêdtromme slacht, klaait by de efterdoar syn lytse doarpsferienings út. Och ja, dy Mienskip...Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-41767428305206951932014-04-22T08:08:00.001-07:002014-04-22T08:08:35.374-07:00Alde hannen

En syn hannen, se witte

net fan Drees, sitte

al tachtich jier yn 't fak, beiteljend,

skaavjend, alle ûnrjocht en splinters

út it hout en út it ûnthâld

dat frommeske dat se niiskrekt ferivige

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-56130068060405143252014-04-20T12:52:00.001-07:002014-04-20T12:52:23.388-07:00'Wat binne jou lief, komme je oek es weer?'Hjoed brocht ik har 'op'. Sa sei se it. 'Jou brenge mij op, ik wil hier niet slape'.

Krapoan fiif menuten earder hie ik har by har dochter ophelle. WMO-ferfier: koarte ôfstannen yn 'e taksi, foar mar in hiel lyts bytsje sinten. In prachtige mooglikheid foar in hiel soad minsken om nochris efter de geraniums of, yn it gefal fan dizze frou, de sletten doarren wei te kommen.

Se skriemde. Omdat se har dochter loslistte moast, dy 't efter bliuwde.

Omdat se by in wyld frjemd frommes yn 'e auto stapte.

Omdat ik har út 'e auto holp op in plak dat har folslein ûnbekend wie.

'Waar binne we hier'?

'By de Batting, mefrou, hjir soe ik jo ommers hinne bringe'.

'Wat mut ik hier dan?'

'Jo sliepe hjir fannacht en moarnier helje wy jo wer op'.

'Mut ik hier dan slape? Dat wil ik niet'.

'Ja, jo soenen hjir fannacht sliepe en dan moarnier helje wy jo wer op'.

'Gaan ik dan naar huus'?

'Jawis. Jim soenen mei elkoar ommers Peaske fiere en aaien ite'.

Se lit har meitroaie út 'e auto en nei de yngong fan it ferpleechhûs. Se begjint opnij te skriemen en hâldt my stiif by de earm.

'Nou hef ik niet teugen moeke seit dat ik furt bin. Straks is se ongerust en dan krij ik straf'.

'Nee hear, jo mem hat jo ommers niiskrekt noch útswaaid, dy wit dat jo te útfanhúzjen binne'.

Wy rinne de automatyske doarren troch. De slús troch. Noch in stel automatyske doarren troch. Dan binne wy by de baly. Ik wit net wêr 't myn klant yn it gebou wêze moat, mar ha wol foar it snotsje dat ik har net kuierje litte kin, dat ik sjit it frommeske efter de resepsje oan. Se jout my in ôfdielingsnamme, in keamernûmer en in koade foar de doarren fan de sletten ôfdieling. Mefrou is der noch net gerêst op.

'Is alles wel goed regeld?' freget se oan it frommeske fan de resepsje. Dy kin har gelokkich fertelle dat der al hielendal op har rekkene is en dat se niiskrekt it bêd opmakke ha. Ik knypeagje tankber. Gelokkich, dy hindernis ha wy hant.

Mei it wyfke noch altyd stiif yn 'e earm begjin ik oan in lange tocht troch it ferpleechhûs, Doarren troch, gong troch, lift yn, ferdjipping omheech, lift út, doarren troch, gong troch, koade ynfiere en troch sletten doarren, noch in gong, noch in koade, noch in gong en ja, wy binne der. In suster, yn gewoane klean gelokkich, sjit ús oan. Se pakt mefrou har jas oan en de sinnebril. Sjocht my dan helpleas oan. 'Wy ha it hjir sa ferskuorrend drok, sorry dat der net ien ûnder stie om jim op te heinen, wy binne drok dwaande sjoch, hjir fierderop...'. Ik knik. Begryp it. 'Sil ik mefrou mar nei de húskeamer bringe?' Ja, dat wol suster graach, dan kin sy troch mei har wurk.

Ik skeuvelje mei myn wyfke, sa fielt it al hast, nei de húskeamer en lit har in noflike stoel útsykje. Der sitte mear minsken. Net ien seit eins wat. Se kenne elkoar net. De tillefyzje stiet oan, mar se sjogge it net. Harren wrâld is net hjir, net yn dizze húskeamer.

Eins moat ik no ek noadich fuort, ik ha in soad tiid brûkt om myn klant te plak te krijen, mar der wachtsje mear Harnzers op in taksi. It âld minske hâldt my by de hân. Ik sjoch dat der opnij triennen oer har wangen op har fest drippe. Se lûkt my nei har ta en jout my in dikke tút. 'Wat binne jou lief, komme je oek es weer?'

Mei in dikke kiel sis ik it ta. Wit dat ik har wolris wer yn 'e auto krije sil en dat se dan gjin idee ha sil wa 't ik bin. Ik draai my om en rin de húskeamer út. Sjoch nochris nei har. Sy is my al fergetten, wei yn har eigen wrâld.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com4tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-1610016338324713702014-04-14T05:36:00.000-07:002014-04-14T05:36:02.826-07:00HorrorKommende freed ha wy de Fryske Horrortour yn Bitgum. Yn Ons Huis om krekt te wêzen.

Ik ha dêr in hiel soad sin oan en mei my ek noch wol party oaren.

De Horrortour is fan útjouwerij Regaad yn Grins en wy krije in jûn fol mei grouwgriizjende ferhalen, bloedstjurjende muzyk en mooglik ek noch wol it ien en oar oan wille.

Fansels moat der foar sa 'n jûn wat reklame makke wurde. Wat mear minsken as der komme, wat better. Net allinnich foar de minsken efter de bar (Daam de Vries en ik, sei de gek), mar foaral ek foar de mannen fan Regaad, dy 't graach harren 'De Skacht en de Slinger', fan Edgar Allan Poe, oan 'e man/frou bringe wolle. Sadwaande kaam der by my ferline wike in doaske binnen mei posters en flyers. De posters hie ik samar rûnbrocht: yn alle doarpen hjir omhinne ien en dan mar hoopje dat men it lêst, want litte wy earlik wêze: in poster ophingje by in supermerk, dat betsjut safolle as heal weiwurde tusken de oare rotsoai. No is dy poster fan de Horrortour aardich grut en boppedat springt er der er goed út, mei al dy bloedtrochweakke letters. Ik ha ek mar ien by de slachter yn Marsum brocht. Dy fûn him wakker moai.

Mar doe wie it oan 'e flyers ta. Ik hie betocht dat bybleteken dêr wol gaadlik foar wienen. Dêr tochten se lykwols by dy bybs wat oars oer. "Mevrouw, wij doen hier niet aan commerciële dingen. Dit is niet in de buurt en het is niet gratis, bovendien is het geen initiatief van de bibiotheek zelf, dus willen wij hier ook geen flyers hebben".

Neidat ik de broek wer fan 'e ankels helle hie, ha 'k de brot mar wer meinommen. Ik sil leau'k fannemiddei mar efkes hûs oan hûs hjir troch de buorren.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-3568749836032636542014-03-06T05:39:00.000-08:002014-03-06T05:39:49.669-08:00Sven wie der netJuster wie it wer tiid foar it Frysk Sportgala, de jierlikse ferkiezingsjûn op it Hearrenfean foar de bêste, meast oansprekkende sporters fan Fryslân.

It like in prachtjûn te wurden, mei mar leafst 18.500 útbrochte stemmen. Dat wienen der al in goeie 8000 mear as ferline jier. De sportleafhawwers yn Fryslân sprekke har dus wol út, dat blykt.

Mar de sporters sels? Dy tille der net sa swier oan, blykber.

Sven Kramer waard sportman fan it jier. Wie him noch nea slagge, de priis gong ivich en altyd nei Epke. Mar Sven wie der neat, want dy wurdt hjoed by de noas nommen. Ik bedoel, oan 'e noas holpen.

Ireen Wüst wûn by de froulju. Se krige de foarkar boppe Maron Kamminga en Antoinette de Jong. Ireen Wüst wie der net. Moast seker noch bekomme fan it karnaval. Dy oare beide froulju wienen der ek net. Toon Gerbrands koe syn tuten dus foar de frou bewarje.

Frysk Sporter waard skûtsjeskipper Douwe Visser, fan Snits. Taeke Triemstra wie foar neat ôfreizge nei it Fean. Visser wie der net, dy belle efkes fanôf de Iselmar.

Alyda Norbruis wûn by de sporters mei in beheining. Oer de tillefoan liet se witte dat se wiis wie mei de priis, mar se wie der efkes net by.

Wienen der dan ek guon dy 't der ál wiene? Ja hear. Cambuur wie fertsjintwurdige. Sy waarden sportploech fan it jier. Cambuur wint eins noait wat, dat dizze kâns lieten se har net ûntnimme. En terjochte.

Douwe Amels wie der ek. Dy kin hiel heech springe. Hy waard keazen ta talint fan it jier 2013.

En Richard Schuil. Dy krige de oeuvrepriis. Ik soe sizze, dy oare prizen mar útrikke oan sporters dy 't wol de muoite nimme om te kommen.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-55721934057466611322014-02-16T01:12:00.001-08:002014-02-16T01:21:50.929-08:00"In wâld ûnder de kont moasten sokken ha"Justerjûn Valentijnskonsert yn de Lawei yn Drachten.

De kenner wit it: brassband De Bazuin fan Oentsjerk en ek altyd in twatal solisten fan grutte namme soargje dan foar in poerbêste jûn fuort. Foar it konsert fan juster hienen se by De Bazuin ek wer in pear knappe nammen strikt: Melissa Venema op trompet en jazzsjonger Ruben Hein. Dat mokkeltsje fan Venema is noch mar 18, mar hat al fiif solocd's op har namme, soleart by grutte orkesten oer de hiele wrâld, bynammen ek by Rieu en sa, skriuwt har management.

No sjoch. Dêr kinne jo mei oankomme. Dan kinne jo wol wat. En foar it neist sil dat ek wol sa wêze, mar justerjûn ha wy dat as publyk net fernommen. It famke soe de Slavische Fantasie spylje. Foar de minsken dy 't doel ha oer (brassband)muzyk is dat bekende kost, foar de minsken dy 't gjin idee ha: dat is alderaardichst mopke foar in solist mei in knappe band der efter. Obligaat, sizze de measten, mar nettemin, it hapt noflik fuort op sa 'n konsert en om 't de solist no en dan tige hurd moat, is it ek al gau spektakulêr.

Spitich, mar it famke fan Venema bakte der neat fan. Se koe it stik technysk út noch yn net behappe, helle de hege noaten amper, hie nul kontakt mei de band, lit stean mei de dirigent en rekke it publyk dan ek net. Letter krige se noch in nije kâns yn in prachtige tango, mar ek dat foel ek ôf. Ik ha net in tel it idee hant dat se it moai fûn dat se op it poadium stie. En ik wie net de ienige, hearde ik yn it skoft. Hie it famke de stikken ûnderskatten? Wie it minachting foar in provinsjale brassband, al hoe goed ek, fan in soliste dy 't wend is pampere te wurden troch grutte orkesten? Soe kinne, want elk koe oan har spyljen wol hearre dat se oars wol wat kinne moat. Mar nei ôfrin efkes de band bedanke? Nee, wie der net by. "In wâld ûnder 'e kont moatte sokken ha. Yn 'e grûn bedoarn!" Dat wie it kommentaar fan ien fan de 700 besikers.

Hoe oars wie it mei de jazzsjonger Ruben Hein. Wat hie dy jonge in wille en wat wie er optein dat er mei sa 'n pracht fan in brassband op it poadium stean mocht yn in folle Lawei. Dat is praat. Dit mantsje smakke de wille, sa soe de foarsitter fan ús brassband wol sizze. In feest om nei te lústerjen en dat de Bazuin dan yn it entûsiasme him wolris wat fan 'e sokken spile, och, dat is hielendal net slim.

Prachtband, sei Hein. Prachtband, fûnen myn selskip en ik. Swiere en minder swiere stikken foar it skoft en neitiid in swingende bigband fan sa-ha-jo-net. Se ha dan de lêste jierren gjin kampioen west, mar se jouwe skitterende konserten en dat fyn ik eins sa moai wol. Ik bedoel: 27 jier Valentijnsconcert en dat no al jierren yn in ôfladen Lawei, hokker korps docht soks? Dat mokkeltsje hie hjir har noaske der net foar oplûke moatten, mar krekt as dy sjonger der fol ynbrûze moatten. Muzyk is wille. Sjoch.

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-48706336906810935142013-12-02T04:30:00.002-08:002013-12-02T06:46:44.192-08:00Fryske MarrenDer ha koartby ferkiezingswest yn 'e gemeente dy 't no de namme De Fryske Marren krijt.

De FNP, útsoarte yn dy hoeke altyd al knap fertsjintwurdige, kaam as grutste partij út 'e bus, it CDA kaam der efteroan.

Tagelyk mei dy ferkiezings wie der in referindum oer de namme fan de nije gemeente. Dy gemeente hie as wurktitel De Friese Meren meikrigen, mar by it referindum koe men mar kieze.

De útslach wie sawat samsam. 42,4% koe wol libje mei De Friese Meren. 41,6% hie leaver De Fryske Marren. Dat wie fansels geweldich nijs foar alle Frysk-haters, want wat koene se dy FNP no fijn in hak sette: "Een ruime meerderheid kiest voor het Nederlands", raasde de Ljouwerter. Jawis.

De FNP wie lykwols formateur en hie as hurde eask de Fryske namme en dy kaam der ek. It CDA gie troch de bocht en och, och, it is fansels net bêst. Hiele ynstjoerde stikken yn 'e Ljouwerter, oer dy rottige Friezen dy 't har sin trochdrukke. En oh ja, it soe ek nochris 400.000 euro kostje, dat smoarge Frysk.

Mei ik efkes de feiten dan wat nuanseare, sadat jo ek witte wêr 't je oer prate:

Dy romme mearderheid foar it De Friese Meren is der net, dat wurdt jim sa foarspegele, omt 42,4 no ien kear mear is as 41,6. Wat blinder: dat is gjin 100% mei elkoar. Och hea, sjogge jim dat? Nee minsken, der wiene noch wat mear kiezers. In lytse 5% wie blanko, dat dy telden net mei. Bliuwt der 95% oer, dat noch altyd 11 prosint op 'e kletter. Dy 11 prosint makke in kar út "geen voorkeur"(3,5%) en Eigen Suggestie (8,3%). By dy eigen suggestje waarden Fryske nammen neamd, lykas Sudergoa en Marrenlân. Koartom, elk dy 't mient dat de meerderheid fan 'e minsken negeard wurdt mei it Frysk, dy sjocht it net helder.

"Het Fries wordt doorgedrukt", raast immen. Nee dus, men hie it Hollânsk graach trochdrukke wollen, mar dat slagge net. As jo punt ien ris nei rekkenje, is 41,6% foar De Friese Meren en 54,4% net. Mei wat goeie wil kinst fan de 3,5% neutraal stimmers sizze dat se ek like goed foar De Friese Meren kieze kinnen hiene, dan wurdt it 45 om 50%, altyd noch yn it neidiel fan De Friese Meren. De mearderheid fan 'e befolking wurdt dus hielendal net negeard, sa as in briefskriuwer yn 'e LC ús fertelle wol.

"Er wordt ruim 400.000 gemakzuchtig over de balk gesmeten". Wer sa 'n leagen út Hollânsktalige hoeke. Leave minsken: de nije gemeente moast in nije namme ha. In nije namme kostet jild. Blykber 400.000 euro. Dat hie it ek koste as it de Hollânske namme bleaun wie. Guon lju wiene nochal wat foar de muzyk út, dy gongen der fanút dat de wurktitel ek de definitive namme wurde soe en dus hie men al ien en oar oan ark mei de namme "Friese Meren" oanrukke litten. Dat is dom. Jo stjoere dochs ek gjin bertekaartsje fan in lytse Nynke, as it berntsje noch berne wurde moat en dus ek likegoed in Tjebbe wêze kin?

Ynternasjonaal wurkjende bedriuwen soene neidiel ha fan de Nederlânske namme. Jim miene dus searieus dat se jo frachtwein yn Spanje fuortendaliks teplak bringe kinne as der Friese Meren op stiet, en gjin Fryske Marren? Ûnsin. Witte jim sels ek. Elk lân syn taal. Wy dus ek. Der is noch nea in Nederlanner stroffele oer Bartlehiem. Wylst dat plak ivich syn Fryske namme hâlden hat. Lullich, no?

Ik soe graach sjen dat de kranten, en bynammen de LC hat der in hantsje fan de sitewaasje wat iensidich te beljochtsjen, de boel ris goed del setten. Se lústerje nei in razende politikus fan in ferliezende partij, rûke in skandaal en batse der fuort op yn. Dêrmei sette se lêzers op 'e ferkearde foet. It is dochs gjin propagandakrantsje?

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com9tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-32255356707980223022013-12-01T11:58:00.000-08:002013-12-01T11:58:20.319-08:00Oerein!Fan 'e wike lies ik yn 'e krante dat ús Frysk Nasjonale Partij it Hollânsk de frij hân jaan sil as it om ferkiezings giet. Dat wol safolle sizze as dat alle partijpropaganda tenei twatalich wêze sil. Sterker noch, men is suver benaud it Hollânsk te diskriminearjen, as men te folle Frysk brûkt. Dan kinne minsken dy 't útsoarte net Frysktalich binne it net lêze, seit men. En soks kostet stimmen.

In jiermannich lyn kaam ús Menameradielster ôfdieling 19 stimmen tekoart foar in tredde sit yn 'e ried. Aanst yn maart sil it wer heve, de striid om de macht wurdt wer oanbûn mei de oare partijen yn ús gemeente. Foar de lêste kear yn Menameradiel, want yn 2018 wurde ek wy hjir ta in ienheid makke mei oare gemeenten.

Om no der wis fan te wêzen dat dy lêste 19 stimmen der ek komme, wurdt de ferkiezingsstriid folslein twatalich oanbûn. Der wie my frege om in krante te meitsjen, sa as dat de lêste pear kearen wenst west hie yn ferkiezingstiid. In krante mei nijsgjirrige ferhalen oer en mei lju út ús gemeente. Net perfoarst FNP-lju, mar fansels al guon dy 't de partij wol wat tagedien wiene. In moai putsje wie dat altyd. En ek no soe it wer heve. Dat wol sizze, dat wie it doel. Mar fannewike ha se by elkoar west fan 'e ôfdieling Menameradiel. Konklúzje, dy krante komt der net. It moast foar op syn minst de helte yn it Hollânsk en dêr koe net elk him yn fine. Spitigernôch moast de Frysksinnige oanhing it yn mearderheid ôflizze tsjin de nije garde, dy 't de eigen taal blykber mei alle leafde fersmyt as dat jo in plak yn it plús opsmite kin. De FNP lit wer in fear.

De F en de N kinne der sa stadichoan wol útskrast wurde. Wy hâlde de P oer. Lykwols, ik bin in jier as wat lyn al lid ôf wurden, dat ik praat der net oer mei, fierder, mar ik ha der wol argewaasje fan.

In foech 40 jier lyn wie Reimer Wartena hjir ien fan 'e foaroanmannen fan ús partij. Ek doe wie der al soarch om it Frysk. It gong Wartena en noch in pear oaren lang net nei 't sin, de partij wie langer net Frysk genôch mear. Der soe in nije partij komme, mei de namme "Oerein!". Se ha it doe net rêden en fan 'e hjoeddeistige FNP-leden ferwachtsje ik soks ek net mear. Mar je soene der mislik fan wurde, sa as it no giet. Myn partij, dy 't altyd sa flak foar de eigen prinsipes stie, lit se farre sa gau as men plús rûkt. Sels de taal wurdt der foar oan 'e kant skood. Yn Bitgummole, yn 'e Molewjuk, hinget in tegel mei de spreuk: "wa 't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt". No, sa. Oerein!

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-62671492228721660592013-11-26T07:42:00.000-08:002013-11-26T08:42:08.652-08:00It plan fan JetIt wie mar in hiel lyts berjochtsje yn it FD fan juster: Jet Bussemaker, ús minister fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip, hie wer ris in geweldich plan. Studinten út it bûtenlân, dy 't hjir oan ien fan ús Hegeskoallen studeare, moatte stimulearre wurde om hjir ek te wurkjen. Dêrmei slane wy meardere miggen tagelyk, neffens Jetteketet, want sa helje wy net allinnich bûtenlânske toppers nei Nederlânske funksjes, dêrmei wurdt it ek nochris ekstra ynteressant om hjirhinne te studearen, as bûtenlanner.

Om dy studinten no sa fier te krijen, moatte se fergees Nederlânsk leare kinne en foaral ek breed ynfierd wurde yn 'e Nederlânske kultuer, sadat se harren hjir och sa thús fiele sille en hjir graach bliuwe wolle.

Dat is moai fan Jet. Al dy muoite om dizze toppers beet te hâlden foar ús lân, want ja, sels binne wy útsoarte de ûnnoazele kant neist, en faaks net by steat om in HBO-funksje te ferfullen.

Stap 2 is dan fansels gau nommen: bedriuwen krije subsydzje om dizze potinsjele managers oan wurk te helpen. Geweldich. Dat Nederlân dochs.

Kinst my wol rjochtút stekke.

Net dat ik dy lju harren wurk net gun hear, och hea, nee, mar it stekt my ferskuorrend.

Ferline wike wie der yn it nijs omtinken foar in lyts jonkje yn Utert. Hy is hjir berne en grutwurden. Sit hjir fansels op skoalle en op fuotbaljen en wit ik wat al net mear. Syn maat wie der ek by. Dat is in 'gewoane' Hollander. It jonkje skriemde dikke triennen want hy moast syn bêste maat kwyt. Wat is no it gefal? It jonkje mei hjir dan berne wêze, neffens ús treflike regear hat er gjin rjocht om hjir te wêzen en dus moat er werom nei it lân dêr 't syn mem wei komt. Net dat er dêr wat te sykjen hat hear, mar dat frekt fierder neat. Bern binne fleksibel juh, dy passe harren wol wer oan.

It jonkje is net in bûtengewoan fuotbaltalent, oars hiene der al lang rigen amtners foar syn doar stien om him te naturalisearjen ta Nederlanner. In útsûnderlik musikus is er ek net. En ek noch net âld genôch om nei it HBO of de universiteit. Skande. Hy wurdt sûnder pardon útset.

Nee, dan Jet mei har idee. Dat moatte wy mar omearmje.

Nederlân, it lân dêr 't jo fan herte wolkom binne as jo de steat genôch opsmite.

Alfêst in noflike kryst.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-43540687935417670342013-11-18T00:38:00.002-08:002013-11-18T00:43:06.502-08:00Moai fuort west"Moai fuort west, jonges?", ha heit en mem faaks wol frege. Of heit as mem allinnich fansels, dat kin ek. En se kinne dat bêst frege ha, want botte let wie it net wurden. Justjes nei alven of sa, dat it soe sa mar kinne dat heit en/as mem noch by de wurken wie.

Of soene se soks net mear freegje tsjintwurdich? Freegje heiten en/as memmen soks net as de bern thús komme jûns, moai yn 'e oalje en faaks ek noch wat mear as dat? Kin ek wol hear, dat heiten en/as memmen der hielendal gjin noasje fan nimme dat it jongfolk thúskomt. Mar ik stel it my al sa foar, want by ús thús gong dat al sa, as wy fuort west hiene. "Moai fuort west?" En dan seiene wy fan "Ja", of "Giet wol". Want je lieten net it measte los, of der moast wol wat hiel spesjaals wêze.

Justerjûn kin dat dus ek bêst sa gien wêze yn ien as oare, fierder wol ridlik normale, Bitgumer húshâlding. Justjes nei alven. "Moai fuort west, jonges?" En it antwurd kaam wat heal slûch, want dy leave skat hie al noflik efkes sitten en dus al ien en oar op: "Giet wol juh, wie wol gesellich".

It kin ek samar wêze dat der noch in pypfol trochpraat is en dat it jongfolk noch seit dat se "fet lol hant ha". No, soks docht it âlderhert goed en tige ienriedich skowe se mei elkoar de trep op om 't it moarn wer moandei is. De bern wer nei skoalle en mei in bytsje gelok heit en/as mem nei it wurk.

De jonge strûpt ûnder 'e tekkens en jout him noflik del. Fet lollich, dy stekken ûnderweis. Wat hiene se ropt en raasd. Moai man...

Efkes foar de dúdlikheid: ûndersteand stek is myn túnstek. Der wiene mear stekken mold yn 'e buert. De helden waarden wei op 'e Schwarzenbergstrjitte. Se hiene fet lol hant, dat is wol dúdlik. Benijd oft se no ek komme om dit wer efkes te meitsjen. Ik ha noch wol in reservehikje te stean.

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-52909101831465591352013-09-30T13:13:00.000-07:002013-09-30T13:13:15.080-07:00Funerêr erfguodIn knoarre efterstallich wurk oan myn grêfpoëzij fuortwurke. Hearlik. No ha 'k de brot wer op oarder. Freegje my hieltyd faker ôf wat ik der mei dwaan sil. Ik ha no omtrint in fjirde part fan de doarpen yn Fryslân by del west. Rekkenje dus ek mar in fjirde part fan de hôven hant. Want guon plakken ha neat, oare plakken ha mear as ien en twa. No al in pear hûndert fan dy poëtyske útspattings garre en fan in hiel soad ha 'k ek noch foto's. Mar krijst ien sa gek om it út te jaan? Wol ik dat wol en wat helje ik my dan noch mear oan wurk op 'e hals? De grutte stêden en flekken moat ik noch by del. Op Harns nei.

Harns koste my allinnich al mear as sân oeren en der wie by 't soad, mar hast net te ûntsiferjen. Dy 't my ken, lykwols, dy wit dat ik alles út 'e kast helje om wol út te finen hokker boadskip de neibesteanden ús lêze litte woene. By guon boadskippen wurd ik dan ek noch triggere om út te finen wat it ferhaal efter de deade is. Ik fiel my suver wat in voyeur op sa 'n momint, mar bin dan net te stopjen.

Noch trijekwart fan alle hôven te gean. Ik moat der net oan tinke. Mar it is in ferslaving wurden. Ik moat troch. Oant ik se allegearre hant ha. En dan? Dan ha ik in kompjûter fol funerêr erfskip. Ek leuk.

Foar de leafhawwer, sil ik mar sizze.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-51385148408536514782013-09-26T02:04:00.000-07:002013-09-26T02:04:08.499-07:00Fyts kwyt? Skilje my!Hjir by it boarterstúntsje stiet in fyts. Fannacht ek en fannemoarn noch. In moaie Batavus Weekend, griis-blauwe mânljusfyts. Acht fersnellings, kocht by Klaver yn Sint Jabik. Op 't slot. Licht skansearre , dat ding is dúdlik fallen, of wat dan ek, mar fierder liket de fyts noch suver nij. Hjir komme wolris heiten mei bern te boartsjen, mar dy binne nea op 'e fyts en seker net op in fyts sûnder sitsje. Koartom, dy fyts heart dêr net. En it soe my gjin nij dwaan as dy fyts wol earne oars heart te wêzen, mar dêr dus op ûnferklearbere wize wei rekke en yn Bitgum bedarre is. Dus doch ik myn boargerplicht en besykje yn kontakt te kommen mei de plysje fan Sint Anne, dêr 't wy ûnder falle, as Bitgumers.

It frommeske dat op 'e meldkeamer sit, ferstiet my net. Se begrypt net wat ik wol. Yn it Nederlânsk werhelje ik myn fraach om trochferbûn te wurden mei it buro fan Sint Anne. Wat in gelok dat ik as Fries beide rykstalen wól machtich bin.

It minske is net samar fan doel my troch te ferbinen: se wol witte wêrom 't ik harren tiid besykje te ferdwaan. Ik fertel fan de fyts en dat dy dêr net thúsheart. It frommeske begjint oer de gemeente en dat ik dy skilje moat as ik in 'gevonden voorwerp' ha. Ik lis it nochris út, want blykber ferstiet se net allinnich gjin Frysk, it begripen fan it Nederlânsk falt ek ôf. Dat ik sis opnij dat dy fyts mooglik as stellen opjûn is by de plysje en dat, mocht dat it gefal wêze, it karke hjir te finen is.

Oh. Se begjint it te begripen. Mar stiet dy fyts dan fertocht opsteld? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. Dus hy leit net yn 'e boskjes of sa? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. En stiet er ek op 't slot? Ja, hy stiet op 't slot. "Mevrouw, dan doet de politie er niks mee en de gemeente ook niet".

Oh. No begjin ik te twiveljen oan myn eigen taalbegryp. "Dus, mevrouw, als ik het goed begrijp kan ik rustig een fiets jatten voor permanent of tijdelijk gebruik, als ik hem daarna maar op slot zet, zodat ik hem op een later tijdstip op kan halen"?

It minske ûntploft hast, se fynt dat net in aardige suggestje fan my. Gelokkich hat se kommunikaasjetrening hant en blaft se: "Die conclusie trekt u nu wel, maar is absoluut niet juist".

Ik stap fan skrik wer oer op myn memmetaal. "Mar jim dogge der ek gjin kloaten mei". Hea, dat begrypt se fuort ynienen. "Mevrouw, inderdaad, een niet verdacht opgestelde fiets, die op slot staat, daar doen wij niets mee".

"De gemeente dus ek net"?

"Nee mevrouw, pas als er bij ons aangifte wordt gedaan van vermissing dan wel diefstal, maken wij er werk van".

"Mar dan witte jim dus net dat ik dat ding hjir al lang stean sjoen ha".

"Mevrouw, ik versta geen Fries, maar ik ga ervan uit dat u begrijpt dat wij niets voor u kunnen doen".

"Ik begrijp het volkomen, in dit geval hoeft u mij ook niet door te verbinden naar Sint Annaparochie. Ik zal de fiets weghalen en hem op marktplaats zetten, dankuwel".

En doe ha ik de tillefoan mar del lein.

Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-66801670929326549352013-09-15T04:25:00.001-07:002013-09-15T04:25:36.285-07:00Pimp your tsjerkhôfJo moatte al moai op in oare planeet sitten ha, as je net trochiene dat der de ôfrûne wike in gersmatte dellein is op it Aldehouster tsjerkhôf. It wie in "one off" sa, as se dat sa moai neame: in ienmalich projekt, om de top fan it Fryske keatsen stride te litten om de sulveren Aldhou, keningspriis fan LKC Sonnenborgh op de jierlikse ôfsluter fan it keatsseizoen. It fjild lei der moai by, sels it minne waar koe it fjild net ferniele. In stikje topwurk dus.

De seleksje fan Cambuur hat de gelegenheid ek noch efkes te baat nommen om oan de foet fan it Ljouwerter boechbyld in trening ôf te wikkeljen. Wie ek in lust. It kommintaar fan publyk en sporters: "Laat maar lêge, dat gras". En wêrom eins ek net?

Fansels, der hinget in priiskaartsje oan, mar hinget dat ek net oan dat keunstiisbaantsje dat winterdeis op it selde plak leit?

Wêrom net yn 'e simmermoannen dêr standert in gersfjild oanlizze, sadat der keatst, fuotballe, kuorballe en sa mear, wurde kin? In iepenloftspul hâlde (kin ek wol op stiennen, dat it wit ik wol), in potsje hockey, in taptoe. Moogliheden genôch en yn oanrin nei de Kulturele haadstêd 2018 ek in ynkopper, liket my. En oan de ein fan it seizoen, as de Aldhou ferkeatst is, dan in gersbaanrace der op.

Soe it net kinne? Fansels wol, mar men sil it wol net yn 'e kop ha, bin ik bang. Skande.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-27461645202450919352013-08-29T06:43:00.001-07:002013-08-29T06:43:20.319-07:00Prachtige, prizige paprikaBy in feestboekfreondinne seach in plaatsje fan in moaie, reade paprika. Eigen kweek, dat fansels wolle je dan it earste risseltaat mei in oar diele. It die my tinken oan myn blog, dat ik al moannen fertutearzje lit. Koe wol wer ris wat skriuwe, tocht ik. Want dy paprika makke wat by my los. In stikje argewaasje eins.

Sjoch, in paprika jildt yn 'e winkel al gau 50 sinten. Útsein by de Lidl trouwes, dêr hast der trije, allegearre in oare kleur, foar mei elkoar 79 sinten. Mar afijn. Ik kom gauris by de grutste grutter fan it lân yn Sint Anne, fandêr myn referinsjekader fan twa kwartsjes.

Albert-Om slacht altyd wakker op 'e tromme dat der produkten út eigen omkriten ferkocht wurde. Paprika's en tomaten komme dan út it kassegebiet hjir by Berltsum. No is it allinnich sa, dat yn dit domme lân it noch dommere folk sa bot bedoarn is, dat in paprika mei in skeinplak, of in bûtenwenstich model (justjes te lyts, te grut, te rûn) net yn 'e winkel kin. Allinnich perfeksje ferkeapet blykber en foar dy perfeksje binne tige krekte regels fêstlein yn it "sa-sjocht-de-perfekte-griente-derút-hânboek" foar kwekers en winkellju.

Jim riede it al: it is de kwekers hjir te Berltsum noch net slagge om 100% perfeksje te skoaren, dat sadwaande steane der geregeld in moaie nust paprika's en tomaten te wachtsjen op 'e kontener. Ta weismiten keard, om sa mar te sizzen.

Of Libbe moat del komme, dy smyt se moai handich yn syn kofferbak en makket der famylje en kunde bliid mei. My ek. Ik ha niiskrekt efkes ûnder it lid fan 'e friezer sjoen - feestboekfreonen witte dat dy fannewike sneu leech rekke is - en in lytse raming dien. Want Libbe hat west en dêrom leit der foar in euro as 15 paprika yn. De skeinplakjes en de bûtenwenstige modeltsjes sjochst yn 'e blokjes neat mear fan.Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com1tag:blogger.com,1999:blog-6081069848002807919.post-36449952828369058852013-05-22T12:10:00.001-07:002013-05-22T13:17:31.268-07:00ThialmeareWat is 't wat net. Samar ús Fryske iismasters sûnder wurk, as it treft. Gjin treinen fol dampende, hossende, sûpende, healwiizjende idioaten yn nuvere klean, dy 't útladen wurde op it stasjon fan It Fean. Kafé It Houtsje kin wol opdoekelje. Dy hiele iisbaan kin wol opdoekelje. Want se ha ús ferkatst. Dat wisten wy wol fansels. Dat seagen wy wol oankommen. Wy, ja. Sy net. Sy fan 'e provinsje hiene neat yn 'e rekken. Sân jier lang steggelje oer hoe 't it no moast, mei dat Thialf. Dat koe ek, want der wie ommers gjin konkurrinsje. Wat soene jo no wekker lizze fan in Jaap Eden Baan. Of fan Kardinge. Of De Smelt. Ei, wolnee. Dat wie foar de rekreanten, dat se ris in rûntsje ride koene. En ris foar in lyts wedstrydsje, sa oan it begjin fan it seisoen. Mar net foar toppers. Toppers komme ommers yn Thialf? Noch wol ja. Mar dat duorret net lang mear.

Want de provinsje woe der gjin sinten yn stekke. Wol wakker roppe en raze dat se stienryk binne mei har Nuon-jilden, mar der boppe op sitten, mei it gat. Nee, dan leaver in fermogen stekke yn in ienmalich projekt as de Kulturele Haadstêd. Mar ús nasjonale iistempel yn in nij jaske stekke, dat de kommende tweintich jier de konkurrinsje yn 'e rest fan 'e wrâld wer oan kin? Nee, dêr moat oer stind wurde. En prakkesseard. En rekkene. En wer stind. Mar út 'e rie komme, ho mar.

Sportstêd Hearrenfean. Mar nee, blikstiender, gjin nij Thialf. Teminsten, net te bot. In bytsje ferklosse.

Dat Doekele Sjerpstra al in kear mannich oanjûn hie dat hy frijwat Rânestêd-minded wie, och, wat soe dat. Dat wie mar roppen en razen. Dy lju koene dêr no wol mei sinten swaaie en roppe dat se in knûpert fan in iishal delsette soene, mar dat waard ommers neat. Iismasters ha se dêr yn dy hoeken ek net.

Yn Flevolân miene se dat se mei Flev'on Ice al hiel wat mânsk binne.

Mar ús Doekele seach der ljocht yn. De Fariseeër. It sil ek gjin Wytmarsumer wêze. Elts dy 't fan Penjum komt, wit wat soks betsjut.

Ja, it is fansels noch mar in advys hin. Thialf en Swietemar kinne noch yn berop gean. Ja, en noch in sekfol miljoenen der tsjinoan smite. Stel dat Konst no seit, en dat kin sa mar, want syn baantsje stiet faai nei dizze miskleun, 'minsken, wy smite der nochris 50 miljoen ekstra tsjinoan'. Dan wurdt Thialf it bêste, modernste, snelste wat der op iishalgebiet te krijen is. Yn leechlân dan. Dan wurdt it grif ek de meast ûnrendabele, mar dat makket no efkes net út, mar dan soe Doekele him faaks noch wol betinke kinne. Dan slacht er himsels op it boarst. 'Ik ha it riden foar Fryslân behâlden'. Jawis.

Yn Almeare giet de polonêze rûn. Frou Jorritsma foarop. It persoaniel fan it boubedriuw der efteroan. Doekele sjongt fan "weg met de malaise, want het is nu tijd voor de....". Dat ha se mar moai oprêden mei syn allen. Lit dy Friezen mar grine. It is in ferlerne provinsje. Skoallen fuort, oandielen fuort, lânskip fuort, taal fuort, provinsje sels fuort. Wol de lêste Fries it ljocht út dwaan?Martsje de Jonghttp://www.blogger.com/profile/17771768758246326519noreply@blogger.com0