dinsdag 9 augustus 2016

'Nei hûs'!

'Yuri van Gelder naar huis gestuurd' Dat wie it earste dat ik fannemoarn seach op teletekst. De kiel siet my ticht, it pikefel op 'e earms en in slach yn 'e mage. 'Wêrom no?' It berjocht wie koart en helder: hy hie him nei syn kwalifikaasje foar de finale efkes gean litten bûten it Olympyske doarp. En drank hant. No wit ik net wat de regels binne, mar de Chef de Mission wie ûnferbidlik. Nei hûs. Eins koe ik wol janke. Want dit is ferskuorrend foar dy jonge. Moast dit no sa? Se wisten wa 't se mei hiene. Se kenne syn ferline, syn swakte, mar dochs ek syn krêft? Dizze topturner dy 't jierren lyn al nei de Spelen soe, mar troch Nederlân net ôffurdige waard, om 't sulver op 'e Wrâldkampioenskippen net genôch wie. Dy 't Wrâldkampioen waard en himsels ferlear oan drugs, mar dy 't weromknokte. En werom foel. En wer werom knokte. Dy 't noch altyd by de bêste ringturners fan 'e wrâld heart. Dy 't no eindelik op dy Olympyske Spelen stie en him kwalifisearre foar de finale. Dwers tsjin de sjuery yn, dy 't him noch altyd in pear tsienden minder jout, om 't se witte fan syn ferline. Fansels, der binne regels en hy hat him dêr net oan hâlden. Dom. Mar moatte jo dizze jonge dan as in hûn werom stjoere? Wie der mear bard? Of woenen se mei alle geweld in statement meitsje? Om mar sjen te litten hoe geweldich as wy Nederlanners binne? Unberisplik? Unfeilber? Hy hie noch in grouwe wike oan 'e finale ta. Wêrom mocht hy himsels net efkes ferjitte? De ûntlading, de blidens, mar ek de druk fan 'e finale, it waard him blykber efkes te folle en dus makke er in flater. Hoe slim is soks? It feit leit der. Wylst algemien bekend is dat it Olympyske Doarp folle slimmer is as dat Sodom en Gomorra ea west ha. De kapokjes wurde by famyljeferpakkings tagelyk oanrukt. En se geane ek op. En hy socht syn heil bûten dat doarp. Kaam te let thús. No en? Dan hie er mar in dei min op 'e hûd west. Mooglik hie er it noadich? Mar nee, de Sjef de Mission sei 'fertrekke' en de Lord of the Rings droste ôf. As in sleine hûn mei de sturt tusken de poaten. It hat sûnder twifel syn lêste keuntske west. Dizze iepenlike fernedering hat er net fertsjinne. Ek net as er fout west hie. Hie him turne litten en it stil hâlden. Hie him yn syn wearde litten. It is wat mei it smiten fan in earste stien en sa. Dizze wie goed rekke. Ik gok de knock-out en it begruttet my ta de teannen út. Ik leau trouwes fêst dat se dêr wol sa folle bûter op 'e holle ha dat se him net nei hûs stjoerd hienen as de mannen har pleatst hienen foar de finale foar lanneteams. Of as Yuri in absolute kânshawwer west hie foar de titel, mar dat siet der mei al dy foaroardielen dochs net yn.