donderdag 20 januari 2011

Fryslân yn'e útferkeap

Ús provinsje, ús dierbere klútsje grûn, is omtrint fergees te krijen. Leit foar it gripen foar de habsuchtige kloeren fan elk dy't mient der in grypstehealstoer oan fertsjinje te kinnen. Wat in wille.
Projektûntwikkelders wriuwe har yn'e hannen by de berjochten dat it Fryske plattelân leechrint. It kin harren net hurd genôch gean. Skoaltsjes geane ticht, winkels binne al lang út'e doarpen ferdwûn en wylst wy skrousk en ferhûddûke weiwurde yn'e lêste, slim ferfallen, âlde klintsjes fan gatten en buorskippen, hymje dyselde projektûntwikkelders ús as pystige bollen yn'e nekke. Hjir is wat te heljen!
Ien as oare jildwolf hat betocht dat der healwei Kollum en Bûtenpost wol in stik as fyftich huzen komme kinne foar hynstelju út it westen. Ranch Fryslân, hoe betinke se it. It argumint: as ús moaie iepen lânskip, mei elzewâllen en al, tichtset wurdt mei útwrydske villa's foar in nust rike skevels, dan kinne ús bern dêr feiliger fytse. Fansels. Moat altyd wêze, dochs? Mei in hanfol lantearnpeallen binne wy like fier, wat feiligens oanbelanget, mar dêr hat dy projektûntwikkelder fansels neat oan.
Dan is der noch sa'n Jan Doedel, dy't mient dat Endemol belang ha soe by it meitsjen fan in echte krimi, dy't spylje moat op Fryske grûn. Sjochst it foar dy? De liken dobberje by tsientallen de Dokkumer Ie del. Dy noartske, Fryske boeretroanjes, allegearre like fertocht fansels, wurde yngreven opnaam troch it skerpe each fan ús eigen Fryske Derek. Horst Tappert makket plak foar Rients Gratama, of noch better Rense Westra, want dy is ek sa typysk Frysk, no? Reitse Spanninga ferjout syn eksklusive klandyzje mei hearlike, mar like giftige, stip oer syn typysk Fryske streekprodukten. Klaas Jansma as nijgsjirrige misdieferslachjouwer, dy't syn noas krekt efkes te fier yn'e tsjustere praktiken fan ús deputearre stekt en sa sels slachtoffer wurdt en fêstplakt ûnder in skûtsje syn ein fynt. Fansels. Moat altyd wêze, dochs?
En wat te tinken fan dat sekfol pommeranten dat ús provinsje ferdigenje mocht op audiënsje yn De Haach? Wat sille dy lju har dêr de bûsen útskuord ha: foltreaun mei oranjekoeke, widdo Joustra, keallepoat en fleis fan it allerbêste Fryske fee, sloegen se har manmoedich troch de jild- en kwisfragen fan ús fertsjintwurdigers hinne. Der is pleite foar ferfiersferbiningen, subsydzjes foar it plattelân en fansels foar in nij Thialf. En wy Friezen joegen wat wy te jaan hiene. Ús bêste eksportprodrukten yn fretterij en muzyk waarden oantúgd om de hearen en dames politisy dêre te oertsjoegjen fan ús leed en foaral fansels fan'e needsaak om ús te sjen en te hearren. Wy, grutske Friezen, op skobberdebonk nei De Haach, om't sy dêrwei ús hjir net fine kinne. Op Wilders nei fansels, want dy hat hjir noch al efkes west om mei syn populistysk geëamel ús by ús pompeblêdhert te krijen. Net wittende, dat datselde pompeblêdhert slim ferlegen sit om in pacemaker en dat dyselde pacemaker út De Haach komme moat.
Wy, grutske Friezen, biede ússels op in presintearbledsje oan, om der mar by te hearren. It is as eartiids op it skoalleplein: snobbersguod údiele, yn'e hope dat der immen te boartsjen komme wol. Begrutlik, mar yn'e bernewrâld och sa begryplik. Mar wy, grutske Friezen, binne dochs folwoechsenen mei elkoar, wy witte dochs better? Wy hoege ússels dochs net yn'e etalaazje te setten, mei in buordsje om'e nekke: útferkeap? Lit ús sa stadichoan wizer wêze. De kop omheech en yn'e wyn. Want wat komt der op'e hispel fan al ús smeekjen en preekjen? Der wurde ús yn it foarbygean op syn meast in pear krommels tasmiten. Genedebrea meie wy frette. En genedebrea, grutske Friezen, hat ferhipt hurde koarsten!

Martsje

2 opmerkingen:

  1. Witst wat se sizze as se dit lêze? Je moatte grutter tinke. Earst in nije bus keapje, en dan neitinke oer hoe't je wurk krije. Yn dit gefal is it ferantwurde, want do en ik betelje dy flauwekul, dus gjin risiko. In gewoan minske giet dan fallyt...
    Oft it wat opsmyt? Wa sil it sizze, neffens dyjingen dy't aanzaten aan het buffet, wol fansels.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Dit is seker gjin sollisitaasje nei de funksje fan siktaresse fan ien en oar?

    BeantwoordenVerwijderen