dinsdag 11 januari 2011

Gjin applaus

Neffens my is it allegearre begongen mei Pim Fortuin, dy opportunist dy't sa raar oan syn ein kaam troch in kûgel fan Folkert. Massale rou yn Nederlân. Gûlende manlju foar de kamera, dy't snokkeren dat it fielde as hiene se harren heit ferlern. Oerstjoere froulju, dy't mienden dat ús lân no oerlevere wie oan linkse hufters en radikale bûtenlanners (lês: moslims). Elk miende omtrint dat de wrâld, of teminsten dat lytse hoekje grûn dat Nederlân hjit, oan dea en ferdjer oerlevere wie. Dêrom stiene der sa'n knoarre minsken lâns de kant by syn útfeart. Gûlend, mar ek roppend en foaral: klappend. Want applaus hie Pim fertsjinne, sa fielde it folk dat. Grutter applaus hie er by libben nea krigen en grif ek nea krije sild, want syn grutte wurden hie er, ienris yn it plús, nea wiermeitsje kind. Mar dat is net mear oan'e oarder. It applaus, dêr gie it om: Pim wie neffens my de earste dy't sa'n útbundich ôfskie krige. Letter waard der klapt foar Theo van Gogh, Prins Claus, André Hazes en wit ik wa al net mear. Rou nimt hieltyd gruttere, sis mar groteskere (wat is dêr yn'e goedichheid it Fryske wurd foar), foarmen oan. Wat lûder wy roppe en klappe, wat grutter ús fertriet. En yn'e kranten is it al net oars. Advertinsjes, eartiids noch lyts en oeh sa sober yn bewurdingen, wurde oppoaid mei hûnepoatsjes, koweletters, grouwe swarte rannen en leafst ek noch mei bedriuwslogo. Sa snijt it mes oan twa kanten, sjoch. As jo dan echt yn djippe rou binne, dan beslacht de advertinsje leafst ek noch in kwart side. De kosten hoecht it net om oer te gean: elts moat witte hoe slim it is en dan wurdt der net op in pear sinten sjoen. Poerbêst, dêr binne jo frij yn, mar ik hâld mear fan wat gewoan. It is net mear yn te tinken, mar eartiids stie der yn in lyts berjochtsje: na ene korte ongesteldheid is heengegaan..... en dan folge de namme fan de ferstoarne (nee, net per definysje in frou, destiids wiene mannen ek enige tijd ongesteld eart se ferstoaren). Dat is net mear sa en dat hoecht ek net, mar om no mei sa'n grut, grouwelich eins, bedriuwslogo jo advertinsje op te politoeren, nee danke. En dan dy klapperaasje as der in bekende Nederlanner stoarn is. Om fan te grizen. Ja, fannewike fûn ik it wol wat hawwen, doe't al dy Feijenoord-fans dêr yn Rotterdam in earehage foarmen foar Coen Moulijn. Mei fjurwurk (dat mei oars net yn'e fuotballerij) en klappend. Se songen ek noch fan 'You never walk alone'. Dat die my wol wat: sy earen harren ikoan en diene dat op in wize dy't by de fuotballerij past. En och, doe koe ik dat applaus wol oersljochtsje. Mar oars?
Moandei wie de begraffenis fan Frans Idsinga fan Skingen. Grif nimmen fan jim hjir, dy't wit wa't dat is, mar ik ha twa jier mei him yn'e gemeenterie fan Menameradiel sitten. In bysûndere man. De stille kant it neist, mar wat er sei, snijde ornaris hout. Ik mocht graach oer Frans. Doe't yn 2006, in wykmannich nei syn ynstallaasje yn'e rie, de wethâlders beneamd wurde soene, kearden Frans en ik ús tsjin Hans Flaman. Flaman soe út namme fan'e PvdA wethâlder wurde, dat wie net ôfpraat, syn fraksjegenoat Feike Wagenaar kaam mei in moasje om in oare kandidaat te sykjen en wy stipen dy moasje. Dat waard kommoasje fansels, want ús fraksjefoarsitter hie Flaman wol stypje wollen, mar goed, Freark wie der net en Frans ek ik hiene oerlis mei de oanwêzige FNP-leden en leine dêrmei it near op'e aspiraasjes fan Flaman. Dat hat ús beiden noch lang efterfolge, om't der, ek binnen ús eigen partij, noch al wat kreauwerij fan kaam. Mar it hat ús ek bûn. Sa fielde ik dat, teminsten. Frans is ferline jier lid-ôf wurden fan'e partij: nei fjouwer jier trouwe tsjinst yn'e rie, kaam er net op plak twa op'e list, mar earst fjirderop. Dat noaske him net. Faaks hat er it ek noch field as in 'straf' foar dy aksje fan fjouwer jier lyn. At it sa is, wit ik net, ik ha him der nea nei frege, mar ik kin it my wol yntinke. No is er wei. Slim siik, noch mar 65 jier. Hy oars ek wol genôch foar de kiezzen hant yn it libben, ek oars wol as dy rottige polityk. Foar Frans gjin razerige advertinsje yn'e Ljouwerter. De gemeente kaam noch mei in hiel lyts postsegeltsje, wêryn't ik noch krekt gewaar wurde koe dat Frans fjouwer jier yn'e gemeenterie sitten hie. Ik ha net op'e begraffenis west, mar yn myn tinzen wie ik derby. Frans, stil, ynbannich gong er syn wegen. In doarpsman, in mienskipsman, sa ha ik him kinnen leard yn ús tiid by de FNP. Foar Frans gjin roppende mannichte. Ek gjin applaus...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten