vrijdag 6 april 2012

Identiteitskrisis

Hjoed krige ik post fan de gemeente Menameradiel. Post wêr't ik tige mei op it skik bin, want it blykt dat my in soarte fan ivige jeugd taskikt is. En dêr sille in soad froulju jaloersk op wêze. In brief wêr't gjin Botox tsjinoan kin. Oan 'e oare kant: troch dit brief bin ik mysels ek folslein kwytrekke en dat is fansels minder.
Lês en huverje:

"Uit onze administratie blijkt dat je binnenkort 14 jaar wordt. Tegenwoordig moet iedereen van 14 jaar of ouder een identiteitskaart bij zich dragen: je moet je kunnen legitimeren (...)".

Blikstiender. No ha'k in pear problemen:

a) ik doch al 18 jier oan joyriden
b) ik bin in pubermem, mei op 13-jierrige leeftyd al in dochter fan acht en ien fan fiif.
c) ik ha al hiel faak illegaal te stemmen west
d) ik ha as skoalbern seis jier yn 'e gemeenteried sitten
e) ik doch al tweintich jier oan kinderarbeid
f) ik bin grif de jongste mei in eigen hûs, mar ha dêrfoar net in hanttekening krigen fan heit en mem
g) oant en mei z) noch in knoarre dingen te betinken dêr't ik strafber foar bin. Ik ha nammentlik bern en dus ek oan seks dien en dat mei net as jo hast fjirtjin wurde.

Mar it slimste fan alles is: ik ha akkuut in identiteitskrisis oprûn. Wa bin ik noch, no 't ik net dy 36-jierrige, selsstannige, hurdwurkjende, allinnichsteande mem Martsje bin, dy 't ik tocht dat ik wie?
Ik soe my no graach wat moed yndrinke mei in bêste buorrel, mar ja, noch gjin sechstjin...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten