dinsdag 12 februari 2013

Oer ien nacht iis...


Bin benijd hoe 't it fierder giet mei de eventuele bou fan in 400 meter-iisbaan yn Ljouwert. Dat ding is, sûnder dat der ek noch mar in spiker slein is, al seis miljoen euro djoerder wurden. Net is mins  dy 't dat troch hat, mar fan 't hjerst, doe 't der noch wakker diskussieard waard, stie de teller foar in 333-meterbaan op 13 miljoen euro.
Neffens de KNSB moast it in 400-meterbaan wurde. Klear, seine de Ljouwerters, noch folle moaier. De kosten waarden rûsd op 18 miljoen euro (sykje mar ris op it wurd iisbaan Ljouwert, op Omropfryslan.nl). No hat de provinsje 10 miljoen euro tasein, mar blykt de rûsde priis fan de hal yntiids op 24 miljoen te kommen. Der moat dus noch begongen wurde. Wêr eindiget dit?
Fierder wurdt der praat oer: gjin konkurrinsje of skea foar Thialf. Oh nee? Der binne berjochten oer itselde ûnderwerp, dêr't praat wurdt oer 'minimaal anderhalve ton inkomstendelving voor Thialf'.  Wat tinke jim dat der bart mei de iisferienings dy 't no gebrûk meitsje fan Thialf? Alles wat út 'e omkriten fan Ljouwert komt (en dat binne der noch al wat), sil aanst fansels ek yn Ljouwert ride. Dat rekket Thialf allegearre kwyt. Mar dêr hearst net in mins oer. Dat wurdt in gat yn 'e eksploitaasje fan hier-tot-gunder en wa moat dat bypasse? Links de provinsje, want dêr moat in fûns oanlein wurde fan 250.000 euro yn 't jier en rjochts by de minsken dy 't nei in wedstryd op it Fean ta wolle. Wurdt in moaie djoere brot. En Ljouwert? Dêr laitsje se har slop. Krije mear as dat se fregen, en kinne aanst de riders amper mear bergje. Let mar ris op. Ik gok op it fjirde faillisement fan Thialf!
Dy namme fan 'e Ljouwerter hal moat oars noch al efkes oer praat wurde. It wie Alvestêdehal, mar yn 'e lêste berjochten wurdt wakker praat fan Elfstedenhal. Sjoch, dan soe ik as provinsje, mei in dot fan in Kultuernota, fuort de keutel wer ynlûke!

1 opmerking:

  1. It is in frijwat dramatysk plan dat mar wer ris oanjout hoe't de KNSB (Doekle) en de Hoofdplaats (Crone) mei de matearje omgean. Fansels sil Thialf fallyt gean. Mar Ljouwert ek. It skynt neat út te meitsjen hoefolle mienskipsjild der de feart yn kroade wurdt. Hoofdelijk oansprakelik stelle, mei weromwurkjende krêft wat my oanbelanget, dy megalomane bestjoerders dy't inkel dwaande binne harren namme yn de skiednisboekjes te krijen. http://www.ensafh.nl/?p=28958

    BeantwoordenVerwijderen