woensdag 10 juni 2015

Nei it einepikefel no de triennen

In pear jier lyn skriuwde ik in kollum foar de knkb-webside. 'Einepikefel' neamde ik dy. It gong oer dy iene Kening Keatser (mei in grutte K) dy 't werom kaam. It begong mei in foarsichtich optreden yn de twadde klasse. Wol mei de krânse nei hûs fansels.

Dy iene krânse waard folge troch in kompleet blommesintrum. Twadde klasse waard earste klasse. En doe gong it oan. Want it súkses waard te moai en te grut om wier te wêzen. Dus moast der wat fûn wurde om him te stopjen. It wie gau helder: ien op oardel poat, dy 't jierren stil stien hie, koe net goed genôch wêze om prizen te pakken op in heger nivo as by it ledekeatsen. Hy kaam werom op de PC. Keatste de finale. Koe net en mocht net. Mar it barde al. De sympaty sloech om yn ôfgeunst.

Wilens pakte Cornelis yn alle iepenbierheid syn âlde striid wer op; elk moast itselde materiaal ha om mei te keatsen. Guon wanten fan guon keatsers wienen hurder as oare wanten fan oare keatsers. En sa kaam de epoxy yn iepenbierheid. Mei de klam op dat lêste: want it wie der fansels al lang. Jim tochten dochs net dat Reinder de wanten mei in prittstift yn elkoar kwispele?
It ferfolch kin ik koart oer wêze. Cornelis wie de lul, Reinder de cherubyn. De striid hat noch al efkes duorre, mar de ein lei fêst: de Kening Keatser moast pipele wurde. Mei it keatsbûn foarop en binde jankende wolven der efteroan. Jim ha jim sin.

Mei it stopjen fan Cornelis Terpstra​ steane my de triennen neier as it laitsjen. Fierder kin no by in grut part fan de keatsleafhawwers de krokodilletriennen mar streame en it och en wee roppen mar begjinne. Want och och, wat fynt elk it slim. Absolút.

Dochs hâld ik hoop op gerjochtichheid. It artikel dat ik skreau oer de want en alles wat der al en net yn siet, mocht net pleatst wurde. Jim sille der faaks net bot erch yn ha, mar de media ha swijd yn alle talen, oant it momint dat se Cornelis swart meitsje koenen. Doe doarden se wol. Ik kom net wer by it keatsen. Dêr sil net in minske wekker fan lizze, mar dochs. De wierheid sil oan it ljocht komme. Hurder en net te wjerlizzen. Ik hoopje dat dy hiele klyk dan mei in bloedgong fan syn fuotstik falt. Dan komt hjir de flage út.
Cornelis!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten