woensdag 15 juni 2016

Tongerfûst, wêr bist?

De ôfrûne tiid is de Fryske taal wakker yn it nijs. Alderhearlikst fergnjidde troch oerjierrige en oerhuorrige ynstituten wêrfan 't ik lang noch it heil ferwachte. En ja, se ha my it ljocht sjen litten. Ik wol net langer lilk wêze op de FNP, dy 't it Frysk gjin needsaak mear fynt, om 't se benaud binne as taalpartij te boek te stean, ynstee fan as politike partij. Ek net op de LC, dy 't mei Asing Walthaus in skriuwer yn hûs hat dy 't wol aardich tûk is yn it ôfbrekken fan ús taal. Alhiel net op de Fryske Akademy, dy 't mar al te graach út de mûlen fan net-Frysktalige ynklauwers optekenje lit dat it Frysk as skreaune taal sa goed as dea is en dat wy dat foaral ek net ûntstride en bestride moatte, it is ommers wrâlds berin. Sels net op ien as Jan Ybema dy 't de taal kneuterich fynt en de literatuer net goed genôch, of Goasse Brouwer, dy 't it net langer slim fynt dat tiidwurden yn syn boeken omdraaid wurde en hollanismen de boppetoan fiere. Wol nee. Ik sis TANK. TIGE, TIGE TANK. Jim ha my wekker skodde. De Fryske taal is yndie net holpen mei ronfelige liken dy 't in miening ha en dy 't de oerheid ferantwurdlik hâlde wolle. It Frysk is holpen by de jongerein, dy 't Frysk praat en skriuwt. Frysk is seksy. Frysk is machtich. Al dy bern, jou se in himd of oerstrûper mei de tekst 'Praat Frysk of stjêr ôf'. Lit dy âlde stofnêsten thús en gean de boer op, jongerein. Bolderje, tongerje, rop en raas yn ús eigen taal. Baldr's Draumar berikt mear as Johannes Kramer. Jou ús Fryske eksportprodukten in bosk fearren yn 'e broek. Hatsé! Frysk, blinder. As der in muzykfestival is, set Frysktalige bands del. En dan net fan dat sieddeadzjende gejammer yn mineur en senioaretempo, mar dek der op! Lit dy net yn it Nederlânsk sitearje, mar stean op Frysk. By need mei ûndertiteling. Set Fredrik The Great yn as boechbyld: sá moai is in Fries. Wês grutsk om in Fries te wêzen. Dy 't grutsk is dat er in Fries is, sil de taal omearmje. Dat is de krekte folchoarder, net oarsom. Stap út dat Calimero-pakje en brûs der yn. En lit dy ôfskreaune grynders mar stil yn har eigen fet besmoare. It Frysk hat ferlet fan in knappe demagooch, ek al leit sa 'n wurd faaks wat gefoelich. 'Die Fahne hoch...', dat ydee. Frysk bloed tsjoch op. Omearme by need ús heidenske ferline. Tongerfûst, wêr bist?

3 opmerkingen:

  1. 100 punten...sizze wy dan yn de Wâlden...útsein IT PLAK om jins oer-fryske gefoelens te úterjen...en nei Kjeld te harkjen en te sjen op Dokkem Open Air (want ferjit Kjeld ek net - fryske blackmetal)...maar yndie Baldrs is ek swier okay...yn dat ljocht is Willem Schoorstra faaks ek wol in nijsgjirrich man as über fries...(Willem is de heit fan ien fan de Baldrs mannen)...bêst oant safier dan mar...foar't ik hjir in hiel essay skriuw, groetnis Lubbert Jan de Vries (dichter) Burgum, lubbertjandevries@hotmail.com

    BeantwoordenVerwijderen