zondag 12 december 2010

It bloed krûpt

In nije bloch, in nije titel, oare toan, oare ferhalen, optinksels, bespegelingen, selde skriuwer. Sa wurdt it sawat. Fan't simmer sette ik útein mei in bloch yn it Hollânsk. Oars wol aardich, mar it einde net rjocht: twa kear in ferhaaltsje en dat wie it. Net om't ik neat te skriuwen hie, mar om't ik leaver yn myn eigen taal skriuw. Mar goed, ik woe sa graach as freelancer mear oanslach ha en dus liet ik my ferliede en stap fan myn eigen prinsipes ôf. Net it hert folgje, mar it ferstân. Meastentiids ferstannich, mar ek like faak beteart it mis. Sa ek mei myn skriuwerij. As it krijen fan in opdracht ôfhingje moat fan de taal dy't ik brûk op it web, dan mei, hokker opdrachtjouwer dan ek, syn as har wurk om my hâlde. Ik folgje myn hert, skriuw almeast mei it hert. Praat der ek mei: it leit my no ienkear foar op'e tonge. Ek net altyd ferstannich, mar it heart by my.
Dêrom kinne jim my tenei hjir fine. Soms mei in aardich ferhaaltsje, inkeld ris mei reaksje op aktuele saken en no en dan ris mei in oertinking. Yn ús eigen taal, want "wa't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt." Noch sa'n siske hinget by my op it húske (it hinget dêr fol mei aardige siswizen): As ús te folle Hollânsk oanwaait, dan giet it âlde aard en taal ferlern en wurde wy unfrysk!

Sa't it sein is.

Groetnis,
Martsje

Geen opmerkingen:

Een reactie posten