maandag 13 december 2010
Orpa
Snein yn Bitgum yn'e preek west. In Frysken dizze kear, dat ik ha de bern yn'e sneinskoalle brocht en bin sels yn ús âld Martinustsjerke sitten gien. Frou Hiemstra fan Dokkum. Guon kenne har leau'k ek fan ús gemeentekantoar. Mar goed, snein dus te uzes op'e preekstoel. It wie tredde advint, wy wachtsje mei elkoar op it krystfeest. It ljocht dat altyd wer komt, ek al is it noch sa tsjuster. Ede Staal song der ek al oer en grif noch in hiel soad oaren ek. Trou ljocht, hoopjaand ljocht, feest fan frede, ek al sjitte se elkoar yn it grutste part fan'e wrâld noch altyd út namme fan sa'n selde ljocht it ljocht út'e eagen. Mar dêr mei ik net oer oardiele. Wol wat fan fine, mar gjin oardiel oer útsprekke, safolle bin ik yntiids wol wiis wurden. Dat docht God ommers ek net, sei frou Hiemstra snein. Sy neamde in âlde Joadske siswize: "God hoecht mar in ferhipt lyts bytsje te ferjaan, want hy feroardielet eins nea." Food for thought of wol: prakkesearfoer. Frou Hiemstra preke oer Ruth. De bibelfêsten ûnder ús (of sy dy't der mei opgroeid binne, mar om hokfoar reden dan ek letter losrekke binne) kenne Ruth en har skoanmem wol. Foar dyjingen dy't gjin idee ha: Ruth is de skoandochter fan Noömi. Noömi wie mei har man en soannen útnaaid foar de hûngersneed en bedarre yn Moab. Dêr trouden har beide soannen mei Orpa en Ruth. De heit en beide soannen stoaren dêr yn dat sûndige (want elk wie dêr famylje fan elkoar, krekt Urk dus) Moab en Noömi mei har skoandochters teagen fuort. Mem Noömi woe dat de beide froulju yn Moab bliuwden, om op'e nij in man te sykjen. Orpa gie oerstach en naam ôfskie fan har skoanmem en -suster. Ruth lykwols woe der gjin praat fan hearre en bliuwde Noömi trou oan't yn'e dea. Moai fan Ruth fansels, mar it gie dus dizze loop om Orpa. Neffens frou Hiemstra wurdt der yn it ferhaal net oerdiele oer it feit dat Orpa foar har eigen gelok kiest en werom bokselet nei Moab, want soks docht God ommers ek net? Wêrom, freegje ik my dan ôf, wurdt yn de ferklearring fan dit ferhaal (en dy stiet neffens my wol yn theologyske boeken, want sels sille dy dûmny's ek net alles witte), dat de namme fan Orpa betsjut: sy dy't de rêch takeart? Tige symboalysk fansels, want al dy bibelske lju hâlde en drage har neffens de namme dy't it boek har opplakt hat, mar ek net sa "oardielfrij". De rêch takeare is ommers negatyf? Dêr sit neffens my in oardiel fan komsa yn, of is dat de betsjutting dy't wy, moderne lju, der opstikkere hawwe? God oardielet net, seit frou Hiemstra. Kin ik ynkomme, mar wêrom dan sizze dat Orpa safolle betsjut as "sy dy't de rêch takeart"? Ik hoopje dat der nochris in nije útlis komt, wêryn't sein wurdt dat Orpa symboal stiet foar "sy dy't har eigen paad giet", of "sy dy't in oare wei kiest". Net per definysje minder, mar wol oars. Gjin oardiel. Suver mindful: konstateare, mar der gjin oardiel oan hechtsje. Net negatyf en net posityf. God is syn tiid fier foarút, no wy noch!
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten