Ik mei stomme graach lêze. Boeken, kranten, tydskriften yn alle soarten en maten, by need in roddelblêd, teletekst, ynternet... as der letters op steane is it my al gau goed.
Doe't pake Wybe stoarn wie, yn 1994, krige ik al syn boeken dy't er opgarre hie fan'e KFFB. Allegearre keurich foarsjoen fan in plakkerke: W.R. de Jong, Landbouwer, Pingjum. Oan't dy tiid, ik wie 18, lies ik ek al alles wat los en fêst siet, mar noch net in hiel soad Fryske boeken. Ja, op'e legere skoalle de Fryske Bernekrante en letter kocht ús heit, sels Frysker as Frysk, foar my út'e boekekroade 'Hoe't Harm hûn syn boarter fûn' en 'Jappy en it sûkeladefabryk'. Prachtige boeken, ik ha se noch. Mar fierder kaam my net in soad Fryske literatuur troch de hannen. Dat feroare dus nei it ferstjerren fan pake. Ik wit it noch klear: om't ik in foarkar hie foar seefeart, pakte is as earste ien fan'e Springtij-boeken fan Abe Brouwer. De hiele ramp fan Wierum 1893 friet ik op, as soe der nea wer in letter ta my komme. De oare twa dielen hie'k dan ek gau út. Doe bedarre ik yn A.A. van der Werf: By de wâl del, yn'e berm lâns en op'n paad. Ek al sa moai. Wol tige fyn en dat wie ik, fan hús út grutbrocht yn Doperske tradysje, net wend. Mar ik ferlear my finaal yn'e wrâld fan Fryslân begjin 20e ieuw. Do riedst it al, dy hiele foarrie fan pake gie der yn rap tempo troch. Doe begong ik sels boeken te keapjen, ik hie ommers stúdzjefinansiering? Rink van der Velde, Paulus Akkerman, Hylke Speerstra, Froukje Annema, Riek Landman, net in boek wie feilich. Myn samling tine stadichoan út en sa giet it eins noch. No is der fansels inkeld ek wolris in boek by, dat my net, of minder, oansprekt. Ypk fan der Fear bygelyks, leit my net sa bot. Doete Venema ek net. Anne Wadman fyn ik moai, mar begryp ik net altyd en Trinus Riemersma, dat hat sa syn útfallen, al skriuwt dy man wol hiel moai en moat ik der altyd wer om laitsje. Mar ferline hjerst krige ik in boek kado, dat ha'k net iens útlêzen. Sterker noch, ik wie der nei trije siden folslein op útskiten. 'Het koepelmysterie' fan Marc Jacobs en Marike Vreeker. Dat it net Frysktalich wie, hie dêr neat mei te krijen: ik lês nammers ek alles wat út Skandinavië komt en dat wurdt oant no ta net yn it Frysk oersetten. It wie de styl dy't my nekte. De earste twa siden wurde brûkt om in espressoapparaat te beskriuwen, dêrnei in side lang geleuter oer in potsje salve foar it iene as oare. Doe't ik efkes efteryn seach, en ta de konklúzje kaam dat ik noch 230 siden troch moast om oan'e ein te kommen, ha'k it boek radikaal tichtklapt. Bah, ik begryp dat jo yn literatuur styl ferkeapje moatte, mear noch as in ferhaal, mar dit wie Gjin Styl. Jim begripe, ik bin net iens oan it ferhaal takommen, ha dus ek net útfine kinnen of't it plot wat te promjen wie, ik koe it net opbringe om noch fierder te lêzen.
Fansels is dit bloch net yn it libben roppen om resinsjes te skriuwen fan in oar syn wurk, mar doe't ik fannewike itselde boek werom krige fan skoanmem, dy't oars sels it tillefoanboek ynteressant fynt, mei de wurden: 'ik bin der net trochkommen, wat in ferskrikking', doe wist ik dat it net oan my lei. Dêrom dizze warskôging: skoanmem is net fierder kaam as side 43...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten