vrijdag 17 december 2010

Pantsje

Rare bak: ik ha in fitrinekastke fan ús mem urven en dat ding hinget no al in foech jier leech oan'e keamersmuorre. No hie ik wol wat om der yn hear: berteleppels fan my en de famkes, fan dy sulveren bekerkes, in hâlder foar in breipriem en ek noch twa Makkumer ierdewurken pantsjes. Wat is it probleem dan en doch dy saken yn dat kastke, silst tinke, mar goed, slûge soe ek...
Doe't mem der woansdei foar de safolste kear in, net al te subtile, opmerking oer makke (dat kastke kin takom maaitiid wol nei de rommelmerk, brûkst it dochs net), ha'k mysels in skop ûnder'e kont jûn. Nei Menaam om dûbelsidich plakbân en doe werom nei it kastke, om alles in plakje te jaan. In hiel gesoademiter, mar lang om let siet alles te plak. Ik oan'e kofje en doe seach ik noch in sulveren rammelderijke lizzen, dat ek der ek noch by moatten hie. Plakbantsje derop, kastdoarke iepen en ...klets... dêr soalde ien fan myn Makkumer pantsjes oer'e flier. Oan gruzeleminten fansels. Meastentiids kinne se my om soks by de buorlju wol skellen hearre, mar dizze kear sei ik mar trije letters en dat ek noch hiel sacht. Lûd genôch lykwols foar twa pear lytse earkes, mar afijn. Dy pantsjes binne fansels gjin prultsjes fan in tientsje, dat it begrutte my raar. Gelokkich, sei myn âldste, wie it net sa'n moai pantsje, no mem? Nee leave, it wie gjin pronkstik, mar dêrom hoegde it noch net fan boppen te kwakken. De jongste liet har fan har praktyske kant sjen en kaam mei har prittstift oan. Se socht de stikjes by elkoar en fûn dat mem it pantsje dan mar lymje moast. Ha'k úteinlik ek dien. Net mei de prittstift, mar mei de bisonkit. It pantsje sit wer yn elkoar, mar der ûntbrekt noch ien lullich lyts hoekje. Dat sil wol ûnder'e piano rekke wêze.
It oare pantsje rekke ek al gau los, mar dat koe'k rêde en leit no wer yn'e kast. De leppels sitte noch fêst en ek de bekerkes steane te pronk. It kastke bliuwt foarearst dus mar hingjen en dat pantsje, dat moat dan mar mei Libbe mei nei de rommelmerk. No mem earst noch fertelle dat der sa'n prizich pantsje sneuvele is...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten