donderdag 23 december 2010

Krystkaarten

Fannewike ha'k eindelik dien wat ik al lang soe: krystkaarten op'e bus smite. En mei 'al lang' bedoel ik net: ferline wike of dy wike derfoar al, nee, ferline jier en it jier dêrfoar al. Sterker noch, ik hie in hiele stapel kaarten lizzen, dy't al jierren lyn op'e bus moasten. Noch kaarten rjochte oan kollega-gemeenteriedsleden. Ik bin al hast fjouwer jier út'e rie, dus dan witst it wol. Ik bin wolris wat sleau yn dy dingen sjoch. Dat sadwaande ha gâns kollega's, famyljeleden en kunde yn gjin jierren in kaart fan my hant mei de krystdagen. No gunde ik dy minsken wol goede krystdagen en ek wol in lokkich en sûn nijjier, mar dat mei dy kaarten... ik bin der wat in sûch yn. Gelokkich moast ik ferline wike de kast yn'e gong te liif, om't it measte guod der út soalde, doe't ik it doarke iepen die. Dêr kaam ik dus ek al dy kaarten wer tsjin. Earst mar ris oan it skiftsjen west: riedsleden en kollega's fan'e útjouwerij hoegden gjin kaart mear: dêr wie ik ommers al sa lang út. Fierder noch wat famylje en kunde dy't yntiids ferhuze wiene en dus in nij kevert om'e kaart ha moasten en dan noch in hantsjefol kunde, dat net sa bot kunde mear is. De helte fan'e kaarten dus yn't jiskefet, de oaren efkes by de tiid makke: fansels mei ekstra postsegels, want de desimbersegels binne yntiids alwer helte djoerder wurden, dus ek noch nei de bakker om postsegels fan fiif sinten. Doe nochris de kaarten besjen (ik plak de keverten gelokkich nea ticht, dat kin de brot altyd nochris ynsjen) en sa betocht ik my: man is yntiids fan it toaniel ferdwûn en heart dus eins ek net mear op'e kaart. Skrasse hâld ik net fan, dat by syn famylje (op't lêst ek famylje fan my en'e famkes wurden) en freonen fan ús beiden ha'k syn namme mar stean litten. De oaren krigen in nije kaart. Ik hie noch wol in pear oer, want by Bleekveld yn Menaam ha se alle jierren deselden en dêr ha'k alris moai wat fan ynslein. Lang om let bedarre der in steapeltsje fan tweintich kaarten yn dy, alderferskuorrendst mâlle, oranje brievebus. In hiel soad foar myn dwaan. Op'e weromreis rûn ik buorfrou tsjin't liif, ek mei krystkaarten op'n paad. Se hie wol in goeie tachtich, sei se. Ik sei neat, mar tocht: hoe lang soesto se dan al yn'e kast hâlden ha...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten