zaterdag 1 januari 2011

Tige behearskber

Lokkich nijjier, lok en seine, alles wat winsklik is, de bêste winsken foar it nije jier, wy ha it allegearre al moai wat kearen oanhearre moatten, dat fuort dan mar, ik winskje dy ek alles watst my tawinskest foar 2011.
In behearskbere nacht, sei de plysje Fryslân foar de radio. Om je de bûsen út te skuorren: in poging ta nij Frysk fan de Omroepers? Nachten binne altyd te behearskjen. Dagen, wiken, moannen, jierren, alles is 'behearskber'. Der binne mar in hiel pear saken dy't wy yn it libben net behearskje: ús sels, ús meiminsken op dizze ierdkloat, de tiid en it lot. Al is dat lêste meastentiids net mear as in ferhipt lullige kombinaasje fan dy earste trije. Mar goed, om't de plysje ús, ús meiminsken en de tiid net behearskje kin, behearskje se dat iene wat se neffens eigen sizzen dan al kinne: de nacht. Moai foar harren.
Yn ús provinsje 59 fjoerwurkslachtoffers (yn alle gefallen 60, want ik ha buorfrou fannacht in pear knappe blierren besoarge mei myn romeinske kears, dy't omkneppele en doe op har begong te sjitten, mar buorfrou koe it ôf mei in pear iisblokjes en in kâld fleske bier, dat se hat har net by de earste help sjen litten en is dêrom ek net meiteld). Affijn, ferline jier wiene der mar 10. Dit jier dus 50 mear, dy lieten har net behearskje dus. De brantsjestokerij wie oars aardich beheind, mei om't der rûnom feesten hâlden waarden. Ek yn Bitgum. De brânbult wie oars mânsk genôch, mar om't der healwei Bitgum en de útbuorren in tinte opboud wie, dy't oerrûn fan bier, wiene der amper minsken op'e lap en al hielendal gjin jeugd. Sadwaande kaam ik fannacht mei de buorlju, it ien en oar oan brânber guod en in protte lokwinsken foar elk dy't wy treffe soene, by dy brânbult oan: út! Gjin waarmte, gjin geknetter, gjin oanbaarnde hinnen by Lolke Jan, gjin tuteraasje mei oansketten doarpsgenoaten en ek net as in heale soal yn'e rûnte springe, om't ien as oare kloat in sek fol fjoerpylken yn it brantsje keilt. Koartom, de geselligens wie dêr wêr't wy net wiene: in lytse kilometer fierderop. En dat wie tige behearskber, dat se hiene fan ús ek neat gjin ferlet.
No ja, de buorlju hiene wol wat te drinken oer en ik hie by wer oare buorlju al knap foarút boarnd, dat mei in pear minsken noch hiel aardich sitten en trije oere op'e koai. Dat hie ek wol in lyts kertier earder kind, mar nei dy wûndere kombinaasje fan reade wyn, port en sjampanje koe ik it kaaisgat fan'e foardoar net fine. Ik ha in moai skoft stean te knoffeljen en bin doe dochs mar efterom gien: dy doar siet ommers los?
Koartom, ek myn nacht wie behearskber, al hie'k mysels wol wat better behearskje mocht, dan hie dy skommel yn myn mage der no net sitten. Net te behearskjen dat ding.
Mar och, wat ha'k hjoed al in wille. Ien dei yn 2011 en ik ha myn moaiste wurd al fûn. Mei tank oan'e plysje en fansels ús geweldige Fryskpraters en -skriuwers fan'e Omroep. Behearskber, myn reet. Siz dan gewoan dat der op in pear brantsjes en wat brânblierren nei net in klap te rêden wie.

Tsjoch op 2011!

1 opmerking:

  1. Ik tink dat dy drank noch net rjocht útwurke is of syn wurk hiel goed dien hat.

    Tsjoch!!!

    BeantwoordenVerwijderen