zondag 30 januari 2011

Bodders yn'e wyn op

Hjoed lies ik yn'e Ljouwerter in ferhaal oer in stikmennich âldere Fryske politisy, dy't har foar de kommende Steateferkiezings op in list sette litten hawwe. Fjouwer mannen, dy't al in hiel skoft polityk aktyf binne en dy't teloarsteld yn de iene partij, de oerstap makken nei in oare. Om fansels wer teloarsteld te wurden, want as jo polityk aktyf binne moatte jo ferrekte goed hannel driuwe kinne (lês: jo prinsipes ferkwânselje kinne), of trijedûbeld fel foar de kop hawwe. Oars hâlde jo it neffens my net lang út.
Polityk is nammers net it plak om prinsipes te huldigjen. Dat wol sizze, bûten ferkiezingstiid om. Want sadree't der ferkiezings foar de doar steane, och hea, dan wolle hja allegearre wol roppe wêr't de partij foar stiet. Mar wat spitich no, it is, ûnder normale omstannichheden, mar ien kear yn'e fjouwer jier ferkiezings. Dat hâldt yn dat politisy har mar ien kear yn'e fjouwer jier hurd meitsje foar har stânpunten, sa lang as dat elektoaraal ferantwurde is. Wêrmei't ik eins mar sizze wol dat de trochsneed politikus mar ien kear yn'e fjouwer jier ropt wat him troch de partij as ferkiezingsprogram oanbean is en dêrnei hannel begjint te driuwen. Foaral as it plús yn it geding komt. Want dêr giet it fansels om: koalysjepartij wêze, betsjut macht hawwe. Dat wol sizze: de grutste koalysjepartij wêze, betsjut de grouste finger yn'e brij stekke meie, it heechste wurd fiere meie oan'e ûnderhannelingstafel en de baas spylje meie as it oankomt op it gearstallen fan in koalysjeprogram.
As grutste partij kinne jo je stânpunten noch aardich lang fêsthâlde, as jo wolle. Mar dan moatte dat fansels gjin stânpunten wêze, dy't jo yn ferkiezingstiid allinnich oanhongen ha omwille fan it reade potlead. Dy saken dy't jo wol roppen ha om stimmen te winnen, dy smite jo yn'e kommende fjouwer jier mei in rotgong wer oerboard.
De fjouwer mannen dy't yn'e Ljouwerter stiene, ha dat allegearre alris meimakke. Se sieten yn'e gemeentlike polityk foar in bepaalde partij, krigen spul (lês: hiene gjin nocht om ja te knikken, as har gefoel en ferstân in dúdlik 'nee' hearre liet) en stapten oer nei in oare partij, of giene as ienmansfraksje fierder. Yn dy lêste foarm ha jo it minste lêst fan tsjinakseljende en twingende partijbestjoeren, mar ha jo ek (en dêr giet it fansels al om yn'e polityk) gjin nuts yn te bringen yn it deistich bestjoer. Jo steane al gau te boek as nee-ropper en wurde dêrom bestimpele as 'net-konstruktyf'. As jo dan letter al wat mear oanhang krije, dan ha jo as nije partij noch amper kâns op in sit yn it plús, om't jo te boek steane as 'dwers' en dus in gefaar opleverje kinne foar de koalysje-dissipline. En dat hat fansels fatale gefolgen foar de stabiliteit yn rie, Steaten, of regear.
Oerstappe nei in oare partij liket in oplossing, mar is neffens my in wei dy't liede sil nei nije teloarstellings, om't jo yn dy nije partij ommers ek wer te meitsjen krije mei partijdissipline?
Seis jier lang siet ik yn'e gemeenteried fan Menameradiel. Fjouwer jier lang as opposysjelid. Doe koe ik it my noch wolris permiteare om nee te sizzen, as myn partijgenoaten ja-knikten. Of oarsom. Ik libbe foar myn idealen, foar myn prinsipes en wykte dêr net fanôf.
De lêste twa jier siet myn partijke yn'e koalysje. Dat wie net fansels gien, wy hiene der in hurde striid foar leverje moatten. It koste de PvdA leden en sels harren, yn myn optyk, bêste fraksjelid joech der de brui oan. Feike Wagenaar hat as ienmansfraksje noch efkes ôfwachte of't Hans Flaman net stikum dóchs noch werom komme soe as wethâlder en is doe ôftaaid. Syn gefoel foar rjochtfeardigens makke him polityk ynkapabel.
Sels ha ik it noch twa jier besocht, mar koe ek net omgean mei it 'ja-knikken op kommando'. Nee is by my no ienris nee en as ik in útstel fan in oare partij goed fyn, dan stypje ik dat. Punt út. Twa jier ha'k besocht dy twang yn mysels ûnder'e kwint te krijen. Twa jier wêryn't ik in glûpende hekel krige oan it gemeenteriedswurk. It is net bedoeld foar minsken mei prinsipes, of it prinsipe moat wêze dat jo safolle mooglik jesels op it boarst roffelje meie. My slagge it net, ik ha it byltsje der by del smiten.
Dy fjouwer mannen yn'e Ljouwerter besykje it wér. Foar in oare partij, somtiden sels in hiele nije partij. Se stride troch, faaks tjin better witten yn, om't se net oars kinne. Sy leaver as ik. Ik sjoch mysels net partijhoppen. Ik wit ek net of't ik ea de goeie persoan wêze sil foar de polityk. Destiids sei ik: as it op myn prinsipes oan komt, dan ha ik in houten kop. En dat ha ik noch, bin ik bang. Dy mannen sette troch. Bodders yn'e wyn op...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten