Soa. Dêr wie ik wer. It hat efkes in skoftsje stil west hjirre. Net om't ik myn nocht hie fan it bloch-skriuwen, mar om't ik de gryp hie. En dan net in bytsje heal, mar hielendal, âlderwetsk, mei snot, spierpine, pine holle, koarts en alles wat der mei anneks is. En om it hielendal moai te meitsjen as útsmiter noch twa dagen en nachten mei de dongwein op'e kletter. Koartom, gjin moed om te skriuwen, mar gjin noed, ik bin der wer.
As earste ha'k fannewike mar ris foarsichtich wer op Twitter sjoen. Soe ik wat mist ha? No, om earlik te wêzen, net it measte. Ik folgje in man/frou as tachtich. In tal hurdriders, wat skriuwers, in hantsjefol kunde en in hiel inkelde politikus. As ik dan ris by dy minsken yn'e list sjoch, dan falt my op dat guon minsken wol in pear hûndert minsken folgje. Wêrom eins? Binne dat allegearre minsken wêrfan't jo witte wat har dwaande hâldt? Of is it foar in part: ik folgje in knoarre, dus folgje der ek in knoarre my? Der binne guon by, dy't my net mear folgje faaks om't ik yn it Frysk skriuw. No, dat is dan mar sa.
Ek guon om't it se nei alle gedachten net it measte ynteressearret wat my dwaande hâldt. Grut gelyk, dan moatte jo my net folgje. Mar wat falt my no noch it measte op en ek it measte ôf? Der binne hiele folksstammen, dy brûke twitter om live ferslach te dwaan fan wat der op tillefyzje te sjen is. En dan meast fan programma's dêr't men oare minsken yn al har kwetsberheid sjen litte. Boer zoekt vrouw, popstars, the voice of Holland en al sa mear, it wurdt breed útmetten op twitter. It wurdt in wedstriid 'wa makket de sneuste opmerking'. Fan guon minsken wit ik sels, dat se tegearre op'e bank sitte, fuotten op tafel, mobyltsje yn'e hân en dan tegearre ferslach dogge fan harren tillefyzje jûn. Och wat smûk net?
Dat is dus de nije romantyk. Net mei elkoar in pypfol prate, mar in pypfol twitterje. Witte jo dochs noch wat de oare helte dwaande hâldt. Alhoewol: de oare helte docht mei oan dy wedstryd fan de sneuste opmerking, dus jo witte net of't hy/sy no echt mient wat er/sy skriuwt, of dat it allinnich mar wat ropperij en razerij is.
Wat in wille: om de ferfeling tsjin te gean en de sleur te ferbrekken: twitterje. Sjogge jo it foar jo? Romantyk ten top. Tsjin elkoar op biede op twitter. Noch efkes en dan komme de buorlju der ek by te sitten, kinne hja fjouwerisom yn'e slach oer boer-wit-ik-folle-wa. Komme hja ek nochris by elkoar oer'e flier. En it noflikste; it praat stûket nea.
Och, doe't ik dit fannewike ris oereide, wist ik ynienen wêrom't ik yn ferhâlding mar in bytsje minsken folgje: dan bliuwt dy flauwekul my foar it grutste part besparre. Ik moat der net oan tinke, wat ik allegearre lêze moatte soe as ik in pear hûndert minsken op dy wize byhâlde moast.
In wike siik en mar in bytsje mist. Dat foel dus ta. No sil ik al wer wat bylêze, want der binne guon, dy mis ik al as ik twitter net lês. Oan't de oare kear dus, dan ha ik hjir ek grif wer wat sinnigers te melden.
Groetnis,
Martsje
Geen opmerkingen:
Een reactie posten