woensdag 20 april 2011

Pinksterblommen

Se bloeie folop, de pinksterblommen. Se binne betiid fan't jier, sei buorfrou. Nee, sei ik, peaske is let. Mar lykwols, it bliuwe pinksterblommen. Se soene har dochs in bytsje oanpasse moatte oan'e geastlike kalinder? Wylst wy ús manmachtich tariede op it wûnder fan Peaske, mei fespers, nachtmiel op wite tongersdei, Goed Freed en Stille Sneon, ferriede dy lytse blomkes al it feest fan Pinkster. Net ynbannich wachtsjend op'e útstoarting fan'e Hillige Geast, mar no al roppend, geiend fan wille yn bleekjes, bermen en greide. Pinksterblommen, it lykje der alle jierren mear te wurden. Lytse bliid-boadskipsjongers fan mem natoer. Sels de grouwelichst flokkende buorman hat syn bleekje fol te stean. By my bloeie se ek, in pear mar, mar ik bin der wiis mei. By it gersmeanen fannewike, ha'k der kreas omhinne stjoerd...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten