donderdag 7 april 2011

Wreed of bisteleafde?

Lêstendeis in berjocht yn de Ljouwerter fan in man, oer in kat dy't yn'e sleat mitere wie troch immen dy't syn nocht fan dat bist hie. De kattemepper wie net de eigner fan it bist, mar in buertbewenner dy't mooglik lêst hie fan kattestront of soksawat. Faaks wie it bist ek wol maartsk en siet er nachts yn'e tún te balten, ik wit it net krekt.
Tiisdei wer in ynstjoerde brief yn'e krante. No fan in frommeske dy't fynt dat de man net grine moat. Katten moatte yn'e hûs hâlden wurde en meie neffens har net bûten omskaaie. Dogge se dat wol, dan is it neffens har logysk dat in oar dêr syn nocht fan krijt en dus mei poeke ôfweeft. Tsja, sa kin men der dus ek oer tinke.
Mar no it folgjende dilemma:
Ús âldste hat fan heit en mem in fiskangel krigen, om't se slagge wie foar har B-diploma. Wy ha der fuort ek mar in fisknetsje by dien, soks leveret altyd wat moais op, ek as it mei de angel net fiskje wol.
Juster wie ús famke mei in freontsje oan it fiskjen. It woe net rjocht bite, mar der wiene wol in knoarre lytse fiskjes te sjen en dy lieten har mei it fisknetsje maklik fange. Gau yn'e amer mei wetter en der mei nei hûs en grutsk oan heit sjen litte. Nei't heit de fangst bewûndere hie, betochten de beide lytse streuperts dat se wol efkes fuotbalje koene. Prachtich fansels, mar se fergeaten de amer mei fiskjes.
Ús boarre net, dy hie it spul op'e kuer en doe't de bern der net mear nei omseagen seach it bist syn kâns. Hy stuts de poat yn'e amer en fiske sa gau in mieltsje by elkoar. Poes wie de wrâld te ryk, mar och hea, ús Gees seach it. Nei't se fan'e skrik bekommen wie, prakkesearde se efkes. Wat wie no wiisheid? Se naam in beslút: poes wie no dochs al dwaande en se fûn it ek wol begrutlik om it bist syn iten ûnder'e noas wei te klauwen. Se brocht de restearende fiskjes net werom nei de fiver, mar rûn werom nei de fuotbal.
De boarre hat der mei rêden!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten