In kollega fan my woe ha dat ik freonen mei him en syn oarehelte wurde soe op faceboek. No bin ik tsjintwurdich hielendal 'into the social media', dat fuort mar net?
Ik klikte syn linkje oan yn myn hotmailbox en ja hear, dêr kaam de man foar it ljocht. En hoe. Syn profylfoto sloech my as in wiete dweil om'e earen. Wat sei ik? As in wiete tonge.
Dy keardel hinget dêr wiidweidich mei syn tonge by syn wyfke yn'e toet om te slikjen. Dúdlik sichtber foar elk dy't sûnder erch op syn faceboekside bedarret. Harrejasses, de grize gong my oer de grauwe. Sa wolle jo oare minsken net op in plaatsje sjen. Teminsten, net as jo dêr net moedwillich, fia de 18+ kanalen om sykje. Ik net yn alle gefallen. En dan ek noch myn kollega. Hoe moat ik dy keardel noch fatsoenlik it wurk hjitte?
Sjoch, dat jo foto's mei oare minsken diele wolle: poerbêst. Dat dêr foto's fan tige gesellige oangelegenheden by binne, ek noch oan't dêr oant ta, mar besparje my dy fliberij op faceboek, hyves en wit ik wat al net mear. En set der oars sa'n ikoantsje by fan 'schokkende beelden' of sokssawat.
Dit gie my oer de meuch. Ik ha him út fatsoen al taheakke, mar ik mei lije dat hy der meikoarten in foto op set fan himsels yn'e taksi of sa. De fiislak.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten