Hjoed de stêd yn west om in aardichheidsje foar heitedei. Neat oan eins, want de beide famkes hiene al sa leaf sels wat makke. Op skoalle. De jongste hat dat ek dien hear, ik sis net wat, heit lêst dizze bloch as it goed is ek, mar goed, sy hat grutsk in pakje meinaam. Foar de âldste leit dat oars. Dy sit yn groep 4 en fanôf groep 3 wurde de bern by ús op skoalle te âld achte om noch wat foar heitedei te meitsjen. Of de juffen fine it te folle gesoademiter, dat soe foar itselde ek kinne.
No bin ik net in nifelmem. Ik fûn as beuker al neat oan knippen en plakken en it is dêrnei ek nea goedkommen. En de âldste hat ek gjin nifelgenen yn it dna bebakt krige, dat sadwaande setten wy hjoed ôf nei Frjentsjer.
De hiele wike hie ik my fia de regionale stjoerder al oriënteare kinnen op de 'heitedei-merk'. Alle dagen in koarte bydrage fan ien as oare 'sjoernalist', dy't mei droege eagen in winkel yn doarst te stappen om te freegjen nei it ultime heitedeipresintsje. Ik ha it aldergelokst net alle dagen heard, mar twa kear siet ik op it bewuste tiidstip al yn'e auto en sadwaande hearde ik alles oer geurkes. It gong oer sportyf, fris foar de simmer, seksy en wit ik wat foar luchtjes al net mear. De geurkes sels koe'k fansels net rûke, mar ik waard al ûnpaslik fan de priiskaartsjes dy't derby neamd waarden. Mei in simpel fleske Axe kin in mins dus net mear oan komme. Dat heitedei út soarte in feest is dêr't de berntsjes heit bedjerre mei wat moais, dêr wurdt kommersjeel efkes oars oer tocht. De bernesparpotsjes moatte finaal op'e kop en oars moat mem mar efkes byspringe.
De oare deis dat ik bypraat waard oer de mooglike oanskaffen foar dizze jierlikse heechtijdei, learde ik alles oer in boarmasine. In Makita wit-ik-folle-hokfoar-searje, alles yn ien, boarkes, skroevedraaiers yn soarten en maten, akku en neam de hiele ratteplan mar op. Kosten: in grouwe 150 euro. As wie it neat. Lekker rolbefêstigjend ek nochris: mem en de berntsjes jouwe heit in fijn nij klusmeunster kado. Geweldich. Net alle heiten binne foar hobbybob yn'e widze lein. De heit yn ús gefal seker net. Dy soe heechút fan kleare gekkichheid op dei ien it heale hûs poareus boarje, mar dêrnei wie er der wol foargoed klear mei.
De oare tips fan de Omrop ha'k net heard, mar ik kin my sa yntinke dat der grif ek noch aardige gadgets bysitten ha lykas in iPad, iPhone, TabletPC, Digitale spegelrefleks kamera, in Wii, of mear fan soks.
Wêr is de tiid dat in tekening mei in strikje derom noch genôch wie?
Ik wit echt wol dat it tsjintwurdich pedagogysk net mear ferantwurde is om te smoken wêr't bern by binne, sterker noch: je meie hielendal net mear smoke as it oan it regear leit, mar wat wie ús heit alearen as in protter sa bliid mei ús eigenmakke jiskebakken. Alle jierren wer: wy sloegen mei de fûst in kûle yn in hompe klaai, drukten der mei in potlead in pear sleufkes yn en klear! Dan efkes mei glasuer opkwastkje, by juf yn'e oven, ôfkuolje, papierke derom, ferstopje op ús keammerke en dan mar yn spanning ôfwachtsje of't heit it net fine soe. It wie in feest!
Dat is no dus wol oars. Foarkôge, kommersjele, rottekrûddjoere snertkado's, dat binne it. Ik ha no noch in aardichheidsje yn'e stêd helle, mar dat bart my net wer. Takom jier wurd ik nifelmem. Heit smookt as in ketter, dat ik leau dat wy dan ek mar ris in pak klaai yn'e hûs helje moatte.
Hahaha... 'we sloegen mei de fust in kule yn in hompe klaai...'
BeantwoordenVerwijderenMar wat in luie juffen en meesters!
Hjir yn Achlum nifelje se oant en mei groep 8!! Ik haw wat lans kommen sjoen yn de foarm fan in fersierd bierfleske (ek hiel fout fansels...;-))
En sels haw ik in cd en in pear klompen foar de heit hjir yn hus. It hoecht net sa mal, dus...