Somtiden wurd ik der folslein troch oerfallen. Oare kearen wer net: ik wit ommers dat ik ivich en altyd in boeredochter wêze sil. Dochs komt it betiden hurd oan. Dy langst nei hoe't it wie.
Fannewike ek wer. Ik stie de fjouwer hynders fan myn âldste suster te mjuksjen. Ik brocht de bisten yn it lân en kroade de stront nei de dongbult. Overall oan, mouwen opstrûpt, learzens oan'e fuotten.
Dêr, tusken stâl en dongbult, mei in kroadfol hynstestront foar my, fleach it my wer ris oan. Ik seach foar my út it koepeltsje fan Wytmarsum. Rjochts it thébuske fan Wûns, wer efkes fierder de skraits fan Koarnwert en it beskieden tuorke fan Surch. De Halsbân as âlde seewearing en fierderop de seedyk dy't no it wetter keare moat. Dêr binnen it lân, dat eartiids fan ús heit wie. Wêr't ús kij en skiep rûnen. Wêr't dy akelige hokkelingen útnaaiden, alle kearen as wy se ferweidzje woene. De terp, dêr't ik al mannich kear krekt net ferûngelokke mei de trekker, as ik de skeane kanten meande, swile of skodde. De koarte seize, de sechsteheale, de twadde finne en foar ús âld pleats de earste finne. En al dy oare stikken, wêr't ik by rein en sinneskyn gauris de kij weihelle hie.
Doe't ik de nammen fan dy stikken lân yn mysels neamd hie seach ik dêr wer efter dy âlde, stompe toer. De Penjumer toer, dy't ús heit no al wer sa lang by him draacht.
Dêr, middenmank dy greiden en tuorren oerfoel my wer dat ferskuorrende langstme nei doe. Nei de jierren dat wy as húshâlding noch op'e pleats wennen. Ús heit noch buorke. Ik ek in bytsje meibuorkje mocht.
Op sokke mominten wol ik wol krûpende troch de stâl. Kowestront rûke en fiele.
Soe it ea oergean?
Ik kin dy gerêststelle: dat giet net oer. Ik fyn it noch altyd lekker rûken as se oan it ierdappeldollen binne en dan wol ik sa op dy masine.
BeantwoordenVerwijderenMar apart is it! Ik wol dy lucht dan wol oan'e teannen ta opsnuve, deabinaud dat ik der wat fan misse sil.
BeantwoordenVerwijderenIt giet nea oer.
BeantwoordenVerwijderen