Ús âldste waard ferline wike acht jier. Famylje, kunde en buorlju kamen del om in bakje, in gebakje en fansels mei in kadootsje. Alderaardichst, de skatten waarden breedút opsteapele op in taffeltsje. Dat taffeltsje wie fansels krekt te lyts en dus soalde de hiele keet der om it hutsje ôf, mar dat heart derby. Is no ek net fan belang. It giet my om ien fan dy kadootsjes. In pakje mei toutsjes en dêr kinne jo freonskipsearmbandsjes fan meitsje. Alderakelichst fine toutsjes, dy't jo yn stringen fan twa meter knippe moatte en dan mar piele. Prutse. Koartsein: neat foar ús Gees om sels te dwaan en dus moat mem oan'e bak. No binne der guon fan jim dy't my al wat langer kenne, mar foar dy oaren: ik bin gjin fröbelmem. Ik hie op'e beukerskoalle al it mier oan knippen, plakken en kleurjen en dat is letter ek net feroare.
Efkes as yllustraasje: doe't in freondinne fan my yn bloei stie fan har dochter, bin ik yn in wylde bui begongen mei it bordueren fan in handoek. Fiif hinnen op stôk soe'k dêr op krúskestekke. De stôk hie'k moai gau klear en it earste stel hinnepoaten ek. Dêr is it by bleaun: twa grouwelige giele hinnepoaten op in stôk op in wite handoek. De dochter fan myn freondinne is lêstendeis tsien jier wurden. Dat seit dus genôch.
Ús Gees woe no fannejûns graach dat mem sa'n bandsje yn elkoar knutselje soe. It seach der op it plaatsje wol moai út, dat ik joech ta. Hie nea moatten fansels. Noch binnen de tsien menuten hie'k in sin as in baarch, ketterminte ik as in âld majoar en woe ik dy pokketoutsjes wol yn it jiskefet soademiterje. Mar och, myn famke seach sa beteutere dat mem it no sa mâl opsei, dat ik sette troch.
Nei goed in oere prutsen hie ik in begjintsje fan in sintimeter as trije klear. Noch in lytse tweintich te gean. Healwei njoggenen ha'k it wyfke op bêd brocht, se wie teloarsteld dat har freonskipsearmbandsje noch net klear wie. Mem wie wol klear. Mei dat rotding. En ek mei dy doelleaze siel dy't it bestien hat dizze kringen op'e merk te bringen. En al hielendal mei de buorfrou dy't op it ûnsalige idee kaam om dit doaske ellinde foar ús Gees as jierdeipresintsje mei te tôgjen.
De brot leit no yn'e hoeke fan it oanrjocht. Ik sil der wol net ûnderút kinne om dat ding ôf te meitsjen. Mar no efkes net. De kop is my op't stuit net in jellen lang, dat ik jou foarearst de moed mar op.
De namme fan dy toutsjeboel is al treflik keazen: freonskipsearmbandsjes. Foar dyjinge dy't sa'n ding foar in oar makket moat de freonskip wol hiel djip sitte. Au! Dochs noch mar efkes trochsette dus, want it is wol foar myn mokkeltsje...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten