woensdag 13 juli 2011

Nuver apparaat

Der wie lêstendeis ien dy't tsjin my sei: watst yn'e taksi belibbest, dêr kinst wol in boek oer skriuwe. No bin ik drekt sa fier net, mar dizze âlde dame wol ik jim net ûnthâlde.
Ik wie mei it minske ûnderweis nei de Dokkumer wâlden. Al moai op jierren wie se, mar fierder noch aardich hecht. In goeie tachtich, lykas sa'n soad fan dy froulju dy't ik fan A nei B karkje.
Wy hiene in reis fan in foech trije kertier foar ús lizzen, dat tiid sat om de waan fan de dei te besprekken. En dat die se dan ek. Dy moderne tiid, it gie har allegearre wolris wat te bot. Se koe it net earlik mear neikomme, sei se. Se seach ek wakker niget oan myn tomtom. 'Dat dy lju no witte wêr't wy binne en wêr't wy dan lâns moatte, is't net in grut wûnder?' Ja, dat is it ek fansels.
De frou koe der net oer út. Wy hiene it dochs in ein makliker as sy eartiids. Wy hiene in waskmasine en in droeger, sy wie noch begongen mei it waskjen yn in tobbe hyt wetter. En droegje op'e bleek fansels.
In ôfwaskmasine hie se nea hant. Wie der yn har tiid net en hie se letter ek nea ha wold. Mobile tillefoan? De bern hiene har ien kado dien, mar se woe der net oan: 'se witte dan erflik en altyd wêr't ik bin, dêr ha se neat mei noadich'.
Mar goed, se moast al in bytsje mei de tiid meigean fansels, dat doe't har dochter in 'sensueel apparaat' kocht hie en dêr wakker oer te sprekken wie, doe woe sy ek sa'n ding ha. En dy hat se krigen.
It âlde minske swetste wakker op, se woe har sensuele apparaat net graach wer misse.
Ik waard wat langer wat stilder. As taksi-sjauffeur hear ik fansels fan alles en in hiel soad dingen kin ik prima fan meiprate, mar om no mei in frou fan goed tachtich in ferhaal te hâlden oer har sensuele apparaat? Nee, danke. Ik trape it gas al wat fierder yn, want de reis duorre my sa lang genôch.
Op't lêst woe de âlde sels witte of't ik ek sa'n apparaat hie. Wat in segen dat wy te plak wiene. Ear't se útstapte koe se it net litte om my sa'n sensueel gefal oan te rieden: 'Leave, moast daliks sa'n ding keapje hear, sókke lekkere kofje!'

Geen opmerkingen:

Een reactie posten