It wurk sit der fierhinne op. Trije wike lang switte op in boek oer de Harkemase Boys. Foar dyjingen dy't dat net witte: dat is in fuotbalklup. En net samar ien: it is de tredde klup fan Fryslân. Foar my eins in bytsje de twadde klup, want ik bin fan fan 't Fean en ha neat mei Cambuur. Mar dat is in oar ferhaal, dêr sil ik hjir net oer útwreidzje.
It giet dus om dat boek. De teksten wiene al moai flot klear, mar der woene noch wit hoefolle minsken har ljocht oer skine litte. Dat moat fansels ek, wy kinne ús gjin flaters permiteare, mar dan komme der noch alris wat wizigings binnen. Dat jout my wat ekstra wurk en ús foarmjouster de senuwen.
Mar dan de foto's... Minsken wat in put. De âld-foarsitter fan de Boys kaam mei in pear cd-romkes. Dêr stie noch wol wat op, sei er. Dat kloppe: in goeie 10.000(!) foto's mocht ik trochwrakselje yn myn syktocht nei brûkber materiaal. Dan wie der noch de hoffotograaf fan de klub dy't my de beskikking joech oer syn argyf, in supporter dy't wol wat foar my hie en justerjûn kaam noch Willem Weening (in klup-ikoan fan eartiids en no) mei in pear prachtige swart-wyt foto's fan sa'n fjirtich jier lyn. Dat moast der dus allegearre noch by.
Doe't de skriuwer, de foarmjouster en ik tochten dat wy de brot rûn hiene, kamen der noch trije spilers om'e hoeke: de iene woe syn stik der hielendal út ha, om't er mei stille trom útnaaie woe. De twadde hie in pear lytse wizigingen en de tredde wie net bliid om't er der net posityf genôch út kaam.
Blikstiender en ik mar swetse op twitter dat it sa'n geweldich moai boek wurdt. Wilens stiet it swit my wol op it gebit, dat meie jim wol earlik witte. Ik ha al in pear nachten oan't moai let trochwurke en no is it sels sa fier kommen dat ik der fan dreamd ha. It wie de dei fan de presintaasje fan it boek, 20 augustus oansteande. De baas fan ús útjouwerij stie noflik mei in bierke oan'e bar, mar Radboud (de skriuwer) en ik moasten foar it front. En dat front wie net mislik: in hiele horde oerstjoere Harkemase Boys-supporters, dy't it op gjin stikken en gjin ein iens wiene mei ús boek. Se seagen alderheislikste mâl nei ús en wy waarden wat langer wat bleker om'e noas. Op't lêst gong it oan: se oerleine mei elkoar. "Dy grutte keardel (Radboud dus) kinne wy net ha, mar dat lytse dûbele frommeske (ik dus) wol." En dêr gong it hinne. Mei syn allen op my ta en ik fike der út fansels.
Hoe't it ôfrûn is wit ik net, it stiet my net mear by, mar ik hie it goed benaud. Gelokkich is it boek yntiids klear, op in lyts dinkje hjir en dêr nei, mar moarn giet er de parse op. En it is goedkard troch in pear hiele grutte Boys-fans, dat it sil mei dat wan bruien wol in slach tafalle.
It is dien, myn wurk sit der op. Nuver om dit boek no út hannen te jaan. 17 augustus komt it werom fan de drukker. De 20e wurdt it presinteard op sportpark De Bosk. Noch in pear wykjes geduld.
Martsje de Jong
Seker wol in opstekker foar de boykes fan De Harkema. Goed wurk!
BeantwoordenVerwijderen