vrijdag 8 juli 2011

Te gau op'e toes

"Dit is neat! Dit kin sa echt net. Écht net."  Wyld slacht de dirigint ôf. Wie er fannewike op in tuskentiidske rippetysje noch aardich ûntspannen, no rint de stress him mei liters fan'e holle.
"Opnij! Sopranen, alten, jim moatte no skerp hear. Dit is in sanctus fan neat!".
De dirigint docht de hannen omheech, it korps set fannijs yn, it koar folget. Earst wat twifelriedich op syk nei de krekte wurden en foaral ek de krekte toanhichte. Dan wat wisser. Foar de safolste kear klinkt it 'Sanctus, Sanctus, Sanctus Deï' troch de grifformearde tsjerke fan Bitgummole. Gespannen sjongerij en blazerij: soe it no ál goed wêze? Mis. De dirigint slacht wer ôf. Noch rimpener as niiskrekt. "Jim binne fierstentegau op'e 'toes'." It klinkt nuveraardich en ik moat laitsje. Net te lûd, want ik wol de baas fan't spul net te bot tsjin't lêste bytsje hier ynstrike. Hy sykhellet djip, wol it noch ien kear besykje dúdlik te meitsjen. "De klam moat lizze op it earste wurdlid. Saaanctus. Oerdriuw dat. Saaanctus. Net te gau op'e toes útkomme."
Hannen wer yn'e hichte, nochris en nochris, oan't it him nei't sin is. Goed sechstich sjongers en in tritich blazers switte op it 'Sanctus' út'e 'Missa Brevis' fan Jacob de Haan. Wat earst ienfâldich like, is no in lytse krachttoer wurden. It soe in aardichheidsje wurde: it slotkonsert fan Hallelujah en Looft den Heer yn'e tsjerke fan Bitgummole.It wurdt in prachtkonsert. Wier. Omrop Fryslân sil it sels opnimme foar Muzyk Maskelyn. Wy binne suver in bytsje grutsk. In boeltsje eins ek wol. Bysûnder, dit konsert. Bysûnder om't wy as korpsleden allegearre tinke oan it konsert fan fan't maaitiid dat net trochgean koe. Om't dit it 'Kyrië' út dyselde 'Missa Brevis' krekt wat ekstra lading jout. Om't wy moarn, sneon 9 july, allegearre mei it einepikefel op'e earms sitte sille te blazen. Foar him dy't der net mear by is. Foar syn neisten, dy't der wol by binne.
It moat slagje. It móat. It moat goed wêze. Better as goed eins.
De dirigint hat gelyk. It is in sanctus fan neat. Nochris spylje wy it eintsje troch. It koar stiigt wat mear boppe himsels út. Der galmet in ynfieren, mar waarm 'Saaanctus' troch de, no noch lege, tsjerke. Sa heart it te wêzen. De dirigint is tefreden. "Wy hâlde der foar hjoed mei op. Moarn derfoar."
Kom moarn ek mar te harkjen. Om 20.00 yn'e tsjerke yn Bitgummole. In konsert mei koar en korps. In unyke útfiering fan in unyk stik. Missa Brevis. Moarn.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten