donderdag 30 juni 2011

In ekstraatsje

Foar dyjingen dy't it noch net witte: ik fertsjinje in part fan de kost as taksysjauffeur. Prachtich wurk. Meastentiids sit ik lykwols op'e planning en dêr is in knoarre wurk, mar belibje ik net it measte. Mar sit ik yn'e auto, dan is der altyd wol ien as oar aardich foarfaltsje. Juster ek.
It âld minske stapte yn Burgum by my yn'e Mondeo. In alderaardichst wyfke, ik ha har al withoefaak riden.
Se jout ek altyd in foaike. In euro om krekt te wêzen. Meast in nust lytse muntsjes.
Doe't ik har justerjûn foar de doar yn Frjentsjer útsette woe, frege se ynienen wat der eins mei dy foaikes barde. Mochten wy dat sels hâlde, of bedarre it op'e saak yn in grutte pot? Nee dus, wy meie dat sels yn'e bûse dwaan. Yn myn gefal: in lyts stiennen autootsje, in Ingelske taksy, dy't as sparpot tsjinnet.
Ik fertelde har dat ik de foaikes it hiele jier opgarje en dat ik se mei Bitgum-merke omset yn draaimole-kaartsjes foar de beide famkes. Dan ha dy der ek noch wat wille fan, dat mem alle wiken twa dagen op soalen is.
De frou fûn it prachtich. Soks hie se sels net betocht. Ear't se útstapte krige se de beurs en joech my in bryfke fan fiif. Foar de bern. Se sei it nochris mei klam, wylst se it bryfke noch efkes werom luts: "Jo jouwe it net oan in feriening of in kollekte, no?" Nee frou, it is wier inkeld en allinnich foar de draaimole.
Se joech my it fyfke en ik pakte myn pinne en skreau op it bryfke: "Fan frou Anema, foar de draaimole". Ik liet har sjen wat ik der opkalke hie. It wie har oh sa nei't sin, se pakte my noch efkes by de hân, sei dach en stapte út.
No ha'k noch ien probleem: ik fyn it suver skande om dit iene bryfke wei te jaan op'e merke...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten