maandag 8 augustus 2011

Fekânsje

Ik ha fekânsje. In hiele wike. Dat wol sizze: ik hoech trije wike net op'e sintrale fan taxi Van der Pol te ferskinen, mar ik bin mar ien wike fan hûs. En dat is my eins ek bot genôch, want fekânsjefiere is bikkelhurd wurkjen. Want ik bin in bern fan dizze tiid.
Dus moat ik mei de bern der op út. Kuierje troch bosk en heidefjild. Fytse, ek troch datselde bosk en heidefjild. Ta de konklúzje komme dat bosk en heidefjild der fanôf it fytspaad wer oars hinne lykje te lizzen as fanôf it kuierpaad. Genietsje fan de skepping. My tagelyk ergerje oan dyselde skepping, om't de Skepper by syn skepperaasje net efkes tocht hat om it tal oeren dat yn in etmel treaun is. Dat hiene der seisentritich wêze moatten.
Ik moat mei de bern nei Duinenzathe, swimme yn'e Kanadamar, nei de Keale Dunen en leafst ek noch nei in bistetún, it ferkearspark yn Assen en in hunebed hjir net al te fier wei. Want dat binne plakken dêr't ik yn myn bernejierren mei mem west ha. Moaie oantinkens, dus dy wol ik dy beide froulju ek graach ta ha. Tusken de bedriuwen troch moat der iten en dronken wurde, moat ik útsliepe, omdangelje, it lêste ein fan in nuveraardich manuskript oertype. Boeken lêze. Artikels foar Wis In útwurkje. Teksten foar in nij te meitsjen boek oer Fryske sporten beoardielje en herskriuwe litte. De earste oanset foar in boek oer Bitgum en Bitgummole yn'e Twadde Wrâldoarloch lêze en beoardielje. In alderheislikste berch trutteblêden lêze. De film "as it is in heaven" sjen. In flesse wyn leechsûpe. In blog skriuwe.
Godskes noch ta, wat bin ik tankber dat ik fergetten bin de Ljouwerter krante dizze wike trochstjoere te litten...

1 opmerking:

  1. Famke, famke wat hast it drok, eins is de fakânsje bedoeld om eefkes by te kommen, mar as ik dit sa hear...

    BeantwoordenVerwijderen