zondag 28 augustus 2011

Bitgummerke

It is fan't wykein Bitgummerke. Of merke... it binne keatsdagen. Trije dagen alhiel yn it ramt fan haadklasse keatsen. Freeds de froulju, sneons en sneins de mânlju. Dit jier is de hiele keet ferreind. Freed en snein is der wol keatst, sneon net. En dan bliuwt der in bedroefd lyts bytsje fan sa'n merke oer. In mizerich draaimooltsje, dêr't de bern amper plak op fine kinne. In soarte fan knoop dy't rûntsjes draait om in stopnuddel. Net folle mear as dat. In sweef, mei lju dy't, dat moat sein wurde, poer geskikt binne foar dy lytse strobben. In toutsjelûker, dy't al 2,50 freget foar in lullich presintsje. Bûltsjeblazersguod of sa. By de Action keapest der tsien foar dat jild. In griper. Botsauto's dy't sa'n gang ha, dat it foar it lytsguod der suver te bot op oankomt. Oaljekoeken en patat. Sa sawat.
As ik it sa werom lês stiet it der suver negatyf. En eins bin ik dat ek wol wat. Want ik kom fan Penjum en al fiel ik my yn'e measte dingen Bitgumer mei de Bitgumers, net in minske dy't dat lytse doarpke dêr yn'e lijte fan'e seedyk ea út my wrot. Ek al woe ik foar gjin goud werom. Net om it doarp, mar om de Hollanners dy't dêr it roer tsjintwurdich yn hannen ha. Komt op mear plakken foar, ha'k begrepen.
Nee, Penjum hat as wenplak neat mear foar my. As merkeplak wol. Want dêr is it nije wike merke en dat hâldt yn: blomskikke, spultsjedwaan, toaniel, bûnte jûn, ledekeatse en byprate. En dat is no krekt wat ik yn Bitgum sa mis. Bitgummerke hat mei Bitgumers net in soad fan dwaan. Mei Bitgummoolsters ek net. It is oars net mear as it keatsen en fansels, jûns is der sûperaasje yn'e tinte. Mar de geselligens, it doarpseigene, dat is der net. Hjir binne gjin bernespultsjes, gjin seiskamp, gjin klown op sneontemoarn en al hielendal gjin ledekeatsen. Dat wurdt nije wike dien. As it Gripe-dei is. Mar dan is it ek Penjumer merke en dus ledekeatsen by kv Jan Reitsma.
Ik keats noch mar ien kear yn't jier. Yn Penjum. Mei de merke. Yn't foar mien ik suver hast dat ik dy wolris winne kin. Yn'e praktyk is my dat noch nea slagge. Eartiids, doe't ik noch 'op nivo' keatste, die ik mei it ledekeatsen net mei: foarskrift fan de knkb. No, mear as fyftjin jier letter hear ik by de âlde wiven. Safolle meitsje dy jonge fammen my wol dúdlik. Se slane my betiden hast om. En neitiid bin ik fjirtjin dagen stiif. En noch stiver as dat. Ik kreupelje al nei ien omloop as in bejaarde oer it fjild. De earm wol yn'e ferliezersronde (want dêr draait it almeast op út) eins net mear omheech. En dochs, it is myn 'finest hour'.
Ien kear yn't jier fiel ik my alhiel gjin Bitgumer. Lit ik de boel hjir links lizze. Dan laad ik de bern yn'e auto en gean werom. Nei Penjum. Yn dat wykein dochs in bytsje nei hûs.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten