Kieoewiet, Kieoeoeooeoeoewiet, kieoewieoewieoewiet.
De natoerminsken ûnder ús lêze it al, hjir sprekt in oerstjoere ljip. In aaisike ljip. Dizze ljip hat har (ja, it is in sijke), fan't hjerst út'e fuotten makke nei waarmere plakken op dizze wrâld, al hie se dêr ek wol oan't febrewaris ta mei wachtsje kinnen, mar afijn. It ljipke, Sijke hyt se, wie útnaaid foar de horrorwinter dy't troch ús provinsjale waarprofeet foarsein wie. Wit hoe'n skoft hat se ûnderweis west. Se fleach net, sa as oars winst is, fan Bitgum fia Steggerda, Swol, Apeldoorn, Weert, Kerkrade, Lúk, Lúksemboarch en Parys nei it súden. Nee, Sijke woe leaver. Se fleach in weareldein om. Fan Bitgum nei Harns, lâns de ôfslútdyk, dêr't aldergelokst noch gjin wynmûnen steane dêr't se yn hingjen bliuwe koe, Hoarn, Amsterdam, IJmuiden, Newcastle, linksom nei Londen, Plymouth en doe wjukkele se op nei Spanje. Se seach wol lekker út; yn Frankryk soe se ommers út'e loft sketten en opfretten wurde. Dêr hie se dochs net mei grut ferdrach har aaien foar beskerme en har neiteam foar grutbrocht? No ja, Sijke hat dêr in lyts fjirtjin dagen tahâlden en doe it hiele ein werom. Selde rûte, mar dan oarsom. It koste in bulte ekstra fleanoeren, mar har ljippefleis wie har hillich, dat se liet dy healewize Frânsoazen en Frânsoazinnen fergees op har wachtsje.
No is Sijke hast wer by har fertroude kûltsje op de Barre Fiif, krekt tusken Bitgummole en Marsum. En wat soe se dêr no stomme graach har aaikes lizze wolle. Spesjaal foar dy fûgelwachters, dy't mei harrern aaisikerspas en aaifoan mei ljipaaikwotum-app har op steane te wachtsjen. Sijke moat al avenseare, want de Partij foar de Bisten hat yn hiel Nederlân in petysje omgean litten dat der gjin aaien mear socht wurde meie en der binne wol in twahûndert minsken dy't dat ding tekene hawwe.
De Raad van State sil ek noch gear oer in rjochtsaak dy't oanspand is troch Faunabehear. Dy ha it ek net op it aaisykjen stean. Men fynt it begrutlik foar al dy Sijkes dy't wakker harren bêst dogge om in aai út te skiten en dan al moai gau sjogge dat in man mei in pols dat aaike ûnder'e pet stoppet. Tongersdeitemiddei sil de Raad van State útspraak dwaan. Dan is it 1 maart. Offisjeel mei der dus moarnier al socht wurde. En Sijke moat noch in eintsje fleane, har troch in Hijke bedjoeie litte en dus ek noch in plak en de rêst fine om har earsteling fan dit jier del te lizzen. It tradisionele oer-de-wjuk-gean slacht se fan't jier mar oer. Net oan tiid. Aaike lizzen is big business.
Sijke hopet, mei al dy oare Sijkes, al op in tige waarme maaitiid. Want dy earste aaikes wolle der hast út en as se net opfandele wurde, binne de pykjes der ek al moai gau. Te gau, want as it nachts in kear oanknypt, binne dy pykjes gau fertutearze. Fuort kroast. Sijke hat leafst dat har earste lêch opkrigen wurdt. Kin se bekomme fan it fleanen en dan, as it wat fierder yn'e tiid is, nochris in broedsje dellizze.
Spitich dat Sijke net skriuwe kin, se hie mei har kollega-greidefûgels stomme graach ek in petysje makke. It is net oars, se moat it ha fan it ferstân fan in hânfol hotemetoten dy't foar har miene tinke te moatten.
Kieoewieoewieoewiet.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten