dinsdag 21 februari 2012

Grynders

It is âld nijs, ik wit it, mar ik wol der dochs efkes by stilstean: Job Cohen hat der de brui oan jûn. En dat is moai. Net dat ik no sa poer op dy man tsjin wie. Alhiel net. Ik mei sels ek graach theedrinke en in bakje kofje mei myn Yndonesyske buorfrou slaan ik ek net ôf. Har iten ek net. Alhiel gjin lêst fan xenofoby dus. Wat dat oanbelanget hie ik wol wat mei Job op. Wêrom is it dan moai dat de bêste man ophâlden is fan foarsitterke-boartsjen by de PvdA? Omdat it in ôfgriis wie. Gewoanwei begrutlik. De man is jierrenlang negere. Hy liet him ek negere, want in werwurd hie er net. En sa seagen wy de wat steatlike Cohen feroarjen yn in skiterich touke. Syn skouders namen it postuer oan fan syn noas: krûm. Hy rûn net mear, mar skeuvele. Hy prate net mear, mar mompele. En hy feegde net werom, mar kearde tige kristlik net allinnich syn oare wang ta, mar ek syn beide broadsjes om in tik yn ûntfangst te nimmen.
Wilders koe al syn sadistyske neigingen op de earme PvdA-foaroanman ôfreageare. In tankber slachtoffer foar hanfollen snijende oneliners, bitende kommentaren en fansels in weareld oan publisiteit. De kroan op syn wurk wie dochs wol de 'bedrijfspoedel'. Elts klapte yn'e hannen. Wilders sels noch it hurdst. En Cohen hearde it as in sleine hûn oan. Hie er mar in poedel west. Hie it mar sa'n aaklike, fûle, net te betrouwen rotpoedel west. Dan hie er alderferskuorrendst fan him ôfbiten. Mar Cohen is gjin poedel. Net wat foar soarte hûn dan ek. Heechút in goudfiskje. In sluiersturt, om mar yn moslimterminology te bliuwen. Hy swom ûnnoazel syn rûntsjes troch de keamer. Sichtber foar elk, mar hie nea yn'e gaten dat er hieltyd itselde rûntsje die. Begrutlik.
En dêrom bin ik bliid dat er fuortgien is. Dat er sein hat "ik doe het niet meer". Of alteast, dat er soks murmele hat. Soe er tocht ha "krijg toch allemaal de kolere"? Sels dat net, bin ik bang.
Hy hat yn alle gefallen dizze lijensgong ôfbrutsen. En wêrom fal ik der dan in dei letter nochris oer? Om't de reaksjes los komme. Kollega-politisi binne sa't it hyt 'skokt'. In keurich media-treende reaksje. De Ljouwerter Krante (ik sit der noch efkes oan fêst) kopt: 'PvdA verliest zijn kleur'. Huh? Rûnom is altyd roppen dat de man kleurleas wie. Hie dan earlik west en der boppe set: 'PvdA schudt grijze waas van zich af', of sa. No kermje de PvdA-leden dat it in ferlies foar de partij is. LUL NET! It is ferdoarje jim eigen skuld. Jim ha him boppe oan dy list set en al dy jierren tastien dat er beskiten waard. En no in wolvegejank hearre litte dat yn Noard-Korea net misstean soe. Grynders!
Wa moat it no dwaan? Wa doart de partij sa ticht nei de PVV en VVD skeuke te litten, dat se yn'e folgjende perioade wer meiregeare meie? Want dêr giet it dochs op oan? Net jammerje dat jim Cohen kwyt binne. Dy man wie te read foar de PvdA, al hoe griis as er wie. Hef de partij mar op om my, smoel ha se al in fearns ieu net mear.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten