Sneontejûn nei Hijum west. Nei Rients Gratama om krekt te wêzen. Hy spile dêr syn nije program: 'Geraniums en Gladioalen'. In pracht. Der sieten wat âlde topstikken yn en ek wat nije topstikken. Koartsein, in geweldige jûn. Wêrom ik dêr no pas in bloch oer skriuw? Om't myn laptop sneintemoarn om healwei njoggenen stoarn is oan de gefolgen fan in beker ranja. En ik no efkes in laptop fan buorman brûke mei.
Mar affijn. Sneon wie dus in topjûn. Fansels, Rients is gjin kabaret sa as dat by myn generaasje oars populêr is. Hy flokt net, hy skelt en racht net en hy makket syn grappen al hielendal net ten koste fan in oar. Mar ik fyn it skitterend. Bin der as Penjumer fansels ek mei opgroeid. Ik leau, ik koe de programma's fan Rients earder meiprate as it ABC opsizze. En der binne in hiel soad, ha'k sneon wol fernommen, dy't Rients op hannen drage. Efter my siet in frou, dy libbe sa bot mei, dat se elts wurd fan Fryslâns bekendste senior foarseach fan in werwurd, of in byfal. En mar sjonge en mar mei-âlje. Yn't earst hie'k der wat argewaasje fan, letter moast ik der ek wol om laitsje. It wie suver oandwaanlik.
Wûnderlik te betinken dat de man al 80 is. En dat er no dus naadleas oanslút by de gemiddelde leeftyd fan syn publyk. En ja, dêr fal ik dus wer út 'e toan: ik helje datselde gemiddelde in knap ein nei ûnderen sa'n jûn.
Sjeik Sjoed fan Arum kaam foarby. En de boargemaster fan de fúzjegemeente. Âlde gloarje, mar noch altyd aktueel.
De emigrearde broer waard ek noch efkes oanhelle. Omkoal dat er is. Al dy lânferhuzers út de jierren '50. Sufferds binne it. Want dat wiene de jierren dat Rients begong. Doe noch mei selskip Tetman de Vries. De tiid hâld gjin skoft, song Rients. De tiid hâld gjin skoft, song de hiele seal. En al dy kloaten fan lânferhuzers ha dat dus net meimakke. Dy teagen omfierrens, om't it dêr grif better wêze soe as hjir. Och, guon ha it dêr ek makke en grif mear jild fertsjinne as dat ik ea by elkoar sjen sil, mar dochs. Sûgen binne it, want se ha Rients mist. Sawat sechstich jier op'e planken. In fenomeen. Hy hat in ôfspraak yn Goutum seit er. Ik mei lije dat er dêr de kommende jierren noch net oan ta is...
Sa as Rients wurde se net mear makke. Wy hawwe genoaten, it wie yndie in geweldige jûn!
BeantwoordenVerwijderenRients mei ek op plakken smoke dêr't dat net tastien is. Helje de bobo's gewoan in jiskebak.
BeantwoordenVerwijderenDan binne jo de man wol...
Dy kant sit der ek oan.