zaterdag 31 maart 2012

Sa meitsje jo bobo's

De âldste woe niis graach 'Koen Kampioen' sjen op tillefyzje. Mocht fan my, it wie al om sân oere en se is op't lêst ek hast njoggen, dat dan hoege se net altyd mear om sân oere op bêd. Oan't sa fier neat loos. Flak foardat it programma begong hiene wy fansels earst reklame. En doe gie it hier my rjocht oerein. Ik seach in 'fee': in blond frommeske yn in ljochtblau gewaad (selde soarte as Jomanda yn har goeie tiid ek oan hie) en om har hinne in wolk fan stjerren. It minske stie njonken it bedsje fan in alderskattichst jonkje fan in jier as fiif. Donkere kroltsjes, ingeltsje gelyk. Se frege him of't er in moaie kompjoeter ha woe. Woe er net. Wat er dan al ha woe? Mukkes bestelde in swimbad en in trampoline.
De oare moarns wurdt it mantsje wekker en sjocht efkes ta it rút fan de lúkse Vinex-wenning út. Ûnder him, yn 'e royale tún stiet heit in swimbad te ynstallearen en de trampoline stiet ek al klear. Dat ljidske yn har blauwe jurk stiet der by en knypeaget nei it jonkje. Sa maklik giet soks.
De reklame is fan Junior Starline en sa'n basisbadsje kinst al fanôf €999 bestelle. Muoite net wurdich, wol? Ik ha dy site ris besjoen, it is allegearre fan datsoarte útwrydske bûtennissichheden. En in prizen, net te leauwen. Ik miende dat it krisis wie?
Dit is dochs folsleine idioatery: blykber moatte ús bern leauwe dat soks sa simpel kin. Wannear makket der ris ien reklame foar in stuiterbal? Of in springtou? Fan ditsoarte ûnsin krijst alderakelichste, bedoarne, mislike rotbern, dy't yn har lettere libben alderakelichste, bedoarne, mislike rotbobo's wurde.
Bah!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten