donderdag 12 april 2012

Bin ik gek of binne sy it?

Der binne yn dit lân nochal wat lju dy 't har soargen meitsje oer de huzemerk. Dat binne fansels de lju dy 't harren klinte te keap stean ha en al jierren oan 'e strjitstiennen net kwyt kinne. Dat binne de banken dy 't it har in gat yn 'e kop sjogge mei al dy lju mei harren dûbele hypoteeklêsten. Dat binne de makelders dy 't net folle fertsjinje, om't se libje by de graasje fan de k.k.. Dat is it regear, dat hjir in oplossing foar fine moat, mar dy net hat. En dy foarearst ek net krijt, want it probleem is like grut as ienfâldich:

- Yn Nederlân steane op dit stuit in goeie 261.000 huzen te keap (neffens Funda)
- Yn hiel Nederlân binne ferline jier 7805 huzen ferkocht
- Efkesn rekkenje en jo witte dat mar 1 op 'e 33,5 huzen ferkocht is yn 2011
- Yn Fryslân binne ferline jier 272 huzen fan eigner feroare.
- Funda jout gjin sifers per provinsje, mar sjoen it lanlike persintaazje huzen dat ferkocht is, stean der dus yn Fryslân op it heden in 9100 yn 'e etalaazje
- der binne yn 'e trije Noardlike provinsjes 1917 fergunnings ferliend foar nijbou fan in went. Dat ferpartsje wy efkes mei de wiete finger: in grouwe 500 foar Fryslân, litte wy beskieden tinke.

Dizze sifers leare ús dat der, ûndanks it feit dat de lju de huzen sels heal fergees net mear slite kinne, der alle jierren fleurich by boud wurdt. En net te sunich. Soks moat ophalde: jo bouwe foar leechstân.
Fierder moatte der mear húshâldens komme, want der binne dúdlik mear huzen as húshâldens. Dus de starters byspringe, dy moatte makliker oan in hûs komme kinne. De ferkeappriis fan huzen dy't yn'e gûnetiid kocht binne, meie net heger wêze as wat se destiids koste ha. Dat betsjut dat de eigner oars gjin winst byskriuwe kin as dat bedrach dat er ôflost hat, mar dat is dan net oars. In legere priis jout mear minsken de kâns om in hûs te keapjen.
Binne der dan noch net genôch húshâldens om alle lege huzen te besetten, dan moatte de skiedingen ek noch subsidiearre wurde. Of de abbekaats- en rjochtbankkosten moatte omleech, want dy lju hoege gjin trije bankjes yn 'e oere. Opfretters. Allinnichsteande heiten as memmen falle dan wer yn 'e startersregeling. Legere hypoteekrinte foar de earste fiif jier en in lege huzepriis. Lit se mar wenje yn 'e huzen dy 't der binne: nijbou is dúdlik net nedich.
En is der dan noch wurk foar de boubedriuwen? Grif, dy âlde klinten moatte opknapt wurde.
Sa, dat wie myn bydrage oan 'e lanlike polityk foar hjoed. Ik jou my del.



4 opmerkingen:

  1. As alle ministers sa praktysk wienen wie it probleem gau oplost...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Haha waarom zit jij niet in het Catshuis??!!! Zo'n praktische en nuchtere kijk op de dingen kunnen ze daar wel gebruiken, denk ik. Ieder keer weer geweldig om je blog te lezen, ben een trouw fan! En nog goed voor mijn Fries ook...had nog nooit van klinte gehoord...

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Fansels beslaan ik it wat mei de gek, mar wol mei in serieuze ûndertoan: it hiele lân leit op 'e rêch omdat net allinnich bedriuwen, mar ek partikulieren oars net mear wolle as winst meitsje. Huzen wiene eartiids needsakelik om yn te wenjen. Dat is feroare: in hûs is gjin wenplak mar in ynvestearring, dy 't as it goed sil aldermachtichst rendabel is. Dêrom ha in soad minsken har djip yn'e shit stutsen om in hûs te besetten: it soe ommers folle mear wurdich wurde en dan dus mei winst ferkocht wurde? De banken spilen der moai op yn: de lju wolle graach, dat wy draaie se in bêste poat út. Der moat fan alle kanten wetter by de wyn, sa simpel is it. It regear moast dêr yn optrede. Dat fine se net leuk, want it is elektoaraal net ferantwurde. Stel skytsekken.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Hoi allegear online kijkers, ik bin Jeroen Van Diemen Arbeiter, ik kom út Ljouwert, frieslân hjir om in geweldige baan foar my te dielen. Nei trije jier trouwen mei myn man mei twokiden begon myn man frjemd te gedrage en mei oare froulju út te gean, en liet my kâlde leafde sjen, by ferskate gelegenheden driget hy my te brânen as ik him doar te freegjen oer syn relaasje mei oare froulju , Ik wie folslein ferwoaste en ferbaasd, oant in âlde freon fan my my fertelde oer Dr. Igbinovia it ynternet, dy't minsken helpt mei public relations en houlikproblemen rakkausloitsujen krêft, wie earst skeptysk oer it as it ea bestie, mar ik besleat om besykje it doe't ik kontakt mei him hie, hy holp my om rakkausloitsun te gooien en binnen 48 oeren kaam myn man werom nei my en begon har te ferûntskuldigjen. No is hy klear mei de oare froulju, en sy giet fuort mei in goed en wirklik libben. Nim kontakt op mei dizze grutte rakkaudenloitsijaan om suhdesi as houliksprobleem hjoed kin wurde oplost. Se sil ek HIV / AIDS ferbetterje, hepatitis, lege graad tsjin behanneling fan kankersykte, fibrous sykten, Gonorrhea, Fallopian buizen, swangerskip, Hepper. allegear tank oan Dr. Igbinovialle, hy of sy kin jo ek helpe, kontakt mei him opnimme as jo direkt syn assistinsje nedich binne oan syn WhatsApp him +2348144480786 of e-post, doctorigbinovia93@gmail.com tank oan it feit dat jo tiid mei my trochbrocht hawwe. ........

    BeantwoordenVerwijderen