vrijdag 20 april 2012

Forza Beppe Antsje

Elk dy 't de LC op hokfoar wize dan ek lêst, koe dêr juster in ferhaaltsje yn fine oer Beppe Antsje. Beppe Antsje wol graach fan dat prigelguod fan de Albert Heyn foar har beppesizzers ha, mar winkeltsje, kassa en winkelkarke binne nearne te besetten. Lit ik efkes dúdlik wêze: dy dingen leine krekt sûn't ôfrûne moandei yn 'e winkel. Mar no al rûnom útferkocht.
Dat Beppe Antsje starte de kompjoeter en seach op Marktplaats. Dêr wie wol ien en oar te besetten, mar de prizen lige der net om. In karke, yn 'e winkel 12,99, kostet op Marktplaats mear as it dûbele. Teminsten, dat wurdt der foar bean. Hoe gek binne wy?
Der binne blykber guon mei hannelsbloed by, dy stiene moandeitemoarn healwei njoggenen yn 'e winkel, kochten in stikmannich karkes, kassa's en winkeltsjes op, rieden der mei nei hûs en setten it guod linea recta op de grutste winkel fan Nederlân. Sokken ha fansels goed yn 'e smizen dat it rôversguod is en dus winst opsmyt. Tûk betocht, mar ik fyn soks net aardich. Beppe Antsje ek net, dat dy sette ek in advertinsje op Marktplaats, wêryn se dit oankaarte. Se krige in soad reaksjes. En as tank waard har advertinsje ferwidere. De direksje sit fansels net op negative reklame te wachtsjen.
Dêrom reagear ik net op Marktplaats, mar hjir: Beppe Antsje, ik bin it hielendal mei jo iens.
It is net allinnich dy AH-gardersrotsoai, it is ek playmobil en lego en alle oare populêre merken: setsjes dy 't amper mear kompleet binne, geane foar 95% fan 'e nijpriis fuort. As men it as sadanich, brûkt en net kompleet, yn 'e winkel stean seach foar dy priis, rûn men gau troch. Op Marktplaats net. It is de woeste jacht op boartersguod, dy 't fan minsken a-soasjalen makket dy 't in oar it ljocht yn 'e eagen net gunne.
Fansels, it is fraach en oanbod, dat wit ik ek wol. Bieders bepale in priis, mar dy is faak ôflieden fan wat bretale ferkeapers freegje. Kleare hannel. En leau mar dat der guon 't binne dy 't in aardige bûssint by fertsjinje op dy wize.
Is der dan neat oan te dwaan? Ik tink it net. Freegjen is frij en bieden ek. Marktplaats wie eartiids in plak dêr 't jo om skik slagje koene oan aardige presintsjes foar Sinteklaas of jierdeis. Mar minsken binne habberich en biede dus by de klippen op. Ik ha wolris tocht dat it better wie as der in hoeke wie foar sammelers en in hoeke foar bern. Mar soks is net te kontrolearen. Der binne heiten en pakes by de rûs dy 't sebeare foar de bern in doaske lego oanskaffe, mar it dan foar in hegere priis wer ferpatse. Soks wurket dus net.
Noch in opsje is in maksimumpriis ynstelle: it guod mei net mear kostje as 50% fan 'e advys-nijpriis yn winkels.  Hâlde jo jo dêr net oan, dan wurde jo as oanbieder skrast. Mar wa sil immen ferbiede mear as de helte te bieden? Ik sjoch it net.
Gelokkich bringe boeken net in nuts op op Marktplaats. Dat is dan ek it ienige.
Nije wike oer is it hjir rommelmerk. Dêr falt it ek al net mear ta om wat te besetten: hannelers brûze om stipt ien oere as heale wylden troch de doarren. Se wrame it moaiste guod by elkoar, triuwe it safolle mooglik yn tassen en miene dan foar euro klear te wêzen. Sels dêr is dus de beskaving al op 'e loop.
Yn Burgum is fan 'e wike wer in foedselbank iepene...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten