woensdag 2 mei 2012

Práchtige chrysanten

Se binne noch op gjin stikken en gjin ein klear, dizze fjouwer froulju, as ik myn buske foar de doar set. It binne Liwadders en se wolle graach nei it Jopie Huisman-museum yn Warkum, dat se ha de taksi al yntiids besteld. Kinne se nei ôfrin ek noch efkes in slach troch de stêd en hjir as dêr wat drinke. Dat it april is en dus frijwat kâld, dat kin harren neat skele. Sy binne in dei fan’e pôlle en litte har fan’e kjeld net ferkatse.

As de dames, sels hast museumstikken, úteinlik allegearre noch efkes op it húske west hawwe, skowe se lûd tsjetterjend yn’e bus te plak. Elk op in eigen stoel, net njonken elkoar, dan ha se kwalik romte. Se ha der wakker sin oan, dat se kraaie der oer, sa graach wolle se elkoar fan alles op’e hichte hâlde. Ynwindich moat ik laitsje, dit koe noch wolris sa’n reis wurde dy’t jo as sjauffeur bybliuwt.

Amper binne wy de stêd út as dêr giet it al hinne. ‘Och kyn, wat binne wy nou al mooi fut niet? Komme wy oek nog es de stad út. Ach sjauffeur, je mutte rekene, wy binne al su oud, wy komme nergens meer, ja hoogút de Skrâns even over met ut rollatorke.’

Dan binne wy de stopljochten by Boksum foarby en begjint de reis pas echt, sa fine myn klanten. ‘Minsen, wát un útsicht hewwe je hier. Kiek nou toch, dêr lope skapen, wat leuk,’ âllet de drokste fan it stel. Wer twa tellen letter: ‘Nou ja juh, must kíeke, un mólen’. De stim fan myn ‘hostess’ sjit omtrint in oktaaf yn’e hichte, as hie se sa’n ding oars nea sjoen as op in plaatsje. De oare trije grize kopkes draaie har braaf nei links en roppe ek fan ‘ôôh’ en ‘práchtig nou’. Aldergelokst is de reis noch lang net op syn ein, se kinne op it trajekt Ljouwert-Warkum links en rjochts noch hiel wat mûnen yn alle soarten en maten bewûnderje. De hostess is no hielendal yn har rol en beneamt alles wat se ûnderweis de muoite wurdich fynt en dat is nochal wat. Greiden, pleatsen, doarpen en ‘och gut, wat skitterend juh, Friese peerden’. It giet op’t lêst de oare froulju suver wat te mâl, dat ien fan harren snuorret ‘Kanst dy oek even stilhouwe, bist gien reisleidster wel?’

Dy wurden komme blykber oan, want tusken Boalswert en Parregea is it stil yn it buske. Mar dan, ynienen, krekt foar Warkum, sjocht de frou foar in pleats grutte bosken titelroazen yn’e bloei stean. Se sjit heal oerein út har stoel en pript de finger omtrint by buorfrou oan’e oare kant fan it paad yn’e eagen: ‘Kiek nou es an, kíek dan, wat het dy boer dêr práchtige gele chrysanten in syn tún!’

Op slach is it wer gesellich oan board, de oare trije froulju en ik skodzje fan it laitsjen. De ‘hostess’ sjocht earst as in tuorre, mar bekomt al gau as se har fersin fernimt. Noch neinokkerjend kjimme alle fjouwer de grize strúkjes yn model en wurde dan fleurich wei yn it museum.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten