zaterdag 7 april 2012

Jim seks, dan ik ek

Godskes noch ta, wy ha in nije hype mei syn allen. Seks yn 'e literatuer. Der binne al guon bloggers dy 't der wat oer sein ha. Der is in literêr tiidskrift dat der in wedstryd oan keppelet en der binne twitterders dy 't der oer twitterje. Soe ik dus ek dwaan kinne, mar om myn miening yn dit stik fan saken wer te jaan, woe ik mar wat mear as 140 tekentsjes brûke.
Seks dus. Yn literatuer. Yn boeken dus. Ik kin my út myn pubertiid noch yn 't sin bringe, dat ik stikem it boek 'De Hete IJssalon' fan Heere Heeresma trochnoaze yn 'e skoallebibleteek yn Harns. It wie klearebarre porno en dus tige nijsgjirrich, want op dy leeftyd ûntdekke jo de wrâld en sa komme jo as fansels ek by it winkeltsje dêr 't de measte Abrahams mar wat graach de moster helje. De tiid fan 'Het groene boekje voor meisjes' hie ik doe al efter my litten. Dy IJssalon wie foar my it momint dat ik yn 'e kunde kaam mei pornoratuer. It wie al moai wat jierren letter dat ik in boek lies fan Heleen van Royen. 'De Gelukkige Huisvrouw'. Noch mear wylde seks. Sa moai as ik soksoarte ferhalen tsien jier earder fûn, sa bot ergere it my no. Ik fûn der gjin klap oan. Earlik net. Dat geouwehoer oer wa 't yn hokker bocht wêr nommen wurdt, it ynteressearret my de roazen. Ik wie der dan ek fuort klear mei en ha my net wer oan sa 'n skriuwwurk weage.
Mar no lês ik dus dat seks ûnmisber is yn goede literatuer. Aha. Nijsgjirrich. Want no begryp ik ynienen wêrom at Gerard Reve syn 'De Avonden' sa geweldich is. Fansels, as jo der each foar ha, dan is it in wûnder sa as dy man de leechte fan it tiidrek krekt nei de oarloch beskriuwt. Mar mei it each op 'e seks kom ik by dat boek net fierder as dat iene, ôfstjittende, byld dat my altyd bybleaun is. As ik tink oan 'De Avonden', dan tink ik oan in pielemuisje (en dêr wol net in fetsoenlik frommes mei om piele) en oan in sneu figuer dy 't himsels ôfskuort mei in knuffelknyntsje yn 'e broek foar it noflike gefoel. Jasses. Ik ha Reve ek altyd in fize keardel fûn.
Jan Wolkers krektlyk. Turks Fruit? Neat wurdich. De útkomst is wol ynkringend, mar de seks dêrtusken troch hat neffens my oars gjin funksje as it fullen fan de siden en it ôfreagearjen fan eigen frustraasjes. Foar de filmmakkers lykwols is it in aardichheid. Want foar Nederlânske en Fryske films liket it selde te jilden as foar de boeken wêr 't se op basearre binne: seks is in must. Funksjonaliteit wurdt net nei sjoen. Hoppa, broek fan 't gat, poatsjes yn 'e hichte en rampetampe. Foaral ús Fryske topfilmmakker S. de J. hat der in hantsje fan. It moaiste is: hy spilet sels altyd de rol fan de man yn dy sênes. Smearlap.
Wêrom? Wat heakket in nust pornografyske sênes ta oan in ferhaal? Ik begryp dat net. Seks yn literatuer hat gjin funksje. It is moai as minsken yn in relaasje har gerak krije, mar dat kin mei in pear wurden wol ta: 'se kamen ta elkoar', of sokssawat.
Seks yn byld is nei myn betinken allinnich funksjoneel op net 23 fan 'e digitenne. Dat is, foar de leken ûnder ús, it 24-oeren-deis wipkanaal. Dat kinne jo oansette as jo al efkes fan 'e kruk wolle, mar de eigen fantasij lit it slim ôfwitte. Dan ha je der wat oan. En seks yn skreaune taal? Noflik as de digitenne wer ris nei de knoppen is, of in steuring jout. Kinne je dêryn lêze hoe as it moat. Fijn, ik moat leau ik dochs mar sa 'n nije Moanne keapje skylk... Ik hoopje net dat al dy dryste ynstjoerders anonym wurkje, want ik wol al witte wat der oan fantasij omgiet yn 'e, meastentiids grize, koppen fan ús literêre kopstikken. Dêrnei in kear goed koarje, besparret my in pak Rennies.

5 opmerkingen:

  1. Hoi Myn namme is Lucy Carveth-Johnson Ik bin út Grins, mar ik bin mei myn man nei Londen ferhúze. Ik waard ferwûne en hertbrutsen doe't in sân moannen lyn in grut probleem ûntstie yn myn houlik, tusken my en myn man. sa ferskriklik naam hy de saak foar in skieding foar de rjochtbank. Hy sei dat hy noait wer by my woe bliuwe, en hy hâlde my net mear. Dat hy pakte it hûs út en makke my en myn bern troch serieuze pine. Ik besocht al myn kânsen om him werom te krijen nei in soad bedeljen, mar alles wie nutteloos en hy befêstige dat hy syn beslút naam hie en hy woe my noait wer sjen. Dus op ien jûn, doe't ik werom kaam fan it wurk, moete ik in âlde freon fan my dy't my frege oer myn man. Dat ik haw him alles útlein, dat hy fertelde my dat de iennichste manier wêrop ik myn man werom kin krije is in staveringsbesite mei de namme DrIgbinovia besykje, om't it ek echt foar him wurke. Dat ik haw noait yn stavering leaud, mar ik hie gjin oare kar dan syn advys te folgjen. Doe joech hy my it e-postadres doctorigbinovia93@gmail.com fan 'e stavering dy't hy besocht. Dat de oare moarns stjoerde ik in e-post nei it adres dat hy my joech, en de easken foar stavering soargen my dat ik myn man de twa dagen werom krij. Wat in fantastyske ferklearring !! Ik hie noait tocht dat hy mei my praat en my alles fertelde wat ik dwaan moat. De oare moarns, dus ferrassend, rôp myn man dy't my de lêste 7 moannen net belle, my oan te kundigjen dat hy werom soe komme. Wat prachtich!! Dat it wie sa dat hy deselde dei weromkaam, mei folle leafde en wille, en hy ferûntskuldigde foar syn flater en foar de pine dy't hy my en ús bern feroarsake. Sûnt dy dei wie ús relaasje no sterker dan earder, mei de help fan DrIgbinovia Dat ik sil jo hjir rieplachtsje as jo problemen hawwe mei kontakt mei him, ik jou jo 100% garânsje dat hy jo sil helpe, jo kinne ek skilje him of add him op Whats-app: +2348144480786 in heul grutte tank oan Drigbinovia ..!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Gode ​​dagers venner, jeg heter Bea van Linschoten-Wagenaar fra Radevormwald, fritesland, jeg er lege lege av yrke, 47 år gammel. Les mitt sanne livs vitnesbyrd. Jeg har en positiv intensjon om at denne informasjonen vil hjelpe noen som leser denne artikkelen akkurat nå til å gjenopprette ødelagte ekteskap og gjenopprette tapt kjærlighetsforhold i løpet av to dager. Etter å ha vært i forhold til Grønseth i årevis, brøt han opp med meg, jeg gjorde alt for å få ham tilbake til å elske meg, men alt jeg gjorde var forgjeves, jeg ville ha ham tilbake så mye på grunn av kjærligheten jeg har til ham, jeg spurte ham med alt jeg har, jeg ga løfter, men han nektet. Jeg forklarte problemet mitt for kollegaen på jobben, og hun foreslo at jeg heller ville kontakte en kjærlighets spellcaster som kunne hjelpe meg med å stave det tilbake, men jeg er den typen personer som aldri trodde at kjærlighetsforestillingen eksisterte eller fungerte, jeg hadde ikke noe valg men for å prøve det, sendte jeg e-post til spellcaster-kanalen, og han fortalte meg at det ikke var noe problem at alt skulle gå bra før tre dager, at eksen min vil komme tilbake til meg før tre dager, han kastet Love spell-delen i luften og overraskende den andre dagen var det rundt kl. Min eks-kjærestepartner ringte meg på mobiltelefonen min, jeg var så overrasket over at jeg svarte på telefonsamtalen, og alt han sa var at han var så lei for alt som skjedde at han ville at jeg skulle komme tilbake til ham, at han elsker meg så mye . Jeg var så lykkelig og det var slik vi begynte å bo sammen lykkelig. Slik kan du nå ham hvis du trenger hjelp doctorigbinovia93@gmail.com eller whatsapp på +2349014523836 ta ting for gitt, og det vil ta fra deg ......

    BeantwoordenVerwijderen
  3. (WELKOM TO SEA MASTER GEESTELIKE TEMPEL). Binne jo it libben yn 't libben, hawwe jo eks werom nedich, jild stavering, skientme stavering, stavering werom as alle soarten stavering Wolle jo rykdom, of gelok, as in mate E.T.C. ik bin in spesjalist fan ferlern leafhawwers. Ik ha safolle minsken oer de heule wrâld holpen om stavering op te bringen 1. ferlerne leafhawwer werom bringe 2. Win jo leafste hert 3. help single minsken om partners te finen 4. troud wêze 5. leafdesattraksje 6. Troude problemen en skieding 7. Leafde diel 8. Nierprobleem alle soarten sykte kinne jo kontakt opnimme mei my op WhatsApp mei (+2348158911896) Of e-post my fia: seawaydr22@gmail.com

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Ik wol jo chubygreat betankje foar jo help. Myn frou liet my in pear moannen werom en ik hie har nedich yn myn libben, om't ik har sa leaf ha. Ik haw kontakt opnommen mei chubygreat doe't ik oer Google lies oer him, hoe't hy leafdes weromkomme. Hy joech my fersekering en fertelde my dat hy dingen nedich sil dy't ik levere haw en yn 'e kommende twa dagen nei it castjen fan' e spell kaam myn frou werom nei my. Tige tank foar chubygreat. Jo kinne kontakt opnimme mei de folgjende details. Chubygreat@gmail.com of Whatsapp 2348165965904

    BeantwoordenVerwijderen
  5. No wat kin ik sizze..my no hat eks-man my meardere kearen bedrogen yn ús houlik. Soe ik my gewoan mear pine lizze troch te sitten? NEE !, Ik haw kontakt opnommen mei in hacker om my te helpen alles te finen dat hy op syn tillefoan ferbergt, dit is de e-post fan 'e hacker:
    [JAMIEHACKING99 @ Gmail. Com] As jo ek help nedich binne, nim dan kontakt op mei him.

    BeantwoordenVerwijderen