zaterdag 2 juni 2012

Gerdinen

Juster nei in boekpresintaasje west. Wêrom blog ik dat no pas? Om 't ik tusken de boekpresintaasje en dit tiidstip noch gjin tiid hant ha foar bloggerij. Fandêr.
Mar goed, ik wie dus op dy boekpresintaasje. En mei my in knoarre oare minsken. Allegearre gewoane minsken. Der wiene wol in pear pommeranten by, mar dy gedroegen har net botte pommeranterich, dat dy wiene wol te promjen.
De regionale media wie ek rom fertsjintwurdige. Mar ik tink net út media-oerwagings. Abe de Vries fan Winaam wie der. Eartiids FPB, no Deiblêd (it kin ferkeare blykber). Eelke Lok wie der en Karen Bies (dy 't mei reade koantsjes wachte op in knoffelige sekssêne dy 't net kaam). Johan Veenstra (Stellingwarver) en Hylke Tromp. Koartsein, de muoite wurdich.
It wie in pracht presintaasje. Want Jaap Louwes spile (mei syn fêste begeliedingsgitarist) en ik bin fan fan Jaap. Mar dat net allinnich: de sprekkers wiene ek de muoite fan it beharkjen wol wurdich. Gjin gelul, gjin grutte wurden, gewoan noflike praters. En dat yn it paleis fan justysje. Dat grutte gebou oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Stoer hear. Je sille it mar foar elkoar krije.
Mar praatsjes ferjitte jo ornaris wer, dat ik kin no wol miene dat soks my bybliuwe sil, úteinlik is dat net wier fansels. Wat my bybliuwt binne dy prachtige, grutte, swiere, blauwe, flewielen gerdinen. Knoerten fan gerdinen. Ik fûn se geweldich. Wylst ik harke nei sprekkers en gesang seach ik al prachtige pakken foar it Iepenloftspul. In oanwinst foar it kleanhok fan Anna Kamstra hjir yn Bitgum.
Mar dan moat de skjirre yn 'e stof. Begrutte my ek alwer, want wat hiel is hoecht net stikken. Dus tocht ik: minsken, as jim dat paleis fan justystje ea restyle of pimpe wolle en jim binne dy gerdinen sêd, dan soe ik graach ien sa'n gerdyn ha wolle. Want ik ha ek in grut rak en sa'n gerdyn, betocht ik juster, is poer geskikt om in moaie tinte fan te bouwen.
Dat jimme it efkes witte.
Mail me mar as it sa fier is.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten