Fernuvering hjoed. Teloarstelling by guon, lilkens by oaren en in lichte jûchheistimming by dyjingen dy 't altyd al tsjin wiene. Wêr ha 'k it dan oer? De trein fansels. De trein dy 't der net komt. Dy fan Grins nei it Hearrenfean. En hoewol ik it faak net iens bin mei politike besluten, is dit neffens my ien fan de bêsten dy 't der ea nommen is.
Dat treintsje hie nammentlik finaal gjin nut. Wa wol no mei de trein fan Grins nei it Hearrenfean? Der leit in poerbêste fjouwerbaansdyk, dêr 't komselden files steane. No ja, by it Julianaplein yn Grins wol fansels, mar dat is logysk. It rydt dêr altyd noch hurder as yn ús haadstêd, sil ik mar sizze.
Oer dyselde fjouwerbaansdyk kin ek in bus ride. Yn 'e tiid dat ik noch yn Grins omhúsmanne (dan ha 'k it dus oer mear as fyftjin jier lyn), riedt ik foar myn staazje alle dagen mei de Interliner nei it Fean. Krekt as it treintsje dat der no net komt, stoppe dy bus yn Drachten. Fierder gjin gemiter: poat op it gas en ride. Ik wie samar te plak. Op 'e drokste einen lei in busbaan, dat fileleed ha 'k net meimakke. Fertragingen ek net. Fansels, jo kinne ûnderweis in ûngelok tsjinkomme en dan is it efkes yn 'e war, mar oars: poerbêste ferbining. Dêr hoege jo gjin trein foar, want dêr wol ek noch wolris eat of immen foar sjitte. Jout noch mear opûnthâld. Boppedat dogge alle wiksels en seinen op 'e sneldyk it as in tierelier.
Minsken wolle no ek net yn 'e trein, want it is djoer. Boppedat ha se yn Den Haach krekt betocht dat de kilometerfergoeding yn 'e takomst beleste wurde sil en dus binne jo as abonnee al gau hûndert euro djoerder út as tsjintwurdich.
Hulde dus oan 'e geasten dy 't it near op dit spoar lein ha.
Mar no. De Fryske polityk is oeral. Want der wie jild foar tasein (hast 600 miljoen leau ik) en dat jild wie earst al bedoeld foar in oar djoer prestiizjeprojekt. De Fryske polityk is benaud dat dat jild no yn Den Haach bliuwt. Soe hiel goed kinne, ús lân moat ommers besunigje? Mar men fynt: Drachten moat kompenseard wurde. Hoesa? Om 't se dan de Drachtster feart wer iepensmite kinne? Kin der faaks in feartsjinst tusken Drachten, Grins en it Fean opset wurde?
Ik wit wol, in grinende ko krijt noch wolris wat, mar dit is kânsleas.
Wy jouwe de bern dochs ek gjin nintendo ds, as it ús efkes net goed liket om iPad te keapjen? Ûnsin. It bern wol graach wat ha, (oer)heit of -mem seit nei it nedige tinkwurk 'nee'. Dêr bliuwt it dan by.
Mochten de sinten al komme, dan net fuort mar yn in stik dyk stekke, mar rêstich oer neitinke wêr 't it foar brûkt wurde moat. Ek goed 500 miljoen kin mar ien kear útjûn wurde.
As ik wat ekstra's ha, giet it op 'e sparrekken. Destiids yn 'e gemeenteried seine sy: wy hevelje dat oer nei de Algemiene Reserve II. Dat wie in ferhipt noflik potsje. Dat wie sis mar it festjebûske, foar it jild dat út 'e iene broeksbûse kaam en nei de oare broeksbûse ûnderweis wie. Skowe mei potsjes gie fia de Algemiene Reserve II. Dat soe de provinsjale polityk ek dwaan kinne. As it jild komt: net earmerkje litte, mar yn 'e ARII. Kinne jo in hiel soad oare leuke dingen mei bestuiverje.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten