dinsdag 7 augustus 2012

Epke hie syn slinger

It is hjir al in moai hoart stil fan myn kant. Net dat ik neat te melden ha, mar om 't ik net folle nocht ha om my yn te spannen. Ha it te drok mei oare saken. En dan is it ek nochris simmer. Net myn favorite tiid fan it jier. It is alle jierren it selde: ik mien wol dat ik yn 'e simmer fan alles sil, mar meastentiids is it wachtsjen oan 't de blêden begjinne te ferkleurjen. Gjin moaier gefoel as dat ik by jûntiid, op in neisimmerdei, nei hûs rydt en dan sjoch dat de kleur fan it ljocht justjes oars wurdt. Ûnsin? Nee, wier. As oan 'e ein fan 'e simmer jûns de sinne ûndergiet en it lêste ljocht falle lit oer mais en beammen, dan is de kleur echt oars. Dan komt de hjerst der oan. En dan libje ik op.
Gelokkich ha ik fan 't jier myn oplibbing justjes earder, ek al soe it bêst wolris tydlik wêze kinne.
Fannemiddei waard ik wekker út myn simmersliep. Om in oere as fiif, om krekt te wêzen. Guon fan jim grif ek. Doe slingere ús Epke nei Olympysk goud. Ik hie it swit yn 'e hannen, it hert sloech my as in lammesturtsje en ik siet te hippen op 'e stoel. Geeske sei: "mem koe ek wol oan 'e rekstôk hingje". En se hie gelyk, want yn gedachten hong ik dêr ek in lyts bytsje.
It is no sa'n fyftjin jier lyn, doe 't ik foar it Friesch Dagblad stjoerd waard nei it Sidijk toernoai yn it sportsintrum Hearrenfean. Foar dyjingen dy 't it net witte: dat is in ynternasjonaal turntoernoai, dat dêr alle jierren hâlden wurdt. In lannetoernoai, wêr't ek en foaral de jongerein oan bod komt. It wie yn 'e jierren dat Marella Lodewegen fan Frjentsjer al hast wer fergetten wie en Herre en Johan Zonderland op nasjonaal nivo knap meikomme koene. Ik prate dy middei mei Rietje Bijlholt, treenster by de turnskoalle fan WIK-FTC en frege har oft it der dan nea ris fan komme koe dat in Nederlanner in rol fan betsjutting spylje koe yn it ynternasjonale turnen. Se wiisde my op in spjochtich keardeltsje fan in jier as tsien-alve. "Als er één ooit in de buurt van de top kan komen, dan is hij het daar". "Hij", dat wie Epke. Ik rûn nei it keardeltsje ta en fertelde him wat syn treenster sein hie. Syn reaksje wie noch net sa bot media-treend: "dat wol ik ek, mar dan moat ik wol hiel hurd oefenje".
Hurd oefenje hat er blykber dien. Hjoed makke er wier wat men doe al yn him seach. Hulde Epke!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten