maandag 13 augustus 2012

Lokwinske

Ik miende oars dat it krisis wie. Dat bygelyks ús Friesland Bank weiwurden wie yn 'e roppert fan 'e âlde boerelienbank. Dat de sinten dus rûnom op binne. Sponsorje? Nee, kin eins net mear. Net troch de bank, mar ek net troch in soad oare grutte bedriuwen. Lykwols: as der immen wat wûn hat om 't er healwize keunsten op in rekstôk ta in goed ein bringt, of om't er syn skûtsje foar de wit-ik-hoefolste kear as earste oer de streek stjoert, dan sitte dy bedriuwen allegearre as in bok op 'e hjouwerkiste. En by de ferkeapôfdieling fan'e krante laitsje se hun dea. Komt wer sa'n dom bedriuw mei in advertinsje fan in hiele side. 'Friesland Bank lokwinsket Epke', 'Provinsje Fryslân lokwinsket Epke', 'Provinsje Fryslân lokwinsket Douwe Visser en syn bemanning', en gean sa mar troch. Mei gouden medaljes, mei sulveren medaljes, mei krekt-gjin-medalje, mei in PC-oerwinning. Alle kearen mar wer in hiele side. De krante fart der wol by. En fan wa syn jild wurdt dy ûnsin bekostige? Krekt...
Wêrom dogge dy lju net gewoan in sms-ke, of stjoere se, hiel âlderwetsk, in kaartsje? Dat kostet mar in lyts bytsje en it giet dochs om in persoanlike lokwinsk? Oh nee, it giet om 'e eigen namme, dy 't oer de rêch fan de sportman/frou yn kwestje efkes delset wurde moat. Want winners, dêr wol elk bedriuw mei asosjeard (bewust mei ien s, ja) wurde.
Ik ha trouwes noch nea in advertinsje sjoen destiids foar Sven. Sa fan "De Friesland Bank lit witte dat it har alderferskuorrendst begruttet fan dy ekstra bûtenbocht", of soksawat. Nee, dan hearst se net.
Als je wint, heb je vrienden, rijen dik, echte vrienden...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten