dinsdag 21 augustus 2012

Ha, we meie hast wer stimme

Noch trije wike minsken, dan is it wer safier. Yn kolonne nei de stemhokjes om wer in hokje yn te kleurjen. En dus wurde wy no al links en rjochts om 'e earen slein mei loaze beloften, hurde wurden, sebeare argewaasje en wit-ik-hoefolle sekuer ynstudearde oneliners.
Foaral dat lêste is moai hopeloas trouwes, want de polityk is dus sa foarspelber, dat de tinktank fan elke willekeurige Haachske búksprekpop de reaksjes op kollega's fan oare partijen al fier fan te foaren betinke kin. Machtich. Soks stel ik my foar as in soarte fan "Loesje-gearkomste", wêrby't se mei elkoar, wapene mei in digitale pen en papier, elkoar opnaaie om sa 'grappich' mogelik út 'e hoeke te kommen. Ik stel my ek foar dat se der in poule by opsette: "hokker útspraak hellet it faakst de media". No ja, it grutte ferskil mei Loesje is, dat dy wól leuk is.
It hurdst moat ik altyd laitsje om dy ferkiezingsretoryk flak fan te foaren. Dizze kear wolle se de langstudearboetes weromdraaie. Dêr ha dyselde partijen noch net sa hiel lang lyn oars flot foar stimd. Lykwols: der moatte stimmen lutsen wurde, al is it allinnich mar om Maurice de Hûn dwaande te hâlden, en dus ropt men no dat it dochs mar net wurde moat mei dy boetes.
De JSF sil ek wol wer oer praat wurde en de Fryske politike kopstikken rinne har nei alle gedachten in blikgat by harren lanlike toppers om der noch wat lokale items troch te jassen. Kin allegearre.
Dêrom hie Jolanda Sop ek wat te fertellen oer de Sintrale Jiske. In dyk fan "Niks naar Nergens". Irona Groeneveld fynt dy dyk ek net moai, mar wist net hoe hurd as se sizze moast dat Dokkum en Drachten fansels mear binne as Niks en Nergens. Och heden, de lêste GrienLinks-kiezer yn ús provinsje soe ek nochris útnaaie kinne.
Ik moat earlik sizze: ik ha neat mei Jolanda en ek neat mei frou Groeneveld. Mar ik bin it wol in bytsje mei se iens: Dy Sintrale Jiske smyt neat op, brekt allinnich mar ôf. It is in prestiizjeprojekt, krekt as dy púndyk dêr't se it lânskip hjir tusken Stiens en Marsum mei fernaggelje. Gau mei ophâlde dus. Hoe sizze je dat ek alwer frou Sop? Oh ja, de stekker der út. Dus. As se dat no foar 8 septimber efkes regelje kinne, dan koe it wolris sa wêze dat ik foar it earst yn myn libben op GrienLinks stim. Och, kwea kin it net, it sil se gjin ekstra sit opsmite.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten