zondag 30 september 2012

Bona-snein en Arendsoog

Ik wie hjoed op 'e jiermerk yn Ljouwert. Dat wie net earlik it doel: de âldste woe 'shoppe' en ik wist tafallich dat it keapsnein wie. Sadwaande bedarren wy in mannichte minsken, sa as se yn Haren noch nea by elkoar sjoen ha. Mar hawar.
It is útsoarte ek net in snein sa as ik dy, mei myn wat âlderwetske ynslach, altyd foar eagen hant ha. Myn snein soe der ien wêze moatte fan in ienriedigens, sa't je dy eartiids seagen yn de Bona-reklame. Of dêr't je fan liezen yn dy, frijwat drege, berneboeken dy't  der destiids te krijen wiene. 'Nog bij moeder', of soksawat. Koartsein: earst mei syn allen rêstich wekker wurde, bôlle ite oan tafel en dat sûnder lijen om't heit ek thús is en foar de gelegenheid de farskbakte broadsjes mei leafde smard hat, mei de hiele húshâlding nei tsjerke en dat dan de bern ek netsjes stil binne en leaf de glês-yn-lead-rútsjes telle, of de skreven yn it plafond, mar yn gjin gefal elkoar it ljocht út 'e eagen klauwe om't de iene boartsje wol mei it prultsje dat de oare ek op it each hie, dan nei de preek tige foldien oan'e kofje-mei-wat-derby en dan, om't it fansels útsocht waar is, mei syn allen in slach om'e buorren kuierje. Sjoch, dat is wat ik, yn 'e jierren dat ik foarsichtich oan in eigen húshâlding begong te prakkesearen, foar eagen hie.
De wurklikheid is justjes oars. "Tussen wens en werkelijkheid staan wetten in de weg en praktische bezwaren," orearre ús heit altyd, as wy it wat te heech yn 'e plasse hiene mei ús winsken. No kin ik gjin wetten betinke, dy't my in noflike snein, sa as ik my dy dreamde, ûntsizze sil. Mar dy 'praktische bezwaren', dat binne grutte spulbrekkers. Ik ha ommers gjin folsleine húshâlding en al hielendal gjin bern dy't leaf glês-yn-lead-rútsjes telle. Ei no, dat is mei in pûde spekjes yn mem har tas noch wol wat te ferhimmeljen. Mar it rêstich wekker wurden is der net by fansels, want dan ha de frouljue meast al efkes mei de hoarntsjes yn elkoar sitten.
Hjoed hie ik oars in hiel ein komme kinnen mei it ultyme Bona-sneinsgefoel: it wie útsocht waar, de jongste wie útfanhûs by heit, dat der wie gjin oarloch, wy hiene op'e tiid, sûnder lijen, de bôlle op, mar doe gie it mis. De preek wie nammers yn Marsum en dêr flean ik net hinne. Bitgum of Bitgummole en by need Ingelum, mar dan hâldt it foar my op. Mis fansels, mar sa giet dat mei my. Gees hat al nei sneinskoalle west. Dêrnei dus kofje-mei-wat-derby en in slach om'e buorren mei de hûn.
En doe ynienen wie dêr dy net-sneinske-oanslach dy't wy krigen: wy woene nei stêd. En dat ha wy dien ek. Broadsje iten by de V&D en doe nei de boekwinkel, want Gees woe graach in nij boek keapje. Dat wol se altyd, it is in echte boekewjirm. Kertier oer twaen sieten wy tusken de berneboeken. Healwei fjouweren wie se der út en koe der ôfrekkene wurde. De kar wie dreech: it gie tusken Koen Kampioen (bin ik op tsjin), Snelle Jelle, De nieuwe linksbuiten en noch wat fan dy fuotbalboeken, en de nijste fan Paul van Loon oer Dolfje Weerwolfje. Ik hie stikem hope dat se kieze soe foar Jan Terlouw, Thea Beckman, Roald Dahl of soksawat, mar ik leau dat se dêr krekt noch wat te jong foar is om it goed te begripen. It is Dolfje wurden.
Yn dat grouwe oere dat ik dêr sitten ha is my lykwols al dúdlik wurden dat it berneboek ek fan ynflaasje te lijen hat. Allegearre like 'populêr', of wurd ik no echt âldfrinzich??? En it slimste: se ferkeapje gjin boeken fan Arendsoog mear. Fergemy.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten