maandag 1 oktober 2012

Joik

Ik ha op feestboek lêzen dat de provinsje in streek set troch twa literêre prizen: de Obe Postmapriis foar oersettingen nei it Frysk en de Fedde Schurerpriis foar debutanten. Wat moat ik hjirfan tinke? Is dat dan dy drang om de kultuer út te dragen? Is dit yndie it bewiis dat Ljouwert, en allinnich Ljouwert, Kulturele Haadstêd wurde moat? Datselde Ljouwert dus, dat yndie net Frysk wêze wol?
De Fryske taal is op syn retoer, dat ha wy allegearre wol heard. Dat is wat men leauwe wol, dat is wat men berikke wol: it útroegjen fan it Frysk as taal. Ommers: it skreaune Frysk is net mear fan dizze tiid, seit men? Wêrom soene je der dan noch prizen foar útrikke? Wêrom soene jo yn 'e goedichheid minsken noch stimuleare om yn 'e eigen taal te skriuwen?
Soms wol ik dy politisy wol wekker skodzje en har ûnder 'e noas wriuwe hoe moai ús taal is. Mar ik wit dat it neat úthelje sil. Hoe mear wy der foar opkomme, hoe hurder at sy der tsjinoan skoppe. Ik leau, wy moatte mei yn wat it regear yn Den Haach wol: meitsje mar ien grut noardlik lânsdiel. Sterker noch: fei alle provinsjale grinzen út en meitsje Nederlân ien grutte provinsje fan Europa. Dan hoopje ik mei myn hiele hert dat wy wurde as de Sami yn Laplân: in toeristyske attraksje mei eigen klean en eigen taal. Dy't op hiel eigen wize harsels fan iten en drinken fersjogge: want dan ha wy hjir wer lytse boerkes, dy't tsien kij melke: in pear liter deis foar de húshâlding en de oare liters foar de doarpsgenoaten. In baarch foar de winter, in skiep foar de wol, in hûntsje foar it jeien. Lit ús dan mar in efterbleaun gebiet wurde, dêr't toeristen fanút de hiele wrâld har oan fergapje. Dêr't se suver oandien de tradisjonele klean as oantinken fan mei nei hûs nimme. En dêr't se de wichtichste siswizen fan op in tegeltsje op it húske hingjen hawwe.
Lit dyselde toeristen hjir nei in wykmannich wer opsoale, sadat wy fredich yn it winterskoft talibje kinne nei in nij toeristeseisoen. In lyts part fan de ynkomsten stoarte wy werom nei Brussel. Yn ruil dêrfoar begripe se dat se dizze melkko libben hâlde moatte en dus sille se ús bystean om autentyk te bliuwen.
De Friezen as bûtennissichheid. As goedmienende, hast útstoarne, útwaaks fan in fier ferline. Mei in eigen taal, eigen gebrûken en in eigen folksliet. Krekt as de Sami. En dan moatte wy ek Joike. It âlde Frysk bloed tsjoch op wurdt in Joik fan komsa. Dat sil sinten opsmite. Drekt mar mei begjinne tocht ik. Eala Fria Fresena!
Ik leau, foarearst ha wy gjin Joik, it sil wol by Jûkte bliuwe.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten