Ik wit suver hast net mear wêr en op wa ik reageare moat as it giet om prizen foar skriuwers en harren wurk.
Obe, Fedde, Rink, Gysbert, Rely, elts hat der in miening oer en elts wol de priis dy't hy of sy sels wûn hat leafst behâlde. Want as 'jo' priis ferdwynt: wat is de betsjutting der noch fan dat jo dy priis ea wûn ha? Koartom, wat is de wearde noch fan jo wurk? Oan't safier dit earste part.
Safolle prizen, safolle mienings. Ien ding is wis: der is gjin harses dy't wol dat der prizen ferdwine en leafst ek net dat dy in 'oar oansjen' krije. No lykwols lies ik op Facebook in diskusje oer de Rink. Dêr waard troch guon sa fûl op reageard, dat ik der hast fan skrok. Gelokkich is it mei wat grapkjagerij oer en wer yn de jamske fâden beslein, mar de fleur wie der al efkes út.
Ik ha ek in miening oer Rink en op it gefaar ôf dat ik de diskusje nochris nij libben yn blaas, jou ik dochs efkes lûd.
Earst mar efkes oer de status. As de status ôflêzen wurde moat oan it formaat fan de oerheid(t of oermem) dy't de priis oanbiedt, tsja, dan moat Rink it ôlizze
tsjin Obe en Fedde. It giet om provinsje tsjin gemeente, yn dit gefal. Boppedat
wurdt de priis stipe troch mar ien útjouwer. Fan it rychje priiswinners komme twa boeken fan in oare útjouwer as de Friese Pers. Dat komt de 'status' fan de priis by oare skriuwers (fan bûten de FP) miskien
net ten goede. Faaks is der ek wat kinnesinne by.
En dan noch in swier punt, sa
as ik dat de ôfrûne jierren preaun ha út de diskusjes: it wurd 'Folksskriuwer'
is hast in flokwurd wurden. Lykas in folkssjonger assosjeard wurdt mei tokkies,
wenweinen, aso's en simpele sielen, in folksbuert mei it selde slach minsken
útsein de wenweinbewenners, sa wurdt in folksskriuwer wat mei in skean each
besjoen as soe er net alhiel folweardich skriuwer wêze. Want, en dat is ek
fuort myn grutte skurft oan it wurd literatuer/literêr, in boek dat sels yn de
ûnderste lagen (ja, echt, sa wurdt it betiden sein) fan de befolking in tophit is,
dat kin noait mear wêze as pulp. Dat mei it predikaat literatuer net drage.
Literatuer is ferheffend, djipdollend, dreech, min te begripen, sûnder kop of
sturt, mar wol mei prachtige wurden. Teminsten, sa ha ik it altyd sjoen en sa
wurdt it ek leafst wat brocht troch literêre fernuften dy't har op har
útsûnderlike kwaliteiten foarstean litte.
Lit ik wol wêze: Frysk is in
prachtige taal, mei in wurdeskat sa ast dy hast nearne fynst. Sa ryk, sa rynsk,
sa útwrydsk, sa sjongsum, dat fynst nearne. Mar tagelyk rau en rûch, bonkich
en hurd, mar sa streekrjocht jins siele ynkringend. Dat is Frysk minsken. En
dat Frysk, dat is faaks wol wat folks. De persoanaazjes miskien ek wol. Folks:
dêrmei kinne jo jo identifisearje. Dat soe oer josels gean kinne.
Immen dy't
op dy wize in boek skriuwe kin, dat jo dat gefoel besoarget, dat is in
ferteller fan de boppeste planke. Dy fertsjinnet net allinich in priis fan
Smellingerlân en de FPB, al hoe sear ik harren ynspanning wurdearje, want se
dogge teminsten WAT, sa'n skriuwer of skriuwster fertsjinnet in priis dy't
troch de hiele Fryske mienskip droegen wurdt. Provinsjebreed, troch alle
útjouwers, lêzers en media. Sa. Dat fyn ik fan Rink.
En wat dy oare prizen oanbelanget: bynammen de Obe is ien dy't unyk is. Dy't oare boeken beëaget as al dy oare prizen. Nammentlik oersettings. Dat wurk moat dien wurde, dy priis moat bliuwe. Dat soene se by DS begripe moatte. Wêrom oars de muoite nimme bygelyks om in Gysbertboek oer te setten yn it Nederlânsk?
De Fedde soest oer prate kinne. Dy soe op in oare wize stâl jûn wurde kinne, al bliuw ik fan miening dat stipe fan de provinsje nedich bliuwt, al is it allinnich mar om 't it Frysk in lytse taal is dy't alle stipe fan boppenôf nedich hat.
En no sil ik myn harnas sykje, want dat koe nei dit stik wolris nedich wêze.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten