Ik seach krekt yn de LC in ferhaal oer dat it sûne ferstân in fijân is fan de kreativiteit.
Dêryn wurdt ús regionale toppoëet Tsead Bruinja yn ien asem (en in searje foto's) neamd mei Edvard Munch, Virginia Woolf en Ludwig van Beethoven.
De grutste trije fan dit rychje wiene allegearre min of te mear spikergek en ek Bruinja hat wolris depressyf west, stiet der yn. Oh. Ik begryp wol dat der in link socht wurde moat tusken geweldige keunstners (yn hokker dissipline ek) fan lang lyn en in Fryske keunstner dêr't de generaasje lêzers fan no him ek wat by foarsetlle kin. Mar dit is wat oerdreaun. Bruinja hat moaie gedichtsjes skreaun. Hiele moaie poëzij makke sels, mar dan noch mei er net yn it skaad stean fan de oaren yn dit artikel. Sels wat geastessykte oanbelanget kin er it tsjin harren lang net tsjin se hise. Gelokkich mar foar him.
No hat Huub Mous besluten dat gekte en genialiteit ek net per definysje by elkoar hearre. Wol dat jo as keunstner sa bot mei josels dwaande binne dat jo dan wolris wat nuver út 'e hoeke komme kinne.
Gelokkich is dat net altyd sa, want, sa hat Rudolf Nammensma betocht: grutte komponisten as Beethoven, Schurbert en Donizetti wiene nochal wat mei de kul op 'e loop. Dat hie se in geslachtssykte opsmiten en dêrfoar wiene se behannele mei in kwikhâldend medisyn. En it skynt dat jo dêr gek fan wurde.
Mocht Bruinja no ea nochris yn 'e ferlieding komme om echt yn it rychje grutte keunstners opnommen te wurden, dan sil er dus as de soademiter soargje moatte foar in wyld en banneleas sekslibben. Dan hoopje op syfilis, want as jo dat yn stadium trije ha, dan wurde jo kroan-idioat. En dat sil nedich wêze, want kwikhâldende medisinen wurde hjoed-de-dei net mear foarskreaun. Ik winskje him sterkte.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten