vrijdag 22 maart 2013

Troep

Niis efkes mei de hûn te rinnen, in ein bûtenút, sa as altyd.
Ik fernuverje my oer hoefolle rotsoai der lâns it fytspaad leit. Blikken, blikken en nochris blikken. Allegearre energydrink. En fierder in knoarre sjipspûden en plestikflessen. Dan ha ik it noch net iens oer kofjebekers, mcdonaldspûden en mear fan dat soarte ellinde. Dat is noch mar papier, soks wurdt op 'e duer wol wei. Mar plestik en blik? Dat leit der dus foar ivich.
No ha ik de gewoante om myn eigen rotsoai altyd mei te nimmen en thús yn 'e prullebak te dwaan. Dat lear ik de bern ek. De rommel net slingerje litte, of sels domwei del soale wêr't je op dat moment binne.
Blykber binne der in hieleboel, dy 't dêr oars oer tinke. Dy miterje de rotsoai yn 'e berm. En dêr ergerje ik my dan wer oan. Dus krij ik meastal de rotsoai mar wat op en smyt it yn de kontener of prullebak dy 't it tichtste by stiet. Spitigernôch ha ik mar twa hannen en dy binne ek noch frij lyts, dat ik ha se mei in stikmannich blikjes en fleskes al fol. Der bliuwt dan dus nochal wat lizze.
Moat ik no tenei in plestik pûde meinimme, sadat ik dy fol dwaan kin? Ik tink dat ik dan in jiskesek ha moat en foaral net te fier rinne, oars ha'k noch te min berchromte. It is dochs belachelik?
Lêstendeis ha'k tegearre mei in buorman it boarterstúntsje hjir tsjinoer 'efkes' te liif west. De jongerein sit dêr gauris, ik ken dy froulju wol, altyd netsjes de boel efterlitte. Mar der hat ek in ploech west, dy sloech dêr de drankflessen fyn. Dy glêstroep ha wy dus oprêden. En de sjekpûden. En de wietpûden. En de blikken. En de sjipspûden. Wat besielet sokke bern: der stiet dochs in prullebak?
Ik sil wol âlderwetsk wêze, mar wy hiene eartiids gjin sinten foar sokke rotsoai. En wy rommen, sa heucht it my, de rotsoai wer op, as wy wat hant hiene. Wêrom kin dat no net mear?
Dat sadwaande sit ik yn 'e spagaat: ik wol net dat de brot yn 'e natoer leit, dus krij ik it op, mar ik ferrek it eins ek om in oar syn rommel alle kearen op te krijen. En ja, der binne oars wol "blikfangers" lâns de dyk.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten