woensdag 22 mei 2013

Thialmeare

Wat is 't wat net. Samar ús Fryske iismasters sûnder wurk, as it treft. Gjin treinen fol dampende, hossende, sûpende, healwiizjende idioaten yn nuvere klean, dy 't útladen wurde op it stasjon fan It Fean. Kafé It Houtsje kin wol opdoekelje. Dy hiele iisbaan kin wol opdoekelje. Want se ha ús ferkatst. Dat wisten wy wol fansels. Dat seagen wy wol oankommen. Wy, ja. Sy net. Sy fan 'e provinsje hiene neat yn 'e rekken. Sân jier lang steggelje oer hoe 't it no moast, mei dat Thialf. Dat koe ek, want der wie ommers gjin konkurrinsje. Wat soene jo no wekker lizze fan in Jaap Eden Baan. Of fan Kardinge. Of De Smelt. Ei, wolnee. Dat wie foar de rekreanten, dat se ris in rûntsje ride koene. En ris foar in lyts wedstrydsje, sa oan it begjin fan it seisoen. Mar net foar toppers. Toppers komme ommers yn Thialf? Noch wol ja. Mar dat duorret net lang mear.
Want de provinsje woe der gjin sinten yn stekke. Wol wakker roppe en raze dat se stienryk binne mei har Nuon-jilden, mar der boppe op sitten, mei it gat. Nee, dan leaver in fermogen stekke yn in ienmalich projekt as de Kulturele Haadstêd. Mar ús nasjonale iistempel yn in nij jaske stekke, dat de kommende tweintich jier de konkurrinsje yn 'e rest fan 'e wrâld wer oan kin? Nee, dêr moat oer stind wurde. En prakkesseard. En rekkene. En wer stind. Mar út 'e rie komme, ho mar.
Sportstêd Hearrenfean. Mar nee, blikstiender, gjin nij Thialf. Teminsten, net te bot. In bytsje ferklosse.
Dat Doekele Sjerpstra al in kear mannich oanjûn hie dat hy frijwat Rânestêd-minded wie, och, wat soe dat. Dat wie mar roppen en razen. Dy lju koene dêr no wol mei sinten swaaie en roppe dat se in knûpert fan in iishal delsette soene, mar dat waard ommers neat. Iismasters ha se dêr yn dy hoeken ek net.
Yn Flevolân miene se dat se mei Flev'on Ice al hiel wat mânsk binne.
Mar ús Doekele seach der ljocht yn. De Fariseeër. It sil ek gjin Wytmarsumer wêze. Elts dy 't fan Penjum komt, wit wat soks betsjut.
Ja, it is fansels noch mar in advys hin. Thialf en Swietemar kinne noch yn berop gean. Ja, en noch in sekfol miljoenen der tsjinoan smite. Stel dat Konst no seit, en dat kin sa mar, want syn baantsje stiet faai nei dizze miskleun, 'minsken, wy smite der nochris 50 miljoen ekstra tsjinoan'. Dan wurdt Thialf it bêste, modernste, snelste wat der op iishalgebiet te krijen is. Yn leechlân dan. Dan wurdt it grif ek de meast ûnrendabele, mar dat makket no efkes net út, mar dan soe Doekele him faaks noch wol betinke kinne. Dan slacht er himsels op it boarst. 'Ik ha it riden foar Fryslân behâlden'. Jawis.
Yn Almeare giet de polonêze rûn. Frou Jorritsma foarop. It persoaniel fan it boubedriuw der efteroan. Doekele sjongt fan "weg met de malaise, want het is nu tijd voor de....". Dat ha se mar moai oprêden mei syn allen. Lit dy Friezen mar grine. It is in ferlerne provinsje. Skoallen fuort, oandielen fuort, lânskip fuort, taal fuort, provinsje sels fuort. Wol de lêste Fries it ljocht út dwaan?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten