zondag 20 april 2014

'Wat binne jou lief, komme je oek es weer?'

Hjoed brocht ik har 'op'. Sa sei se it. 'Jou brenge mij op, ik wil hier niet slape'.
Krapoan fiif menuten earder hie ik har by har dochter ophelle. WMO-ferfier: koarte ôfstannen yn 'e taksi, foar mar in hiel lyts bytsje sinten. In prachtige mooglikheid foar in hiel soad minsken om nochris efter de geraniums of, yn it gefal fan dizze frou, de sletten doarren wei te kommen.
Se skriemde. Omdat se har dochter loslistte moast, dy 't efter bliuwde.
Omdat se by in wyld frjemd frommes yn 'e auto stapte.
Omdat ik har út 'e auto holp op in plak dat har folslein ûnbekend wie.
'Waar binne we hier'?
'By de Batting, mefrou, hjir soe ik jo ommers hinne bringe'.
'Wat mut ik hier dan?'
'Jo sliepe hjir fannacht en moarnier helje wy jo wer op'.
'Mut ik hier dan slape? Dat wil ik niet'.
'Ja, jo soenen hjir fannacht sliepe en dan moarnier helje wy jo wer op'.
'Gaan ik dan naar huus'?
'Jawis. Jim soenen mei elkoar ommers Peaske fiere en aaien ite'.
Se lit har meitroaie út 'e auto en nei de yngong fan it ferpleechhûs. Se begjint opnij te skriemen en hâldt my stiif by de earm.
'Nou hef ik niet teugen moeke seit dat ik furt bin. Straks is se ongerust en dan krij ik straf'.
'Nee hear, jo mem hat jo ommers niiskrekt noch útswaaid, dy wit dat jo te útfanhúzjen binne'.
Wy rinne de automatyske doarren troch. De slús troch. Noch in stel automatyske doarren troch. Dan binne wy by de baly. Ik wit net wêr 't myn klant yn it gebou wêze moat, mar ha wol foar it snotsje dat ik har net kuierje litte kin, dat ik sjit it frommeske efter de resepsje oan. Se jout my in ôfdielingsnamme, in keamernûmer en in koade foar de doarren fan de sletten ôfdieling. Mefrou is der noch net gerêst op.
'Is alles wel goed regeld?' freget se oan it frommeske fan de resepsje. Dy kin har gelokkich fertelle dat der al hielendal op har rekkene is en dat se niiskrekt it bêd opmakke ha. Ik knypeagje tankber. Gelokkich, dy hindernis ha wy hant.
Mei it wyfke noch altyd stiif yn 'e earm begjin ik oan in lange tocht troch it ferpleechhûs, Doarren troch, gong troch, lift yn, ferdjipping omheech, lift út, doarren troch, gong troch, koade ynfiere en troch sletten doarren, noch in gong, noch in koade, noch in gong en ja, wy binne der. In suster, yn gewoane klean gelokkich, sjit ús oan. Se pakt mefrou har jas oan en de sinnebril. Sjocht my dan helpleas oan. 'Wy ha it hjir sa ferskuorrend drok, sorry dat der net ien ûnder stie om jim op te heinen, wy binne drok dwaande sjoch, hjir fierderop...'. Ik knik. Begryp it. 'Sil ik mefrou mar nei de húskeamer bringe?' Ja, dat wol suster graach, dan kin sy troch mei har wurk.
Ik skeuvelje mei myn wyfke, sa fielt it al hast, nei de húskeamer en lit har in noflike stoel útsykje. Der sitte mear minsken. Net ien seit eins wat. Se kenne elkoar net. De tillefyzje stiet oan, mar se sjogge it net. Harren wrâld is net hjir, net yn dizze húskeamer.
Eins moat ik no ek noadich fuort, ik ha in soad tiid brûkt om myn klant te plak te krijen, mar der wachtsje mear Harnzers op in taksi. It âld minske hâldt my by de hân. Ik sjoch dat der opnij triennen oer har wangen op har fest drippe. Se lûkt my nei har ta en jout my in dikke tút. 'Wat binne jou lief, komme je oek es weer?'
Mei in dikke kiel sis ik it ta. Wit dat ik har wolris wer yn 'e auto krije sil en dat se dan gjin idee ha sil wa 't ik bin. Ik draai my om en rin de húskeamer út. Sjoch nochris nei har. Sy is my al fergetten, wei yn har eigen wrâld.

4 opmerkingen:

  1. Mar ien wurd "Ontroering", Mart, en as ik dy goed yn skatten hest, moastest hast gûle, doest we fuort soest.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. ontroerend, ik pruttel geen fries maar begrijp m nog net. In het Nederlands kan dit wel een viral worden, goeie promotie.. maja hest t druk genoeg. de groeten

    BeantwoordenVerwijderen