maandag 14 april 2014

Horror

Kommende freed ha wy de Fryske Horrortour yn Bitgum. Yn Ons Huis om krekt te wêzen.
Ik ha dêr in hiel soad sin oan en mei my ek noch wol party oaren.
De Horrortour is fan útjouwerij Regaad yn Grins en wy krije in jûn fol mei grouwgriizjende ferhalen, bloedstjurjende muzyk en mooglik ek noch wol it ien en oar oan wille.
Fansels moat der foar sa 'n jûn wat reklame makke wurde. Wat mear minsken as der komme, wat better. Net allinnich foar de minsken efter de bar (Daam de Vries en ik, sei de gek), mar foaral ek foar de mannen fan Regaad, dy 't graach harren 'De Skacht en de Slinger', fan Edgar Allan Poe, oan 'e man/frou bringe wolle. Sadwaande kaam der by my ferline wike in doaske binnen mei posters en flyers. De posters hie ik samar rûnbrocht: yn alle doarpen hjir omhinne ien en dan mar hoopje dat men it lêst, want litte wy earlik wêze: in poster ophingje by in supermerk, dat betsjut safolle as heal weiwurde tusken de oare rotsoai. No is dy poster fan de Horrortour aardich grut en boppedat springt er der er goed út, mei al dy bloedtrochweakke letters. Ik ha ek mar ien by de slachter yn Marsum brocht. Dy fûn him wakker moai.
Mar doe wie it oan 'e flyers ta. Ik hie betocht dat bybleteken dêr wol gaadlik foar wienen. Dêr tochten se lykwols by dy bybs wat oars oer. "Mevrouw, wij doen hier niet aan commerciële dingen. Dit is niet in de buurt en het is niet gratis, bovendien is het geen initiatief van de bibiotheek zelf, dus willen wij hier ook geen flyers hebben".
Neidat ik de broek wer fan 'e ankels helle hie, ha 'k de brot mar wer meinommen. Ik sil leau'k fannemiddei mar efkes hûs oan hûs hjir troch de buorren.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten