maandag 23 juni 2014

Fryske Narren lit muzikale mienskip stikke

Ôfrûne wykein hienen wy konsert mei Orkest Fryslân. Klassike muzyk. Geweldich om mei te meitsjen en ek in feest om ûnderdiel te wêzen fan sa 'n orkest. De wike dêrfoar in like bysûnder Heitedeikonsert mei ús pleatslike Brassband Looft den Heer. Ik meitsje muzyk en bin der grutsk op. Kin my gjin libben sûnder muzyk yntinke.
En amper neidat ik grutsk in foto fan Orkest Fryslân op myn facebookside delset hie, lês ik dat de nije gemeente De Fryske Marren alle friksjekosten ferhelje sil op kultuer. De korpsen kinne it dus ferjitte. In inktswarte dei foar de muzykferienings. Wêrom? Wa leit my út wêrom as bestjoerders net it nut en foaral ek de needsaak ynsjogge fan muzyk meitsjen? Ha se dêr wol yn 'e gaten dat muzyk in earste libbensferlet is fan elk? Dat muzyk in part fan de opfieding heart te wêzen, lykas taal, rekkenjen en 550 citotoetsen yn it basisûnderwiis dat ek binne? Dat minsken dy 't muzyk meitsje har uterje kinne? Dat se emoasjes kwyt kinne yn 'e muzyk? Dat se mei har ynstrumint prate kinne, dingen sizze kinne dy 't se mei wurden faaks net witte? En dat it ek gewoan in prachtich, gesellich soasjaal barren is, sa 'n korps? Dat bern yn in jeugdkorps mear as wêr dan ek leare mei elkoar gear te wurkjen, letterlik ear en each foar in oar te hawwen? Dat it mei muzyk noch better wol as mei bygelyks fuotbal, omdat je it resultaat drekt hearre, wylst je wol prachtich fuotbalje kinne, mar as je ferlieze dan beseffe je dat net? Dat muzyk meitsjen yn in orkest, in korps of in band betsjut dat je mei elkoar wat prachtichs delsette, dêr 't ek oare minsken fan genietsje? Dat de wearde dus eins net yn sinten út te drukken is, mar dat dy aaklike, jildfrettende, prestaasjegeile rotpolitisy fan tsjintwurdich allinnich mar hurde euro's sjen wolle? Hat dat folk net yn 'e gaten dat immen mei in hobby dêr 't er hiel gelokkich yn is, minder op 'e dyk om sweeft en minder rottichheid úthellet?
Soenen de leden fan de dupearre korpsen fan de gemeente De Fryske Narren asjeblyft de dyk opgean wolle, by dei en by nacht en lytse kriminele aktiviteitsjes ûntploaie wolle om 't se har muzikale aai net mear kwyt kinne? Sadat it De Fryske Narren klauwen fol sinten kostet om se yn it gareel te hâlden?
En dit, leave minsken, wie de earste noch mar fan alle Megagemeenten. De fúzjes geane troch en der moatte hieltyd mear gatten stoppe wurde. Ús moaie Fryslân, dat sa fûleindich op it fel fan de Kulturele Haadstêdtromme slacht, klaait by de efterdoar syn lytse doarpsferienings út. Och ja, dy Mienskip...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten